112 datasets found
Place of Narration: Zwagerbosch
Op in kear kom der in feint by de faem wei. Hy hie de hiele nacht by har opsitten en 't wie in eintsje yn 'e moarn op. 't Wie mendei. Hy soe fuort. Se stienen togearre bûten, doe sei er: "Ik mat fuort noch net hjir wei. Ik sil dy aenst wol sizze hwerom." Hy bleau in skoftsje stean to sjen. Doe sei er: "Nou is 't foarby. Nou matte jimme der ris om tinke,...
nl.verhalenbank.17090
Heit sei altyd: Jimme matte noait midden op 'e wei rinne, mar altyd oan 'e kant lâns, hwant der kin us in lykstaesje op 'e wei wêze en dan wurde jim oan kant reard.
nl.verhalenbank.17091
Spûkskuorren wienen op 'e Grinzer klaei op 't Hogeland. Dêr doogde it net, men koe net yn sokke skuorren sliepe.
nl.verhalenbank.16979
Froeger wenne hjir in âld man, dy hiet fan Knjillis. Dy moest alles sjen. As er op bêd lei moest hy der faek út. Op in kear, doe moest hy der wer út, hy moest wer hwat sjen. Mar hy koe yn 't tsjuster noait sa gau de klean oankrije, dat doe smiet er mar in wyt lekken om him hinne en sa roan er de wei út. It wie sahwat healwei fjouweren yn 'e moarn. In...
nl.verhalenbank.17093
Dy feint út Kollum wie mei de helm geboaren. Doe't er mei syn faem troude kommen se earst by syn heit yn Kollum yn to wenjen. Dêr krigen se in bern. Op in kear stienen hy en syn heit foar 't finster. Doe sei er tsjin syn heit: "Wol heit dêr even wei gean?" Doe't syn heit dat die, sei er even letter: "Nou kin heit der wol wer stean gean." Doe joech er de...
nl.verhalenbank.17092
Dy't setten hie moest in levende pod op it boarst bine, dan bikaem it.
nl.verhalenbank.16978
Hjir yn Sweagerbosk wenne in sikere Bontsje Kuipers. Dy moest altyd nei de plakken ta, dêr't in begraffenis kaem. Fan tofoaren seach er alles.
nl.verhalenbank.16968
Stammerige Harm wie in fremd man. Hy wie altyd warber, en wie in bytsje ûnforskillich. Hy koe tsjoene seinen de lju. Tsjin 'e jonges sei er: "As jim ûndogens binne, kom ik joun by jimme, en dan sil 'k in âld roek by jimme ta de hurddobbe út komme litte. Se seinen dat er wolris soldaetsjes ta de hurddobbe út komme liet, en dy liet er dan marsjeare.
nl.verhalenbank.17096
Der wenne in faem yn 'e Sweagerbosk, dy wie hwat wyld. Jouns wie se altyd bûten warber. Der roan altyd in greate, grouwe swarte houn by har lâns, dat wie in pleachbist. As se sei: "pleachbist", dan krong er tsjin har oan. As se sei "bêst bist", dan rekke er fan har ôf en rekke se him wer kwyt.
nl.verhalenbank.17097
Japik Ingberts stiel in hynder yn 'e omkriten fan Stêdskanael. Dêr gong er mei de kant út nei Grins. Mar ûnderweis wiksele der hyltyd fan hynder. Dan helle er in oar hynder út in stik lân en die itselde dat er lêst hie der foar yn 't plak. It allerlêste forkocht er yn Grins op 'e merk.
nl.verhalenbank.16982
Yn Burgum wenne sterke Fije, dy mat hiel hwat yn 'e bouten hawn ha.
nl.verhalenbank.16969
In wikseldaelder wie in ryksdaelder mei toverkracht. Kocht deselde dy't in wikseldaelder hie in poun tabak, en hy joech dy ryksdaelder, dan kaem dy wer yn syn beurs tolânne. Se moesten har oan de boaze forkeapje, dan krigen se in wikseldaelder. Stammerige Harm hie sa'n wikseldaelder, seinen se.
nl.verhalenbank.16980
It is sahwat krekt hûndert jier lyn. Heit wie noch feint, hy wenne by pake yn. Op in joun kom er thús mei de wein, dêr't er in pear jonge hynders foar hie. Pake wenne op in spultsje krekt oer 't spoar hinne. Mar it spoar wie der doe noch net. Doe't er oer it plak hinne ried, dêr't letter it spoar kom, wie der ynienen in heislik lawaei yn 'e loft. Heit...
nl.verhalenbank.17095
It gebeurde ek us dat Knjillis mei heit en noch in pear oaren oan 't sûkerij-dollen wiene yn Kollumersweach. Mar dat is al forskeidene jierren lyn. Doe hâldden se even tabak. Doe't dat sahwat dien wie en de oaren wer bigongen to dollen, bleau Knjillis stean en seach mar strak nei de hurde wei. Even letter bigong er ek to dollen. Doe wie der ien by 't...
nl.verhalenbank.17094
Imke de Jong wie in bikwame bûksprekker. Hy hat us yn in stêd west, dy hie sawn poarten. De lju ha him op itselde momint troch alle sawn poarten tagelyk ta de stêd ynkommen sjoen. Hy liet by syn heit it fé op 'e stâl dounsje. Op it lêst hat syn heit him fuortjage.
nl.verhalenbank.16981
De heit fan 'e bruorren Feddema ûnder Readtsjerk fortelde oan skoanheit, der siet yn 'e wâl ûnder Rinsumageast jouns in mantsje roungear op 'e hurken mei in gleon pypke yn 'e mûle en hiele gleone egen yn 'e kop. Dat mantsje spoeke dêr.
nl.verhalenbank.20501
Wy woarden as bern altyd warskôge: Yt noait hwat op dat in tsjoenster dy jowt, hwant dat foroaret yn in pod. Tsjoensters hienen popkes, dêr pripken se mei spjelden yn. Wy setten as bern wol in krús op 'e wei mei de klomp. De hiting wie dat de tsjoenster dêr net oerhinne komme koe.
nl.verhalenbank.20515
As der ien formoarde wurdt, giet dat faek mei bloed mank. As dat op 'e muorre komt, wol it der net wer út. Ik haw dat sels meimakke yn Dútslân. Doe woarde dêr ien yn in hûs formoarde. Der spatten bloedplakken op 'e muorre. Jierren letter, doe't ik dêr wer kaem, sieten dy bloedplakken dêr noch. ('t Wie in sikere August dy't dêr formoarde waerd.)
nl.verhalenbank.37727
Der wie ien dy woe him oan 'e duvel forkeapje. Hy kom mei de duvel oerien, hy soe in lears boppe yn 'e skuorre hingje, en dy soe de duvel fol jild smite. As er fol wie, hie de duvel rjocht op syn siele. Mar de moan hie de soale der gau ûnderwei slein. Dat de duvel dy smiet mar troch. De lears rekke noait fol. Op it lêst krige de duvel syn nocht fan it...
nl.verhalenbank.20529
Tusken Grypskerk en Visvliet mat in greate poel wêze. Guon ha us út dy poel in stem weikommen heard: "De tijd is der wel. de man is der niet." Even letter kom der in man op in hynder oan riden en dy is dêr fordronken.
nl.verhalenbank.20893