2,932 datasets found
Dutch Keywords: voorloop Place of Narration: Sumar
Foardat de tram der wie, hearden se in gebolder. Dat wie de 'voorklank' fan 'e tram. 'Voorklank' is noait fan 'e wereld.
nl.verhalenbank.12264
Ik bin us mei in frommes oproan yn 'e Harkema. Doe seach dat frommes in lykstaesje, mar ik seach neat. Sy skuorde my rimpen fan 'e wei. Oars, sei se, wie 'k oan kant smiten woarn. Koarte tiid dêrnei is har man stoarn.
nl.verhalenbank.20218
Foar it spûkgûlen fan in houn wienen de minsken hjir deabinaud, hwant dat kaem altyd nei. Us heit en ús mem ek. Se hawwe 't faek ûnderfoun. Sa'n dier wit mear as in minske formoede kin.
nl.verhalenbank.32181
Yn Sumar hjir njonken, hearde ik yn 'e nacht faek timmerjen. Dat is noch mar in skoftsje lyn. Fuort dêrnei ha se dat nije hûs der delset. It wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.20221
Hjir dwars oer woarde alle jounen timmere. Mar as men der by kom wie der neat to sjen. Letter kom dêr in hûs to stean. Doe seinen de minsken: "Sjoch, dàt hat dat timmerjen west."
nl.verhalenbank.24512
Spûkgûlet in houn, dan komt der ien to forstjerren. In soad minsken hâlde stellich fol dat it sa is.
nl.verhalenbank.31903
Doe't de tram der noch net wie, seagen de minsken al gleone ljochten. Dat wienen de ljochten fan 'e tram.
nl.verhalenbank.24511
Piter Prikke biwearde altyd, dat er, foardat de tram ried, hy de lantearnen wol oankommen sjoen hie. 't Hienen wylde lantearnen west.
nl.verhalenbank.25627
Op 'e Sumarreheide ha de minsken wol gauris huzen fan tofoaren yn 'e brân sjoen, dy't letter opbrânden.
nl.verhalenbank.20399
Hjir wenje noch wol lju, dy't de lûden fan 'e tram heard ha foardat dy der noch wie.
nl.verhalenbank.32438
To Garyp seagen se op in plak jouns hyltiten ljochtsjes. Twa jier letter kaem op dat plak in boerespultsje to stean.
nl.verhalenbank.31481
Us heit wie noch net troud, hy hie al forkearing mei mem. Op in joun wie er nei har ta, doe ried sa mar ynienen de tram by harren lâns, hoewol dêr hielendal gjin tram wie. Twa jier letter kaem de tram der lâns; hja hienen dat dus fan tofoaren al sjoen.
nl.verhalenbank.31480
Yn Garyp wenne âlde Adolf. Dy hearde yn 'e nachten guon timmerjen flak njonken syn hûs. Hy sei: "Hjir wurdt timmere, hjir komt hwat." Doe kaem dêr gaueftich dêrnei in timmersaek.
nl.verhalenbank.31804
Alde Jelle Polderdyk hat yn Grinzer Pein wenne. Dêr is er ek stoarn, yn 't werkhûs. Dy Jelle fortelde heit dat er froeger de tram sjoen hie, dy ried oer de Mearumer heide. Dat wie noch fier foar de tiid dat de tram der echt wie.
nl.verhalenbank.32920
Wy ha hjir op 'e heide in houn hawn dy't spûkgûlde. Hy die it allinne as der in sterfgefal tichteby op komst wie, oars hearde men him net. Mar sokke tiden wie er net to hâlden, dan moest er nei bûten ta. Mem prebearre him dan wol yn 'e hûs to hâlden, mar dat koe se eins noait rêdde. Hy gong dan bûten sitten mei de kop achteroer en dan mei de eagen rjochte...
nl.verhalenbank.31805
Myn broer wennet yn Warten. Hy hat dêr wit hoe faek yn 'e nacht timmerjen heard, sûnder dat dêr hwat wie. It echte timmerjen gebeurde letter.
nl.verhalenbank.32480
Myn beppe fortelde, dat der hie in man yn Sumar wenne dy seach in bigraffenis. Dat hat west yn 1897. Hy neamde mar op en hy neamde mar op dy't achter it lyk oanroannen, hy koe se allegear by namme. Mar hy wist net hwa't der yn 'e kiste lei. In fjirtsjin dagen letter hied er sels dea west. 't Wie syn eigen bigraffenis, dy't er sjoen hie.
nl.verhalenbank.32916
Op in moarntiid, sahwat om fjouwer ûre hinne, kom der us in ljocht op my ta. Doe dwaelde 't ek wer ôf. Dat hat foartsjirmerij west. Dat binne nou de fleanmesines. Doe neamden we dat wylde lantearnen.
nl.verhalenbank.20231
As der ien tige siik wie en hy lei op stjerren, dan bigoun ús houn altyd to spûkgûlen. Hy seach it lyk fan tofoaren.
nl.verhalenbank.20393
Ik en Wibe Weening hienen op in joun yn 'e Harkema oan 't kuijerjen west. Doe sei Wibe tsjin my: "Mast even út 'e wei gean." Wy stienen in skoftsje oan 'e kant fan 'e wei. "Nou kinne wy wol wer op 'e wei", sei er. Hy hie in lykstaesje foarbygean sjoen. Mar ik seach neat. 't Wie Pytsje Alma har man, dêr't er de bigraffenis fan sjoen hie. Dy is koart dêrnei...
nl.verhalenbank.20224