656 datasets found
Place of Narration: Opende
Alde Albert Gjaltema fan Grinzer Pein hie in wikseldaelder. Dêrtroch hied er altyd jild. Dy daelder rekke noait op.
nl.verhalenbank.38693
Se hienen froeger duveldrek boven de doar hingjen om tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.38692
Guon stjûre in lege flesse mei in kaert (skoppenboer) der út. Dan komt even letter in folle flesse jenever oansweven. Dy't him fuortstjûrt mei him net oankrije.
nl.verhalenbank.38691
Sweitse Oldenburger fortelde: "Ik farde mei de boat, doe wie 'k op Readskuorre, doe trof ik dêr hwat by de hekke. Dêr stie de duvel mei de bek wiid iepen. En hy brulde hiel bot. Fan dy tiid ôf bin ik bikeard. Doe ha 'k it noait wer raer dien."
nl.verhalenbank.38690
Alde Sweitse Oldenburger wenne by in poel. Syn wiif wie stoarn. Alle kearen nachts tolve ûre roan se nei har dea om 'e poel hinne. Dan kom se by Sweitse op 'e strjitte en dan gong se yn 't finsterbank sitten. Sy koe de rêst net fine. Sweitse hie syn wiif hiel min bihandele. Dêrtroch seach er har altyd.
nl.verhalenbank.38689
Hjir yn 'e Pein roan ek in grouwe swarte houn om. Se biwearden dat dat èk in pleachbeest wie.
nl.verhalenbank.38688
Sipke Albert gong nachts faek nei de Feanster boat nei Ljouwert en Grins ta. Onderweis sprong him op it plak dêr't Gietema wennet in dier op 'e rêch en dat lei him de poaten op 't skouder. Dat dier wie tige swier. Dan moest er dat dier meidrage oan 'e AVEK ta. (dêr't de Warreboskloane bigjint). Dan gong 't wer fan 'e rêch ôf. Dan spielde Sipke fan swit....
nl.verhalenbank.38687
By âlde Sierd en Wytske yn 'e Grinzer Pein (de âlden fan Jelle de Vries fan 'e Parken) lei nachts it hea oer de telle hinne oer de hiele skuorre forspraet. De oare moarns lei 't allegear wer toplak. It spûke dêr.
nl.verhalenbank.38686
Yn 'e Omloop seagen de minsken nachts om tolve ûre altyd in frou. Dy hong dêr oer de hekke hinne. De measten doarsten dêr by nacht net lâns. Dy frou dy wie dêr fordronken om it omstapke fan 'e wringe. Dêr wie se útgliden. 't Gebeurde achter Surhústerfean by de Trije Roede.
nl.verhalenbank.38684
Tsjoensters foroaren har ek wol yn in dikke swarte kat. Der wie ien dy hie twa apels fan Rikele Myt krigen. Doe't hy der mei thús kom, mocht er dy net opite. Se hongen dy apels yn in kuorke oan 'e souder. Letter sieten der twa dikke podden yn.
nl.verhalenbank.38683
Alde Rikele Myt dy ha se as in hazze sjoen. Sy ha dy hazze it eech útsketten. De oare deis lei Myt op bêd. Sy wie hielendal opswold by de egen. Sy sei dat se belroas hie. Mar sy hienen har 't eech útsketten. Sy kom letter sûnder eech op 'e lappen. Hja wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.38682
Guon wurde mei de helm geboaren. Sokken sjogge fantofoaren bigraffenissen. Dan stjert der gauachtich ien. Sokke minsken wurde twongen om it to sjen. Sy kinne dan net op bêd bliuwe. Minsken matte jouns noait midden op 'e wei rinne. Hwant soms komt der in lykstaesje oan. Dan kinne se sa gau net fan 'e wei ôf komme. Dan geane se foar by de lykwein op, rjocht...
nl.verhalenbank.38681
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe bleau der in man by him stean, dy sei, hy moest dêr en dêr wêze. As Hearke him ek oanwize koe hwer't dat wie. Doe sei Hearke: "Sjoch, dêrre. Dêr wennet dy man dy't jo ha matte." Hy krige de ploech yn 'e iene hân en wiisde dêr it plak mei oan.
nl.verhalenbank.38680
Yn 'e Harkema wie in bern siik. De buorfrou sei: "Jimme matte yn 't kessen sjen, hwant dêr kin wol ris hwat út komme." Doe ha se 't kessen iepentoarnd. Doe siet dêr in krâns yn, dy wie omtrint ticht. Doe gongen se nei de duvelbander ta. Dat wie jonge Jan fan 't Wytfean. Jonge Jan joech in drank mei. Hy sei: "Tink der om. Underweis is der kâns dat ien dy...
nl.verhalenbank.38679
To Hurdegaryp wie in homeije mei in hekke, dy't altyd wer iepen gong, ek al waerd er noch sa goed fêstmakke.
nl.verhalenbank.38024
Yn Surhuzum waerd ris in âlde frou formoarde. Dat gebeurde yn 'e gong. It bloed spatte op 'e muorren. Dat bloed woe der letter noait wer wei. Us heit hat dêr wolris timmere. Hja wisken de bloedplakken wol út, mar 't bloed kaem der altyd wer troch. (Ien fan 'e moardners wie Harm Oldenburger; der wie in liet fan.)
nl.verhalenbank.38023
Syn soan joegen se 't selde nei. Dy kom ris in kear thús, doe wie him de hiele kop toklaud. "Hwat mankeart dy?" fregen se. "De duvel hat my fannacht tamtearre", sei er.
nl.verhalenbank.38022
Alde Sipke Albert fan Grinzer Pein lake noait. Hy hie in wikseldaelder fan 'e duvel. Hy wie fékoopman en koe dwaen en litte hwat er woe. Der wie noait jildgebrek. Mar der moest altyd in man wêze dy't him nei de boat tabrochte as it tsjuster wie. Allinne doarst hy der by nacht net út. Dan wie er deabinaud. Myn man syn broer hie in dochter fan him.
nl.verhalenbank.38021
Minsken dy't op stjerren lizze, mar net stjerre kinne, ha faek hwat oan dat op in snein naeid is. Men mat dat dan stikken knippe, dan is 't samar dien.
nl.verhalenbank.38020
Greate Jasper Veenstra wie hwat in rûch man. Op in snein hied er to kaertspyljen west. Doe't er wer op hûs oan soe waerd er ûnderweis op 'e Bethlehemsreed (Boelensloane) samar in ein fuortsmiten.
nl.verhalenbank.38019