Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
20 results
Place of Narration: Rottevalle
Tsjoensters foroarje har yn katten. Dy katten forgaderje. Hja tsjoene krânsen yn 'e kessens fan 'e minsken dy't se bitsjoene. Se dienen duveldrek ûnder 'e drompels. Dan koe de tsjoenster der net oerhinne komme. De bern droegen duveldrek op it boarst.
nl.verhalenbank.29595
Leit men fleartokken krúst foar de doar dan kin men dêrmei de tsjoensters keare.
nl.verhalenbank.32976
De tsjoensters koenen har yn swarte katten foroarje. Krige sa'n kat in optuter, dan lei de tsjoenster de oare deis siik op bêd. De krâns yn 't holkessen woarde opbrând as der ien bitsjoend wie. Se gongen foar 't slachtoffer nei de duvelbander ta om ried. Dat wie âlde Hinse: Hinse Jehannes de Boer fan it Swartfean.
nl.verhalenbank.33789
Tsjoensters hienen de eksters yn bidwang. As de eksters dan moarns yn 't finsterbank of yn 'e beammen om 't hûs hinne sieten to skatterjen, dan kaem der ûngelok oer dat hûs. Dan krigen se hwat mei 't fé of mei de minsken dy't dêr wennen. Dat wie dan 't wurk fan in tsjoenster.
nl.verhalenbank.29584
Op Houtigehage woarde in bern bitsjoend. Se hienen wol yn 'e gaten hwa't dat dien hie. Der kom harren altyd in swarte kat achternei. Dy woe nei 't bern ta. Op in kear doe joegen se dy kat in skop. Doe wie de oare deis de buorfrou kreupel. 't Wie frou van der Meer. Sy makken 't bêd fan it bern iepen en doe siet dêr in krâns yn.
nl.verhalenbank.33051
Tsjoensters forgaderje soms. Dan sitte se as katten byelkoar en dan giet it drok op in sjongen. Dêr wurdt dan bisprutsen hwa't har slachtoffer wurde sil. Om 'e sawn jier mar in tsjoenster ien deatsjoene. Hja kinne op in biezemstôk ride. Dat is yn 'e Houtigehage wolris gebeurd. De mem en de dochter rieden togearre op sa'n biezemstok troch de loft, waerd...
nl.verhalenbank.32966
Yn 'e Houtigehage wenne in sikere Minke, dy hie in bern, dat wie bitsjoend. Minke woe lykwols sekerheit ha en dêrom makke se it holkessen fan 't bern iepen. En doe wie 't al sa, dêr sieten krânsen yn fan fear. Doe woe se noch wite hwa't de tsjoenster wie. De minsken retten har oan, sy moest spjelden siede yn wetter, dan kom de tsjoenster opdaegjen. Dat...
nl.verhalenbank.34449
Alle Tet wie de greatste tsjoenster fan 'e Harkema. Sy wenne op 'e Bulten. Sy koe har yn in kat foroarje. Op in kear, doe't se as kat oan 't spûkjen wie ha se har op 't eech slein. Sûnt hie 't minske altyd in blau eech. Ik haw har noait oars kend. Tet bitsjoende de bern. Dan gong ien fan 'e âlden nei greate Wopke ta. Dy joech in drankje mei en dan sei er:...
nl.verhalenbank.27725
As jo in swarte kat moetsje en dy rint dwars de wei oer foar jou egen, dan bringt dat ûngelok. In tsjoenster, sizze se, kin har yn in swarte kat foroarje.
nl.verhalenbank.34448
In tsjoenster foroare har soms yn in kat. Meastal yn in swarte kat. Soms krige sa'n kat wolris in opdonder. Dan wie de tsjoenster sa'n oare deis blesseard en roan yn 'e doeken. Hja koe krânsen yn 't holkessen tsjoene.
nl.verhalenbank.36110
As in tsjoenster in bern in apel of sa joech en it bern iet dy op, dan krige it in pod of in slak yn 't liif.
nl.verhalenbank.32969
Ik hie in kaffen kesen op myn fuotten lizzen. Myn suster makke myn bêd altyd op. Dy tocht: hwat is dat kessen bultich, dat mat ik mar ris iepenmeitsje. Dat hat se dien. Doe sieten dêr forskeidene bultsjes yn, dy wienen binaeid mei blauwe triedden. Se wienen allegear moai trochstikt. Dy triedden wienen út myn boezeroen wei. Hoe kin soks nou?
nl.verhalenbank.32968
Se dienen yn 'e Boelensloane wol duveldrek ûnder 'e drompel, hwant se mienden dat in tsjoenster dan net yn 'e hûs komme koe. As in mot biggen hie dienen se ek wol in pûdtsje mei duveldrek yn 't waeifet. Dat wie dan om 'e biggen, dat dy net siik wurde soenen.
nl.verhalenbank.36112
Ik ha wol lju kend, dy leinen duveldrek boppe op it kezyn fan 'e doar om feilich to wêzen foar tsjoensters. Oaren leinen it ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.33795
Wy wennen yn Houtigehage. Dêr wenne in bikende tsjoenster, dat wie Jehannes Wyts. Op in middei wie myn skoansuster by my. Hja hie har famke meinom, dat wie doe noch in poppe. Doe die se dat bern in skjin ruft ûnder. Doe seach ik dat dat bern in toutsje om 'e hals hie en dêr siet in lapke oan. Dêr siet hwat yn biboun. Ik sei: "Hwat is dat?" Doe sei myn...
nl.verhalenbank.33052
Yn 'e Harkema hienen se duveldrek ûnder 'e drompel, dan koe de tsjoenster der net oer komme. De bern hienen 't ek yn in pûdtsje op 't boarst. De bargen hienen duveldrek ûnder 'e trôgen. De duveldrek kochten se yn Drachten by David Flud (= de Vrieze). David Flud sei dan: "Even wachtsje, hy mat it noch lizze."
nl.verhalenbank.27728
Soms foroaret in tsjoenster har yn in dikke swarte kat. Op in biezumstôk ride se troch de loft. Yn 'e Houtigehage wenne in mem mei in dochter, dy't beide fleane koenen, nei't se seinen. Binnen de sawn jier mat in tsjoenster ien deatsjoend ha, oars giet se der sels oan.
nl.verhalenbank.37462
In suster fan myn swager tsjinne by in frou dy wie al op jierren. Dy fornaem dúdlik dat se nachts altyd yn har hier omplukten. Mar der wie noait hwat to sjen. Hja fortocht dy âld frou derfan en hja gong dêr wei. Doe kaem se thús. Mar dêr gong it krekt allyk. Altyd wie der ien dy plukte har hier út 'e holle. Hja hie de lampe nachts al op, mar dat joech...
nl.verhalenbank.32967
Yn 'e Houtigehage wenne Jehannes Wyts. Dat wie in tsjoenster. Dêr wennen minsken, dy hienen in poppe. Dêr kom altyd in swarte kat by harren yn 'e hûs en dy gong yn 'e bernewein lizzen. Doe sei de heit op in kear: Dy kat is âlde Jehannes Wyts! En doe hie hy der op slein. De oare deis hie Jehannes Wyts in hiele grouwe kop.
nl.verhalenbank.33062
Oan 'e Houtigehaechsterwyk wenne in tsjoenster. It wie Jan Mulder syn frou, Luts fan Ritske Ale. Njonken harren wenne in húsgesin, dêr wie 't jongste bern siik fan. 't Wie in jonkje. Dat woe net groeije, it tsjirme. 't Kin wolris bitsjoend wêze, seinen se en se gongen nei de duvelbander ta. Dy sei, hja moesten alles tsjuster meitsje yn 'e hûs, dat se...
nl.verhalenbank.37461
22