Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
17 datasets found
Dutch Keywords: agent Place of Narration: Harkema
Yn Warffum wenne in arbeider, dy koe mear as in oar. Op in kear krige er myn hân beet en hy seach der yn. Doe't hy him in skoftje bistudeard hie, sei er tsjin my: "Dy hân hâldt forbân mei IJe Wykstra. IJe Wykstra fan Greategast, dat wie de man dy't fjouwer plysjes formoarde hie. Ik tocht nei, en doe wist ik it. De moarns, doe't dy fjouwer plysjes op 't...
nl.verhalenbank.33293
It mat gebeurd wêze by Freark Oosterbaan yn Droegeham. Dy wie dêr smid en hy hie der tagelyk in kroechje by. Om 11 ûre moest de saek sluten wurde. Dan moest it folk der út wêze. Hearke wie stille plysje en moest dêr op tasjen. Mar Hearke seach net op in kertier, dat it woarde meastal wol eefkes letter. Mar op in kear doe wie 't fòlle letter woarn, doe...
nl.verhalenbank.32767
Hearke wie ek stille plysje. Op in kear moest er mei in protte jild op 'e rêch nei Ljouwert ta. Underweis kaem der in man by him, dat wie in rover. Dy woe it jild ha en oars soed er Hearke deahouwe. Mar Hearke rêdde mei him. En doe boun er dy rover ek noch it jild op 'e rêch. "Draech dû dit mar foar my nei Ljouwert ta", sei er.
nl.verhalenbank.20834
Doe't Rixt fyftsjin jier âld wie, hat hja de plysje oer de banken smiten. Twa feinten krigen rûzje om har, doe kom de plysje der tusken. It woarde in rjochtsaek. "Foei, foei," sei de rjochter, "en dat een meisje van vijftien jaar." Mar hja woarde frijsprutsen.
nl.verhalenbank.23433
Imke de Jong hat mei myn heit ûnder tsjinst west. Sy koenen him noait birongje. Sy ha him wol opsluten hawn, mar dat joech neat. Op it lêst ha se him de knopen fan 'e jas snien en him gean litten. Hy hat Tseard van Dekken, de Hamster plysje, stean litten. Hy is us in kear út 'e gefangenis weiflucht. Net ien koe sjen hoe't er oer 't kanael kom is, mar op...
nl.verhalenbank.20665
Hearke wie ek plysje. Der kommen us twa ûnforskillige, rûge mannen út 'e Harkema oan. Dy gongen flokkende en mâltjirgjende oer de wei. Sa roannen se Hearke tomjitte. Dy hie se beet krige en oer de sleat slingere.
nl.verhalenbank.25911
Alde Wierd Kooistra syn soan Rinse hat Rapke timmerman (Wijma) formoarde. In maend foardat dat gebeurde hat Wierd syn wiif hwat sjoen. Doe kom der in wein oan sûnder hynders der foar. 't Hat sahwat yn 1912 west. Dy wein treau har en har nichtsje Pôpe Jantsje hast yn 'e hage. Mar der wie yn werklikheit neat. Fjouwer wiken neitiid hâldde dêr in auto stil...
nl.verhalenbank.21223
Yn 'e Feansterheide wenne in man dy wie ek tige sterk. Dat wie net in fornamen ien en de plysjes wienen mar hwat bang foar him. Op in kear hied er hwat útheefd en hy moest sitte, mar de plysjes doarsten him net op to heljen. Dêrom stjûrden se Hearke der hinne. Dy sei: "Hoe is 't mei dy?" Hy joech him de hân en knypte dêrby sa bot ta, dat it bloed, dat...
nl.verhalenbank.26168
Hearke wie ek stille plysje. Doe wienen der op in kear twa man yn Droegeham, dy hienen rûzje togearre. Hja hienen elkoar topakken en fechten om 't leven. Doe krige Hearke de beiden beet en luts se útelkoar krekt as se in harmoanika iepen lûke en sa die er se ek wer nei elkoar ta. Hy sei: "Fechtsje nou mar." Mar doe hienen se har bikomst.
nl.verhalenbank.25765
Imke de Jong wie op Hamster Merke. Dêr wie Tseard van Dekken ek, dy wie doe plysje. Dy stuts Imke de Jong de gek oan, mar Imke nom wraek. Hy liet Tseard stean, dy koe net in stap mear gean. Doe sei Tseard op it lêst: "Dû hast my hjir delset, mar hwannear litst my wer gean?" "Dû hast my de gek oanstutsen, dat silst aenst wol gewaer wurde", sei Imke. Mar 't...
nl.verhalenbank.17716
Tseard v. Dekken, de plysje fan Droegeham, stuts him de gek oan. Doe hat Imke him stean litten. Hy koe net in stap forsette.
nl.verhalenbank.22197
Ik kom us fan 'e Hamsterheide by Ruerd van der Veen wei. It wie tolwe ûre yn 'e nacht. Dêr seach ik in pelysje mei in flambou mei sluijer. Hy gong yn 'e rounte. Doe kom de moanne der troch. Der wie gjin pelysje mear to sjen, nòch in flambou. Hwer't dy bleaun binne, hat my altyd in riedsel west.
nl.verhalenbank.17470
Tseard van Dekken, de plysje wie op in kear mounich tsjin Ymke de Jong, doe't dy op Hamster merk kom. Doe liet Ymke him stean en sei: Mast my earst smeke, earder komstû hjir net wer wei. Tseard prebearre fuort to kommen, mar hy moest stean bliuwe dêr't er stie. Doe sei er tsjin Ymke: Hoe lang duorret dit noch? Ik kin dy hjir altyd wol stean litte, sei...
nl.verhalenbank.15887
Ymke de Jong, de bikende gûchelder, hie hwat útheefd en woarde to Ljouwert yn 'e gefangenis set. De doar kom op slot. Mar hy siet der noch mar even yn of hy belle. Doe't de sipier kom, sei er: Ik ha der neat op tsjin dat ik yn 'e gefangenis sit, mat dan wol 'k de doar op slot ha. Hwant de doar hied er al wer los. Se koenen in doar net sa bot skoattelje of...
nl.verhalenbank.15886
Imke de Jong hat yndertiid op Hamster merke de plysje Tseard van Dekken alris in skoft stil stean litten.
nl.verhalenbank.23918
Tseard van Dekken wie plysje yn 'e Ham. Mar it wie in gemene keardel. Hy koe it stellen sels net litte en is letter ôfset woarn. Sterke Hearke mocht him net sjen en hie rúzje mei him hawn. Mar doe kom op in kear mei Hamster merke Tseard op Hearke ta en sei: 't Mat nou ek mar ris in kear wer út wêze, net? Doe stuts er Hearke de hân ta. Hearke nom de hân yn...
nl.verhalenbank.15884
Imke de Jong wie in gûchelder, dy kom altyd op Eastemarre merke. Hy koe de minsken stean litte. Op Hamster merke hat er de plysje alris stean litten.
nl.verhalenbank.29365
35