Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
20 results
Place of Narration: Mûnein
As de katten op 'e Heide raesden, seinen de minsken: Wemel is ek wer warber. Wemel, dat wie in tsjoenster, dy koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.30317
Tsjoensters ha it fral op bern munte. Se foroarje har sels samar yn in kat.
nl.verhalenbank.30055
Tsjoensters, dat binne oerdei froulju, mar nachts foroarje hja har yn swarte katten. Men hat sa'n kat wolris rekke, dan wie der de oare deis in frommes kreupel.
nl.verhalenbank.36607
De tsjoensters dy't har jouns yn katten foroaren leinen dan faek by elkoar ûnder 'e hage.
nl.verhalenbank.36618
De tsjoensters dy't op Sumarreheide wennen koenen op in biezemstôk troch de loft fleane, waerd der sein.
nl.verhalenbank.30359
In tsjoenster koe har foroarje yn in swarte kat.
nl.verhalenbank.36404
By de boer Jan Bonnes Algra yn Sumar hienen se altyd duveldrek ûnder 'e doarren om 'e tsjoensters to kearen. En ek yn 't waeifet, dêr't de keallen út dronken hienen se duveldrek yn in lapke mei in toutsje biboun.
nl.verhalenbank.30319
Rekke der in bern siik, dan waerden de kessens neisjoen. Kaem dêr in krânse út dan gongen se nei de duvelbander ta. De krânsen waerden forbaernd.
nl.verhalenbank.36623
To Raerd wie in man, dy fortelde, hy hie in skoft oer it wetter fan 'e Snitsermar omroan.
nl.verhalenbank.36622
Pake Tseard Dykstra (berne yn 1849) fortelde, dat hjir froeger yn Mouneein tsjoensters wienen, dy't har yn katten foroarje koenen.
nl.verhalenbank.30151
Der wenne hjir in frou, dy rekke siik. Hja tochten, hja soe wol bitsjoend wêze. Doe gongen se nei in duvelbander ta. Dy sei: "Ja, sy is bitsjoend. As jim aenst thús komme komt der ien by jimmes oan 'e doar. Dy wol yn 'e hûs. Dat is deselde dy't har bitsjoend hat." Doe't se wer thús wienen duorre it net lang of dêr kaem de buorman by de doar. Doe ha se dy...
nl.verhalenbank.36605
De muoike fan my, dêr't njoggen bern fan bitsjoend west ha foun altyd krânsen yn 'e holkessens. Dan gong se nei greate Wopke ta, dat wie in duvelbander, dy wenne yn Kûkherne. Dêr krige se dan medesinen fan.
nl.verhalenbank.30057
De lju leinen duveldrek ûnder 'e drompel as se de tsjoenster net yn 'e hûs ha woenen. Se joegen de bolle ek duveldrek yn, as er net springe woe.
nl.verhalenbank.30046
Us heit hat ûnder mear feint west yn Aldeboarn. Dêr wennen in pear âlde froulju, dêr wienen de minsken allegear hwat skrúten foar. Dy froulju doarsten se noait yn 't bûthús ha, hwant kamen se der yn, dan waerden de kij siik. Dat wie om 1880 hinne.
nl.verhalenbank.30045
Yn Sumar wenne in boer, dy hie in fanke, dat wie bitsjoend. Doe gong dy boer foar dat gefal nei greate Wopke fan Kûkherne, de duvelbander. Doe sei Wopke tsjin him. Dyn fanke sit ûnder in kweade macht, in hiele sterke macht. Dêrom jow ik dy nou gjin drankje mei, hwant dêr komstû dochs net mei thús. Dû mast nei hûs tagean en hjir wer komme mei in glêzen...
nl.verhalenbank.30318
Hil Murd fan 'e Sumarreheide wie in tsjoenster. Bern mochten net heal hwat fan har oannimme. Op in kear wie der in famke, dat krige in apel en in par fan Hil. It bern woe se mar gau opite, mar dat kearde har mem. Dy ûntnaem it bern de apel en de par en doe lei se dy yn in panne del. Se die it lid der op. De oare deis sieten der in grouwe pod en in kikkert...
nl.verhalenbank.30566
Ik haw in muoike hawn yn Gytsjerk, dy hat tsien bern hawn. Njoggen dêrfan binne deatsjoend. Op in kear stie de widze fan ien fan dy bern yn 'e keamer by de skoarstien. It bern lei der yn. Doe wie der in gleon fûgeltsje ta de skuarstien út kaem en dat hie op 'e widze taflein. In pear kear fleach it boppe de widze hinne en wer en doe wie it bern dea.
nl.verhalenbank.30050
Op in kear wie muoike oan 't spuonsykjen, doe seach se oan 'e oare kant fan 'e sleat in frou, dy hie in kroade by har. Even hie se de egen fan dat minske ôf. Doe't se der even letter wer nei seach wie dy frou mei de kroade oan diz' kant fan 'e sleat. It wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.30051
Klaes van der Veen wenne yn Mouneein. Syn frou wie siik. By de gewoane húsdokter founen se gjin baet. Doe gongen se foar har nei de duvelbanner ta. Dat wie Piter Poes, dy wenne op Sumarreheide. Piter Poes joech medesinen mei. Hy sei, hja moesten earst in gat ûnder 'e drompel fan 'e doar grave. Dêr moesten de medesinen earst twa wiken yn lizze en dàn pas...
nl.verhalenbank.30044
Yn 'e Sumarreheide wenne in âld minske, dat wie in tsjoenster. Har man wie in Dykstra, syn bynamme wie Murd. Hja wenne yn 'e helte fan in dûbele wente achter de woaningstifting. Dwarsoer wienen 't allegear heidedunen. 't Wie yn 'e winter en der lei in dikke laech snie. Doe kom dat âlde minske (dy tsjoenster) to forstjerren. Hja leinen it lyk op in...
nl.verhalenbank.30312
21