Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Dy't in nachtmerje keare wol, sizze se, mat moal op it boarst struije.
Ik ha ien kear in nachtmerje by my hawn. 'k Wie doe sa'n achtsjin, njoggentsjin jier.
Ik lei noch mar krekt op bêd, doe sûze der hwat. It wie it lûd as kom der in pypke jern by de doar del. 't Kom by my op 't fuottenein tolânne, sa hearde it.
Dêr ynienen bigjint it by myn fuotten. En...
nl.verhalenbank.24666
Guon hienen faek de nachtmerje by har.
Se koenen dan krûden foar 't bêd hingje. Nou wit ik net mear hokker. De klompen moesten omkeard foar de doar stean. Dat doch ik nòch altyd. Jy koenen èk moal struije op 'e tekkens en op 't gesicht. De nachtmerje koe oeral troch en sy gong jin op it boarst sitten.
nl.verhalenbank.24676
Fan sawn op elkoar folgjende famkes is ien in nachtmerje, wurdt der wol sein.
Om gjin lêst fan nachtmerjes to hawwen, set men de klompen wol omkeard del by de doar. Men docht ek wol duveldrek ûnder 'e drompel. Ek wol om 'e hals. Sy kinne troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme.
In nachtmerje mei neat meinimme. Dêrom gong men ek wol hinne en strui hjir en dêr...
nl.verhalenbank.25468