2,572 datasets found
Dutch Keywords: hekserij Place of Narration: Kollumerzwaag
Wol men jin tsjin 'e tsjoensters hoedzje, dan mat men duveldrek ûnder 'e drompel dwaen. Dat is in ried fan âlde Joast Wiersma fan Jistrum. (dit lijkt mij niet waarschijnlijk, Joost Wiersma moest niets hebben van tovenarij. A.A.J.)
nl.verhalenbank.24710
Tsjoensters kinne troch alle gatten en kieren komme, èk troch 't kaeisgat.
nl.verhalenbank.24712
As der yn in húshâlding sawn op elkoar folgjende dochters binne, dat is net sa bêst. Dan is der in nachtmerje by of in tsjoenster.
nl.verhalenbank.25186
In tsjoenster rydt strampele op 'e biezem troch de loft.
nl.verhalenbank.25369
Tsjoensters matte om 'e sawn jier ien deatsjoene.
nl.verhalenbank.25190
Stammerige Harm wie in broer fan 'e tsjoenster dy't se as trijekleurige kat troch de strôtte sketten ha. De man dy't sketten hat, leeft noch. Hy fortelt dat forhael mei dy kat noch faek.
nl.verhalenbank.16099
Fan 'e tsjoensters moest der om 'e sawn jier ien dea, oars gong se der sels oan.
nl.verhalenbank.29506
Ik siet yn 'e forkearing. Om sahwat halwei twaën kaem ik by de faem wei. Doe trof ik trije froulju en in man byinoar. De keardel smookte en hie in swart mûlstik yn 'e mûle. Ik sei: Goeije morgen. Mar se seinen neat werom. It wie by de Swadde. Se stienen drok to riddenearen. Ik koe se wol. It wienen bern fan 'e tsjoenster, dy't troch de strôtte sketten...
nl.verhalenbank.16057
Ik hew in friendin had, die haar beppe kon 't ook, seiden se. Ik hew nooit bij dat minske west, want ik was fuurbang der feur. Die vriendin fan my is helemaal útsukkeld. Haar eigen beppe had it daan.
nl.verhalenbank.24296
Tsjoensters kunnen haar in alles feranderen.
nl.verhalenbank.24281
Wij hadden altijd duiveldrek op 't borst en onze kienders ook. De kienders hadden 't op 'e borstrok naaid. Myn iene dochter hat it nòch.
nl.verhalenbank.24278
Tsjoensters kinne melke út ruskepôllen. Dêr helje se wol in ammerfol molke út.
nl.verhalenbank.25371
As men hwat fan in tsjoenster oannimt, mat men it noait hielendal opite. Men mat der in hoekje fan oer 't linker skouder smite, dan komt der jin neat fan oer.
nl.verhalenbank.25368
Sake Hupert hie sels ek in nachtmerje by syn hynder hawn. It swit kom it dier ta de moanjes út. It hynder hie in hynstedek oer hawn foardat de nachtmerje kom. Doe't de nachtmerje fuort wie, hie 't nergens to finen west.
nl.verhalenbank.29508
Nachtmerjes sieten nachts op 'e hynders. Dan flochten se flechten yn 'e moanjes. Sake Huisman (bynamme: Sake Hupert) hie op Koatstertille west. Doe hied er heard dat der in nachtmerje by de hynders wie. 't Wie by in boer tichte by de brêge. De dieren hienen freeslik skopt en dien, dat wie op 'e wei to hearren. Dit hat Sake my forteld. De dieren hienen...
nl.verhalenbank.29507
To Koatstertille wenne in kûper, dy syn wiif koe tsjoene. Sy wie der hiel faek yn 'e nacht op út. Op in nacht, doe wie se wer fuort en doe foun de kûper op bêd, op it plak, dêr't se lein hie, in kouwepânse.
nl.verhalenbank.15748
Hjir wennen minsken, dy hienen in bern, dat raesde altyd, nachts en deis. Op in joun, doe kom de man thús mei twa lamkes, dy't er kocht hie. 't Wiif sei: "Ik bin forlegen mei 't bern, sa raest it." Doe sei de man: "Ik sil der ris in ein oan meitsje. Hwant dat bern is bitsjoend." Doe naem er it gewear fan 'e balke en hy gong nei de lankmoes ta bûtendoar (=...
nl.verhalenbank.16056
Fan in tsjoenster mochten wy neat opite, hwant dan krigen wy in pod yn 'e mage, waerd der sein.
nl.verhalenbank.29822
Nachtmerjes komme troch 't kaeisgat yn 'e hûs. De lju ha wol duveldrek ûnder 'e drompels om har to kearen.
nl.verhalenbank.25374
Ik ha wolris heard dat, as men in apel krijt fan in tsjoenster en dy biwarret men, dat it dan in pod wurdt.
nl.verhalenbank.25367