19 results
Dutch Keywords: moe
Twa reuzen wienen yn Eastemar. Sy moesten nei Wargea ta. It gong drok op in graven, sy dolden mei in heale pream. Doe kommen se by in doarp, doe seinen se: "Wy bin der samar." Doe krige dat doarp de namme fan Sumar. Doe't se in hiel ein fierder wienen seagen se in tsjerke stean mei in toer. Dêr gongen se tsjinoan stean. "Hè," sei de iene reus, "ik bin...
nl.verhalenbank.23819
Twa reuzen hienen de hiele dei drok oan 't graven west. Doe kommen se op in plak, dêr rêstten se even hwat út. De iene sei: "Ik haw in warge lea." Der wienen minsken dy hearden dat. En doe neamden se dat plak Wargea.
nl.verhalenbank.28528
Der wie in reus, dy hie 't o sa drok hawn. "Ik bin sa warch", sei er. Doe rêstte er ergens op in doarp mei de hânnen op 'e toer. Doe krige dat doarp de namme Wargea.
nl.verhalenbank.19657
To Wergea hienen in pear reuzen oan 't slatten west. De iene pûste efkes út en gong tsjin 'e toer oan stean. Hy sei: "Ik haw in warge lea." Dat hearden guon en doe krige dat plak de namme fan Wargea.
nl.verhalenbank.31898
Yn Wargea dêr hat in reus mei de earmtakken tsjin 'e toer oan line. Hy wie warch, sei er. Dêr hat it doarp de namme Wargea fan krige.
nl.verhalenbank.20662
Twa reuzen slotten in feart. Elk mei in heale bollepream. Hja wienen warch en woenen even bikomme. Doe linen se tsjin 'e tsjerke fan Britsum. Dy koe 't net hâlde ûnder sa'n swier gewicht en biswykte. "Ik brits him", sei de iene reus. It plak krige de namme Britsum.
nl.verhalenbank.20937
In pear reuzen hienen it tige drok hawn. Doe sloegen se har earms ergens om 'e tsjerke hinne en doe sei de iene tsjin 'e oare: "Hwat haw ik in warge lea." Guon hearden dat en doe neamden se dat plak letter Wargea.
nl.verhalenbank.20435
Waarom de Reuzen in Limburg zijn uitgestorven Men weet het, dat ons land vroeger door reuzen werd bewoond. Er waren reuzen in Drenthe, die hebben de Hunebedden gebouwd. Er waren reuzen op de Veluwe, die hebben daar de hooge bergen neergegooid. Er waren reuzen bij Hilligersberg; reuzen in Holland en Friesland. Bij Haarlem leefde een reuzin, Walberech was...
nl.verhalenbank.41780
Der wienen twa reuzen, dy hienen 't o sa drok hawn togearre. Doe leunden se ergens yn in doarp tsjin 'e tsjerketoer oan. Mar dy toer bijoech him ûnder it swiere gewicht. De toer bruts. Doe krige dat doarp de namme Britsum. In skoft letter wienen dy reuzen wer warch. Dêr wie èk wer in toer, in mânsken-ien. Dêr gongen se tsjin oan stean. Dy toer bleau...
nl.verhalenbank.33045
It kanael tusken Warten en Wargea is troch twa reuzen groeven. Doe't er oan Wargea ta wie sei de iene: "Ik bin warch." Doe lei er syn earmen op 'e goate fan 'e tsjerke om út to pûsten. De lju dy't it hearden ha doe dat plak Wargea neamd.
nl.verhalenbank.17043
Der wienen in pear reuzen, dy wienen drok oan 't wurk west yn 'e buert dêr't nou Wargea leit. De jouns gongen se tsjin 'e toer oan stean om even út to pûsten. "Hè," sei de iene tsjin de oare, "hwat haw ik in warge lea." Dat hearden guon, en doe neamden se it plak, dêr't dat sein woarde: Wargea.
nl.verhalenbank.23544
Der wie ek in reus dy wie ek oan 't kanaelgraven. Dy rêstte ek even tsjin 'e tsjerke út. "De lea binne my warch", sei er. Sa krige dat plak de namme fan Wargea.
nl.verhalenbank.21959
Yn Wargea wenne in reus. In skipper wie dêr kom mei in skûtefol branje. Dy branje moest deselde dei noch út it skip wei, mar de skipper seach der gjin kâns ta. Doe sei de reus: "Ik sil dy helpe." Hy nimt de hiele skûte út it skip wei en leget him omkeard op 'e wâl. Hy hie dy deis oan 't slatten west en dus hied er syn nocht. Om hwat út to rêsten lei er...
nl.verhalenbank.20934
Doe gongen se nei Akkrum en dêr gongen se tsjin 'e tsjerke oan stean. Mar dy rekke forbûgd. "A - krom", sei de twadde reus. Dêrfandinne de namme Akkrom.
nl.verhalenbank.20938
Sa hat Wargea syn namme ek oan in pear reuzen to tankjen. Dy hienen it drok hawn en rêstten even út tsjin 'e toer. "Ik ha in warge lea", sei ien. Doe't de minsken dat hearden neamden se dat doarp Wargea.
nl.verhalenbank.24940
Hoe't Wargea oan syn namme kaem. Twa reuzen hienen de hiele dei skript. Hja hienen oan 't graven west. Doe rêstten se even út. Hja leinen de hannen boppe op 'e tsjerke en de iene sei: "O warch, o warch, o warch!" De minsken dy't dat hearden joegen doe dat doarp de namme fan Wargea.
nl.verhalenbank.37697
Der wie us in reus, dy wie mei in feart oan 't graven. Dat die er mei in heale pream, it avensearde tige. Doe woed er efkes útpûste. Hy sloech ergens de hannen oer de tsjerke hinne en sei: "Hè, warch." Dat hearden guon en doe krige dat plak de namme Wargea. Doe skrabbe er de modder hwat fan 'e klompen ôf, en dy beide modderbulten binne dêr nòch altyd.
nl.verhalenbank.20903
Doe tochten se: Lit ús dan mar even tsjin dy oare toer oanlynje, dat liket in sterken-ien. It wie de Stienzer. En sjoch, dy bijoech him net, dy bleau stean. Dêrom hjit dat plak 'Stiens'.
nl.verhalenbank.20940
Doe gongen se nei de Falom. Mar dêr gong it har noch minder ôf, doe't se tsjin 'e tsjerke oanlinen. De hiele tsjerke foel om. Sûnt hjit it plak Falom.
nl.verhalenbank.20939
20