2,831 datasets found
Dutch Keywords: voorteken Place of Narration: Kootstertille
Spûkgûlet in houn dan giet er mei koartens ien dea.
nl.verhalenbank.36763
Dêr't in swel nestelt, dêr komt gelok.
nl.verhalenbank.21671
As men nachts in swarte kat moetet, dan is dat in min teken. Wêz dan op jou hoede!
nl.verhalenbank.21682
Guon hearden de trein fan Ljouwert nei Grins fier fan to foaren al, foardat der noch sprake wie fan in trein, al to Sânbulten riden. Dat wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.32663
As kikkerts sjonge komt der oar waer.
nl.verhalenbank.21575
As der in spegel delkomt, dan komt der in sterfgefal. Dat giet altyd troch. It is faker as ien kear by ús gebeurd. As de spegel net stikken is, dan is 't fier fan jin ôf. As er stikken is, dan tichteby.
nl.verhalenbank.21603
Trape men op in pod, dan kaem der tonger, seinen se froeger.
nl.verhalenbank.29700
As der in ekster op 't hiem komt, dan komt der hwat nijs. In ekster is in nijs-bringer.
nl.verhalenbank.21661
As de kat him wasket, komt der bisite. De minsken matte goed achtslaen op 'e kat.
nl.verhalenbank.21662
Ik wie noch gjin 25 jier doe kom ik to wenjen op 'e Skieding tusken Oerterp en Grinzerpein. Doe wienen dêr minsken dy seagen dêr ljochtsjes, sa nou en dan. "Hjir komt hwat," seinen se, "dat kin net útbliuwe." En it bleau ek net út. De tram kom dêr lâns. 't Wie tjirmerij.
nl.verhalenbank.33535
As der in ramp komt fan it iene of oare flychtúch of sa, dan wyt ik dat ek altyd fan tofoaren. Dan hear ik dat oan 'e radio. Dan siz ik: "Der komt wer in ûngelok." It komt altyd nei.
nl.verhalenbank.21441
Doe't ik yn Westergeast wenne, hearde ik dêr altyd dúdlik de klok lieden. Dan wist ik altyd krekt as der wer ien stjerre soe. Dat hearde ik oan it lieden.
nl.verhalenbank.21440
Ik hearde ek altyd dúdlik as se mei planken omsmieten. Dan wie der neat to sjen. Dan sei 'k tsjin 'e bern: "Hjir komt wer in nij hûs, hear." 't Komt altyd nei.
nl.verhalenbank.27975
As in houn spûkgûlde, wie der meast in wike of trije letter in sterfgefal.
nl.verhalenbank.29557
Ik wie yn Westergeast útfanhûs by myn dochter. Doe hearde ik dêr timmerjen en der waerd mei balken smiten ensa. Ik sei: "Hjir sil skielk hwat gebeure." Myn dochter Klaske woe 't earst net sizze. Sy woenen 't stil hâlde, net ien mocht it noch wite, mar de saek soe fortimmere wurde. En 't is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.24847
Traepje net op in pod. Dan komt der tonger. Meitsje gjin kikkerts dea. Dan wurdt it min waer. Traepje gjin slakken dea. Dan komt der tonger.
nl.verhalenbank.36765
To Burum wenne in boer Jan Melles Kooistra. Dêr wenne in faem by de boer, dat wie Tet. Mei dy faem haw ik forkearing hawn. Der sloech yn dat hûs nou en dan in klok, dy't der net wie. De faem hie 't my forteld, mar ik woe 't earst net leauwe. Op in kear sieten wy yn 'e keuken. Doe sloech der in klok twa ûre. "Hearst it nou wol?" sei Tet. Ja, doe hearde ik...
nl.verhalenbank.29291
As der ien trije drippen bloed út 'e noas falle, dan giet er dea.
nl.verhalenbank.21604
As der ûnwaer komt binne de hounen bang.
nl.verhalenbank.21598
Op in moarn rûkte ik dat myn iten oanbarnde. Mar ik hie noch net iens iten op 'e kachel stean. Ik sei by my sels: Dit komt my net oer. Mar 't gebeurde wòl. Wylst ik de moarns oan 't itensieden wie kom der ien by de doar. Ik praette hwat lang. Ik forgeat it iten. Dat brânde oan.
nl.verhalenbank.21675