484 datasets found

Place of Narration: Kollumerzwaag

Filter Results
  • nl.verhalenbank.38622

    Der wenne in sekere Roel Postma yn 'e Westerein. Dat wie in timmerman en oannimmer. Dy hat in protte huzen boud. Mar hy makke it lêste hûs dat er ûnder hannen hie, noait ôf....
  • nl.verhalenbank.38621

    Yn Dokkum is in gebou, dat is fan de frijmitselers. It is in hûs mei dûbelde muorren, en sûnder skoarstien.Dy't lid is fan sa'n frijmitselersboun hat noait gjin forlet fan jild....
  • nl.verhalenbank.38620

    Ik ha wol minsken kend en by my hawn, dêr't ik in great hekel oan hie. Dy hienen de kweade hân. As se by de kninen kamen en se net kochten, dan koe men der mar fan op oan dat dy...
  • nl.verhalenbank.38619

    Myn pake dat wie Piter Bosma, dy wie plysje yn Feankleaster. Gemeenteplysje. Jouns 12 ûre moesten alle café's yn 'e gemeente sluten wurde. Dan reizge hy by al dy café's lâns, en...
  • nl.verhalenbank.38618

    Yn 'e Westerein wie ik frachtrider. Ik hie in feint op myn auto, dy hiet Sikko Klaver. Dat wie in earste raren. It koe him neat skele hwat er sei. Mendei-to-moarns hied er net...
  • nl.verhalenbank.38617

    Eksters en roeken by hûs bitsjutte ek in sterfgefal.De roek is de deagraver of de drager, de ekster de boade.
  • nl.verhalenbank.38616

    As der in houn spûkgûlde koe men der mar fêst fan op oan dat der yn 'e omkriten ien deagean soe.Us mem plichte to sizzen: Hjir tikket in wyld horloazje oan 'e muorre. Dat...
  • nl.verhalenbank.38615

    Greate Pier wenne to Kimswerd. Der wie in man dy reizge dêrhinne, dy woe nei Greate Pier ta.Greate Pier wie in boer en hy wie krekt oan 't ploegjen doe't dy man der oan kaem. Hy...
  • nl.verhalenbank.38614

    Tsjoensters binne yn steat har yn katten to foroarjen.Hja meitsje krânsen yn 'e kessens fan har slachtoffers.Binne der trije krânsen klear, dan giet it bern dea.
  • nl.verhalenbank.38613

    Oan 'e Boppewei spûke it. Guon minsken seagen dêr altyd hwat. Balling Heidstra, de pake fan 'e tsjintwurdige skuonmakker doarst dêr net allinne lâns. Op in joun kaem er dêr mei...
  • nl.verhalenbank.38612

    Yn 'e Westerein op 'e Dykswâl is de duvel oer de feart sprong, fan 't oasten nei 't westen. Dat is oan 'e ein fan 'e Koopmanswei. De print fan 'e poat is noch to sjen.
  • nl.verhalenbank.38611

    To Hurdegaryp, by it tsjintwurdige tehûs foar âlden fan dagen wie in hekke, dy koenen se net ticht hâlde. Guon ha der by wekke, fakernôch. Salang se der by wienen bleau de hekke...
  • nl.verhalenbank.38610

    Knjillis Veenstra fan Kollumersweach seach alles foarút. Hy hat foarút sjoen dat syn eigen dochter forsûpte. Har lykstaesje seach er ek. Hy wie mei de helm geboaren.As se dy...
  • nl.verhalenbank.38609

    Oan 'e Lange Loane (fan Sweagerfean nei de Triemen) wenne Boate Griet. Dat wie in tsjoenster. Hja hie poppen, dy stiek se mei spjelden yn 't boarst. Dy poppen stelden har...
  • nl.verhalenbank.38608

    By de Westerein oan 'e Boppewei op 'e hoeke by 't Spûkloantsje sit in kiste mei jild yn 'e groun. As de minsken nei dy kiste bigjinne to graven en se reitsje him mei de lodde,...
  • nl.verhalenbank.37384

    Achter Kollum kamen ris op in joun twa rovers, dy't der op út wienen om âlde minsken to formoardzjen en to biroven. Hja kamen by in âlde boer en fregen of se dêr ûnderdak krije...
  • nl.verhalenbank.37383

    Froeger gebeurde 't wol dat minsken de poaten fan 'e hynders sa bislaen lieten dat de hoefizers der achterstofoar ûnder kamen. Dat dienen se fral as se achterfolge waerden. Dan...
  • nl.verhalenbank.37382

    Der roun froeger in ûnderierdske gong fan 't slot fan Feankleaster nei Aldwâld.
  • nl.verhalenbank.37381

    As se froeger in menistetsjerke bouwe woenen en hja wisten net op hokker plak, dan lieten se in reabonte koe los. En dêr't dy koe dan lizzen gong, op dat plak bouden se de tsjerke.
  • nl.verhalenbank.37380

    Bouden se froeger in tsjerke en de groun wie sacht, dan brûkten se in koehûd as founemint.