Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: afweren drempel
Myn man syn heit hie in pottekar in froeger jaren. Dan gyng it hynder nachts so gruwelijk tekeer. Nachts kwam de nachtmerje. Dy flocht flechten in de manen. Dat docht se sear, segge se. Minsken hebben ook last van nachtmerjes. Een nachtmerje is een frommeske. Ik hew wel papier in 't sleutelgat doen en de toffels omkeard foar 't bed set. En duveldrek onder...
nl.verhalenbank.25087
Nachtmerjes komme troch 't kaeisgat by de minsken yn 'e hûs. 't Binne yn 'e regel froulju, mar ek wolris manlju en soms ha se de gedaente fan in dier. As men jiske struide foar de drompel of foar it bêd, dan kommen se net, hwant dêr wienen se bang foar. Sy meije neat meinimme út in oar hûs en jiske, dat kleeft fêst.
nl.verhalenbank.24367
Se seinen froeger altyd, men mat de klompen achterstofoar foar de drompel sette, dan kin de nachtmerje der net yn komme. Der wienen ek wol guon dy struiden moal op 'e bêdsplanke en op 'e tekkens.
nl.verhalenbank.29777
De nachtmerjes hienen wy 't net op stean. Ien fan sawn dochters wie in nachtmerje. Sy kommen troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Sy leinen in stik roggebrea op 'e stoel foar 't bêd, dan koe de nachtmerje net komme. Myn wiif die altyd de skuon of de klompen of de toffels achterstofoar nêst elkoar. Dan koe de nachtmerje der net yn stappe. As jy op 'e rêch leinen,...
nl.verhalenbank.22921
Fan sawn op elkoar folgjende famkes is ien in nachtmerje, wurdt der wol sein. Om gjin lêst fan nachtmerjes to hawwen, set men de klompen wol omkeard del by de doar. Men docht ek wol duveldrek ûnder 'e drompel. Ek wol om 'e hals. Sy kinne troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme. In nachtmerje mei neat meinimme. Dêrom gong men ek wol hinne en strui hjir en dêr...
nl.verhalenbank.25468
Nachtmerjes koe men keare troch de toffels achterstofoar foar 't bêd to setten. Om tsjoensters to kearen lei men duveldrek ûnder 'e drompel. Dan koe de tsjoenster der net oerhinne komme.
nl.verhalenbank.29633
6