2,947 datasets found
Dutch Keywords: toverij Place of Narration: Kollumerzwaag
Op in kear kaem stammerige Harm my tsjin op 't paed nei de Swadde. "Sake," sei er, "hwat bistû meger. Sake, hwat bistû bleek." Ik hie pine yn 'e bek en sei tsjin him: "Ast my nou ha wolst, snij ik dy fuort de strôtte troch." En dat miende ik ek. Ik sei: Ik lit my net troch dy bitsjoene. Doe sei er: "Ik doch dy neat."
nl.verhalenbank.16995
By dokter Bontekoe yn Hurdegaryp wie in hekke, dy't altyd fansels wer iepengong as men him sluten hie.
nl.verhalenbank.15779
Op Sweagerfean wie in apelhôf by in boer. As men dêr yn 'e nacht ynkaem, kaem men der net wer út. Ik haw ris mei trije fan myn maten op in snein to-joun nei de froulju ta west en op 'e weromreis tochten wy, even hôfkesjonge. Mar dat bruts ús sûr op. Net ien fan ús fjouweren koe der wer útkomme.
nl.verhalenbank.17000
Ik staan een heel bult mensen niet. Je kunt 't aan de ogen wel sien of se tsjoenen kennen.
nl.verhalenbank.24295
Guon ha in toverboek. Dat ha se fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.25195
Ik wie by de boer oan 't wurk, Griet paste op 'e bargen. Mar 't wie nuver, wy woenen der sa graech in sint út meitsje, mar 't mislearre ús allegear. De dikste baerch woarde hyltyd sa slop as in skudeldoek. As Griet him fretten joech kaem hy der wol op ta, mar fleach der like hurd wer by wei en it brûs hied er om 'e bek. Myn swager sei: Dû litst der...
nl.verhalenbank.16106
It gebeurde wol, dat it by ús net tsjernje woe. De duvel sit wer yn 'e tsjerne, sei heit dan, it wol wer net. Dan gong er nei Wopke Minke ta. Dêr krige er guod fan. Dat kaem op in koaltsje fjûr yn 'e têst to lizzen en dat woarde dan rounstruid.
nl.verhalenbank.16103
Stammerige Harm woe gjin bilesting bitelje fan syn hounen. Doe moest er achter 't slot. Mar earst hellen de plysjes fan Bûtenpost him op om him to reinigjen. Hwant hy wosk him noait en wie sa smoarch as in baerch. Hy koe sa net yn 'e gefangenis. Mar doe't se him reinigen ha de plysjes raer opsjoen. Ien fan har hat it letter forteld. Harm hie twa pânsen...
nl.verhalenbank.16100
Japik Ingberts sprong samar oer de Bonkefeart.
nl.verhalenbank.22690
Ik hie trije bargen, dy rekken siik. As se op it iten tafleagen, krigen se in set. It wie dúdlik, dat se bitsjoend wienen. Doe ik nei Úlke Duvelbander ta. Dy die duveldrek ûnder 'e trôch, mei brea der by. Hwant brea is heilich, hè? Ek kaem der in fleske mei duveldrekswetter yn 'e tine, dêr't de bargen út dronken. Doe dienen wy 't hok fêst. Net ien koe doe...
nl.verhalenbank.16108
Guon koenen de flessen dounsje litte op 'e tafel.
nl.verhalenbank.29941
Tsjoensters matte om 'e sawn jier ien deatsjoene.
nl.verhalenbank.25190
Der wenne njonken ús in frommes, dat hie in pear beesten op stâl. Heit kom us in kear by har. Doe sei se tsjin heit: Sjoch ris, is dat gjin moai hea? En sy liet heit in topke hea sjen. It kin net moaijer, sei heit, it rûkt as krûd. Doe smiet se hwat fan dat hea foar de beesten del, mar net ien fan 'e kij dy't der in bek op sette woe. Heit stie forsteld....
nl.verhalenbank.16105
Skoanmem en Gauke wennen yn dit hûs. Doe binne wy der ynkaem. De flier wie doe noch net fan hout, mar it wienen allegear noch estrikken. Der wenne in âld mantsje, hjir tichteby. Dy brocht ús alle moarnen sûpe. Mar Griet smiet it altyd fuort, hwant wy fortrouden dy man net. Mar wy krigen nachts noait in wink yn 'e eagen. It wie nachts ien stik leven...
nl.verhalenbank.16107
Ik haw stammerige Harm alris in kear oantroffen, doe siet er yn 't bleate himd yn 't hinnehok mei egen sa great as thépantsjes. It wie in echte tovenaar.
nl.verhalenbank.16102
Ik siet yn 'e forkearing. Om sahwat halwei twaën kaem ik by de faem wei. Doe trof ik trije froulju en in man byinoar. De keardel smookte en hie in swart mûlstik yn 'e mûle. Ik sei: Goeije morgen. Mar se seinen neat werom. It wie by de Swadde. Se stienen drok to riddenearen. Ik koe se wol. It wienen bern fan 'e tsjoenster, dy't troch de strôtte sketten...
nl.verhalenbank.16057
Ik hew in friendin had, die haar beppe kon 't ook, seiden se. Ik hew nooit bij dat minske west, want ik was fuurbang der feur. Die vriendin fan my is helemaal útsukkeld. Haar eigen beppe had it daan.
nl.verhalenbank.24296
Soms wie de tsjerne bitsjoend, dan woe 't net bûterje. Dan dienen se der sâlt by.
nl.verhalenbank.29823
Der wienen minsken dy koenen roeken ta de hurddobbe út komme litte.
nl.verhalenbank.29943
Se kennen ook bomen siek maken. So'n boom begint dan te kwinen en gaat op 't laatst dood.
nl.verhalenbank.24283