Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: afweren Place of Narration: Harkema
Froeger makken se in krús fan klompen - alle klompen op 'e kop - om 'e nachtmerje to kearen. Dat krús, dêr koenen se net oer, dat wie it krús fan Jezus.
nl.verhalenbank.22226
As ien sawn op elkoarfolgjende dochters hat, is ien fan dy dochters in nachtmerje. In nachtmerje komt by oaren yn 'e hûs troch 't kaeisgat hinne en soms ek wol ûnder 'e doar troch. As men in fleartokke ophinget foar 't bêd kin men de nachtmerje keare.
nl.verhalenbank.25524
In nachtmerje wie in frommeske. Ien fan 'e sawn dochters, as der gjin jonge tusken wie, wie in nachtmerje. Gearte Harmke - in dochter fan Knjillis Hut en Hinke fan der Tuin - wie èk in nachtmerje. Har eigen susters ha 't wol forteld. As men in nachtmerje keare wol, mat men wyt moal foar 't bêd struije. Nachtmerjes flechtsje nachts wol flechtsjes yn 'e...
nl.verhalenbank.24343
Sy hienen by Jehannes altyd alle klompen foar yn 't gonkje op 'e kop. Dan knoffele de nachtmerje de skonken. Alde Tiet krige de skuld. Dat wie de nachtmerje, seinen se by Hindriks Truis. Dy hie us in kear by harren de reed lâns gong. Hja hienen 'navend' tsjin har sein. Doe hienen se òmsjoen, en doe wie se spoarloas verdwenen. Jehannes wie stjerrend-binaud...
nl.verhalenbank.22219
Ek us in kear, doe kom Jehannes thús, doe sei er: "Nou ha se my hwat oanret, dat helpt: Twa nije nuddeltsjes matte krúst boven de bêdsplanke yn 't hout set wurde. Hwant in nachtmerje mat troch de allerlytste gatsjes, en dêr kin se noait troch." In nacht of hwat gong it goed, mar doe wie 't wer mis. Doe hie de nachtmerje Jehannes wer topakken.
nl.verhalenbank.22218
As der minsken wienen, dy't sawn dochters hienen, dan wie ien dêrfan in nachtmerje. Sa'n nachtmerje kom nachts by de minsken. Sy kom earst op 't fuottenein, by de teannen en gong sa stadich omheech. Op 't lêst siet se op 't boarst en dan knypte se de minsken de hals ticht. Se kom yn 'e hûs troch 't kaeisgat. Dêrom lieten de lju de kaei nachts yn 'e doar...
nl.verhalenbank.22273
Myn skoanmem hat us in nachtmerje by har hawn. Doe wie se net rjocht goed. Dy nachtmerje sei: "Lang sil 'k jo net pleagje, mar 'k sil al even by jo sjen." As de toffels mei de hakken nei 't bêd ta stienen, krige men gjin lêst fan 'e nachtmerje, sei skoanmem.
nl.verhalenbank.21928
Ik wie wees en bin greatbrocht by Hindriks Trui, dat wie de mem fan Jehannes Jager. Dy hienen in winkeltsje. Jehannes wie doe noch yn 'e hûs. Ik slepte by Jehannes yn 't selde bêdsté. Jehannes hie altyd lêst fan nachtmerjes. Bouke Schievink siet sûnder kosthûs. Jehannes sei tsjin Trui: "Kin Bouke wol by ús yn 'e kost?' "Dat kin wol," sei Trui, "mar dan...
nl.verhalenbank.22217
De nachtmerje, dat wie de duvel. Se seinen, as se de nachtmerje hawn hienen: "De duvel siet my op 't boarst. De duvel smoarde my hast." Se ha wol probearre de nachtmerje mei de hannen to pakken, mar sy koenen him noait krije. As se der nei taestten wied er al wer fuort. De nacht-merje kom ek wol yn 'e gedaente fan in frommes. Sy wie sacht oer de hûd en sa...
nl.verhalenbank.19974
9