36 datasets found
Dutch Keywords: bed Place of Narration: Drachten
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Pake en beppe wennen op 'e Noarder Dwarsfeart. In broer fan pake, dat wie Geart Schriemer, dy wie bitsjoend. Hy wie sa siik as in houn en trille fan 'e koarts. Der wie altyd in dikke swarte kat by harren yn 'e buurt en dy hie pake yn 'e rekken. Dat wie de tsjoenster. Pake hie al in pear kear in raem op dy kat...
nl.verhalenbank.19863
Der wie in feestje op in doarp. Yn dat doarp wenne in faem, dy tsjinne by in boer. Hja sei de moarns: "Joun gean ik nei it feest ta en dan kom ik mei in feint thús, as is 't de duvel ek." Hja rekke nei dat feest ta. Doe kom dêr op 't lêst in feintsje by har, in kreas feintsje, knap fan snute en earen. Dy gong mei har nei hûs ta. Mar de boer seach fuort...
nl.verhalenbank.36710
Tiense Boomsma sawol as syn mem dy seagen altyd lykstaesjes fan tofoaren. Dan moesten se der ôf. Sy gongen dan yn 'e nacht foar 't glês stean. Dan telden se de minsken dy't der achteroan roannen en sy seagen nei 't hûs dêr't se weikamen. Doe't it âld minske al bot siik wie en op bêd bliuwe moest, gong se der nòch ôf en dan bleau se hiele skoften foar 't...
nl.verhalenbank.24670
In nachtmerje wie in frommeske. Ien fan 'e sawn dochters wie in nachtmerje. Men koe in nachtmerje keare troch in fleartûke foar 't bêd to hingjen.
nl.verhalenbank.23485
Heit fortelde, yn 'e Westerein hie in man west, dy syn wiif wie der alle nachten op út. Mar de man wist fan neat. As er wekker waerd, dan lei der in kouwepânse njonken him op bêd. Hy tocht al us: "Hwat kin dit bitsjutte." Doe op in kear geat er in amerfol siedend wetter oer dy kouwepânse hinne. Doe wie 't wiif der yn tûzen hasten oanstouwen kom, hymjend...
nl.verhalenbank.19323
Us beppe wenne oan 'e Dwarsfeart to Drachten. Elke saterdei kom dêr in boerefrou lâns mei in wite mûtse op en in koer ûnder 'e earm. Der wenne ek noch in frou njonken beppe en dy har bern rekke net goed. It woe mar net wer opknappe, it bleau gammel. De man sei: "It kin wol bitsjoend wêze." Sy krigen it kessen út 'e widze, dêr't it bern yn lei en sy...
nl.verhalenbank.11555
Ik wie sechstjin jier âld, doe bin 'k nei Dútslân ta rekke. Doe't ik dêr in skoftsje west hie, doe seach ik op in nacht klear dat der trije arbeiders oan kommen. Ik lei op bêd. 't Wienen arbeiders út Hollân. De iene hie in broek oan mei in oar stik yn 'e knibbel. Trije dagen letter wienen se der. Dy mei in forsette knibbel yn 'e broek wie in neef fan my.
nl.verhalenbank.23492
As it jouns letter woarde seinen se tsjin 'e bern: "Bern, jim matte ek op bêd, hear, hwant aenst komt de nachtmerje.
nl.verhalenbank.38663
Ik lei op in nacht op 'e souder njonken myn frou op bêd. Doe fielde ik dat der in fremde hân oer myn tekkens hinne gong. Ik wie klear wekker. Ik taestte nei dy hân. Doe wie dat in hiele lange kâlde hân mei lange neils. Ik tocht: dat kin noait de hân fan myn frou wêze en doe fielde ik ûnder 'e tekkens nei har hannen. Dy wienen beide lekker waerm. Fan hwa...
nl.verhalenbank.37024
Guon hienen faek de nachtmerje by har. Se koenen dan krûden foar 't bêd hingje. Nou wit ik net mear hokker. De klompen moesten omkeard foar de doar stean. Dat doch ik nòch altyd. Jy koenen èk moal struije op 'e tekkens en op 't gesicht. De nachtmerje koe oeral troch en sy gong jin op it boarst sitten.
nl.verhalenbank.24676
Yn Lúxwâlde wenne in tsjoenster, dy gong altyd nei de winkel om boadskippen, mar hja bitelle noait. De winkelfrou sei tsjin har: "Jo matte ekris bitelje." Doe kom dat frommes as in kat werom. De beide froulju hienen slim rûzje hawn. Doe't de winkelfrou de kat seach, goaide se har in tsjettelfol siedend wetter oer de rêch. "Hjir, dû smoarge tsjoenster,"...
nl.verhalenbank.26116
Ik wie boerefaem. Op in kear lei 'k yn 'e nacht op bêd. Doe hearde ik dat der in hynder oansetten kaem. It kom al tichter by myn bêd. Doe klaude 't my mei de poat. Dat die hiel sear. Dat hat in nachtmerje west. Hja seinen wol, fan 'e sawn famkes fan ien húshâlding wie ien in nachtmerje. Fan 'e sawn jonges fan ien húshâlding wie ien in wjerwolf. Die men de...
nl.verhalenbank.36926
Ik hie in houn, dêr gong ik nachts faek mei it fjild yn. Ik gong faek to stropen en ek wol gauris to murdzjen. Op in kear hie 'k der op út west mei in famyljelid fan my. It hountsje dat wy hienen wie tige waeks. Dat blafte altyd fuortdaelks as der ien oan kom. Yn 'e nacht gong ik wer mei myn hountsje nei hûs ta. Myn famyljelid socht ergens oars ûnderdak....
nl.verhalenbank.24661
Yn 'e omkriten fan Boelensloane wenne in frouspersoan, dy hâldde safolle fan har mem, dat sy wie der aeklik fan, doe't dy stoarn wie. Sy rôp altyd mar: "Hwat woe ik ús mem noch graech ris in kear wer sjen!" Doe, op in nacht, doe kom har mem by har oer de flier. De dochter lei op bêd. 't Ald-minske slierde op toffels. Doe't de dochter har seach, woarde se...
nl.verhalenbank.29387
De nachtmerjes hienen wy 't net op stean. Ien fan sawn dochters wie in nachtmerje. Sy kommen troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Sy leinen in stik roggebrea op 'e stoel foar 't bêd, dan koe de nachtmerje net komme. Myn wiif die altyd de skuon of de klompen of de toffels achterstofoar nêst elkoar. Dan koe de nachtmerje der net yn stappe. As jy op 'e rêch leinen,...
nl.verhalenbank.22921
Fan sawn soannen yn in húshâlding, dy't achter elkoar oan geboaren wurde, sûnder in dochter der tusken, is ien in nachtmerje. In nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Der wurdt biweard dat men de skuon mei de hakken nei 't bêd keare mat, dan komme se net by jin. Ik ha ek wolris heard dat ien fan sawn dochters in nachtmerje is.
nl.verhalenbank.26038
Yn Aldeboarn wenne in frou dy wie mei de helm geboaren. As der hwat to sjen wie moest sy der nachts altyd ôf. It hindere har bot en sy klage der faek oer. De lju seinen tsjin har: "Bliuw lizzen, minske." Mar hja sei: "Dat kin ik net." "Och", seinen se, en sy woenen it net leauwe. Doe sei se: "Jimme matte 't jim foarstelle as dat jim noadich pisje matte....
nl.verhalenbank.33157
Gerke Veenstra fan 'e Spekloane (Boelensloane) seach klear dat der elke nacht tusken tolve en ien ûre hwat by him op bêd kom. 't Gong op 't fuottenein sitten. De egen wienen earst sa great as thékopkes, dy woarden hyltyd greater, op 't lêst wienen se sa great as in pantsje. Elke joun kom dat ding. Dan wie Gerke fjûrbinaud. Syn frou lei by him. Dan sei er...
nl.verhalenbank.22926
Us beppe sei op in kear: Ik ha fannacht in nachtmerje by my hawn. Ik koe har wol op 'e stoel foar 't bêd stappen hearre.
nl.verhalenbank.33778
Auke Hornstra Rustoord, Drachten (B99) (komt fan Goutum (B57a)) fortelt: Yn Goutum wie in hûs, dêr spoeke it. Dêr dounse in pispot by in frou op 't bêdsbuordtsje.
nl.verhalenbank.25497
35