256 datasets found
Place of Narration: Veenwoudsterwal
De Aldehou to Ljouwert is op koehûden boud.
nl.verhalenbank.38311
Jierren lyn is der to Frjentsjer in moard gebeurd. Yn it hûs, dêr't it gebeurde, sitte de bloedplakken noch op 'e muorre. Se hawwe wol stikken út dy muorre weibrutsen, mar it bloed kaem like goed wer yn 'e nije stikken. Dat wie net wer út dy muorre wei to krijen.
nl.verhalenbank.38305
Hy wie boerefeint en hie de gewoante altyd let thús to kommen. Op in kear wenne er by in boer, dy hie dêr in hekel oan. Dat dy die de doar op slot. Mar de oare moarns lei Jehannes wòl moai op bêd. Hy wie der samar ynkom; fêste slotten joech er neat om.
nl.verhalenbank.37963
Alde Liuwe Kûper wie in fremd persoan. Dy hie hwat fan 'e kweade oer him. Op in kear lei er op bêd, doe wie 't krekt in lyk. Hy wenne yn in arbeidershûs, dêr hienen se froeger groppegatten yn. Doe wie der in stik fjûr troch dat groppegat gong. Dat wie op âlde Liuwe yngong en doe waerd er wer libben. Alde Liuwe Kûper wenne op Burgumerheide. Guon woenen him...
nl.verhalenbank.19644
Alde Fije Antsje wie in tsjoenster. Mar Fije woe dêr gjin praet fan hearre. Dy sei: "Ik kin tsjoene, mar Antsje net."
nl.verhalenbank.19650
Hy joech de minsken drankjes mei as der ien bitsjoend wie. Hy sei: "Dat drankje matte jimme yn 'e bûse stekke. Jimme matte dêr ûnderweis net nei sjen. Jimme matte it der pas útkrije as jim thús binne."
nl.verhalenbank.38067
Myn broer Foppe wenne op 'e Streek. Dy hie in baerch mei biggen. Dy wienen allegearre rûch en smoarch en gammel. Se wienen forjown. Syn kij forsmieten de keallen. It wie dúdlik, de boel wie dêr bitsjoend. Doe gongen se nei Wopke Minke ta. Minke joech har in stik guod mei. 't Like wol in stik fan in brânde baelder. Doe moesten se dat op in trochbrânde...
nl.verhalenbank.38073
Hy hat ek ris in petroaljekarre stil stean litten. Doe woenen de hounen net mear lûke. Sokke dingen die er altyd.
nl.verhalenbank.38098
De nachtmerjes kommen ta de slotsgatten yn.
nl.verhalenbank.21907
De froulju koed er de rokken ôfsakje litte.
nl.verhalenbank.38099
Myn omke sei altyd tsjin Binne: "Ik warskôgje dy ast my hwat dochste, hwant dan slach ik dy dea." Dan sei Binne: "Ik doch dy neat."
nl.verhalenbank.38072
Wopke hat mastere mei de dochter fan de Burgumer dokter Bogaarts. Dat fanke wie siik en har heit gong oer har. Mar hy koe it fanke net better krije. Doe sei de frou tsjin har man: ik wol ris mei it fanke út to riden. De koetsier ried de wein foar en de doktersfrou stapte mei 't sike fanke yn. De reis wie nei Kûkherne ta, nei Wopke, mar dat mocht de dokter...
nl.verhalenbank.38066
Hjir wenne in âld minske, dat hie ûnder elke drompel yn 't hûs duveldrek.
nl.verhalenbank.19651
Yn Kûkherne stiet in pleats, dy neame se it Spoekhûs. Dêr mat it yn earder tiden yn spûke ha.
nl.verhalenbank.19645
Hy koe de froulju de rokken útsakje litte. Dêrtroch wienen de froulju sa bang foar him.
nl.verhalenbank.37962
It gebeurde ek ris, doe socht it gerjocht Japik Ingberts. De plysjes wienen mei in rydtúch ta de stêd út kom, rjochting Grins. Doe't se oan 't âld tolhek ta wienen, stie dêr in âld mantsje. "Mei 'k mei ride?" frege er. Hja hâldden stil en hy koe mei ride. Doe hearde hy ûnderweis, dat se Japik Ingberts efter 'e broek sieten. Even foar de Bonkebrêge sei 't...
nl.verhalenbank.38304
As in houn spûkgûlde koe men der fêst fan op oan dat der in sterfgefal yn 'e famylje to wachtsjen stie. Us mem hat it faker as ienkear meimakke.
nl.verhalenbank.38310
Der binne tsjoensters, dy ha popkes dêr't se yn prippe om guon pine to bisoargjen.
nl.verhalenbank.38306
Sterke Fije wenne yn Burgum. Dy wie om fierrens ûnder tsjinst. Hy frege of er frij mocht fan 'e tsjinst, dan soed er it anker fan 1400 poun om 'e kaserne hinne drage, mar hy koe gjin tastimming krije.
nl.verhalenbank.37974
Hjir hat ek in sekere Ruerd Boonstra wenne. Dy koe ek bûksprekke. Hy wie ris op in kear by ús, doe siet ynienen ús kat yn 'e kast to razen. Mem der hinne, mar dêr wie net in kat to sjen. Even letter hearden wy de kat yn 'e kachel. Op it lêst krige mem it yn 'e gaten.
nl.verhalenbank.37960