3,305 datasets found
Dutch Keywords: sterven Place of Narration: Houtigehage
't Gebeurt wol dat in minske net stjerre kin. Dan wurdt der frege: "Hat se ek klean oan, op snein makke?" As dat it gefal is dan dogge se in knip yn 'e klean. Oars, seit men, wolle de siken der net út.
nl.verhalenbank.23867
Froeger, as der in widze yn 'e hûs stie, dy't leech wie, dan mocht men dêr net oan komme en der fral net mei soeije. Hwant oars gong it bern dea.
nl.verhalenbank.33012
Om 'e sawn jier mat der in frijmitselder dea.
nl.verhalenbank.23883
Piter de Graaf wie mei de helm geboaren. Dy wist altyd to sizzen hwer't mei koarten ien stjerre soe. Hy hat wenne oan 'e Dwarsfeart to Drachten.
nl.verhalenbank.29416
As jo drome oer fisk of oer hynders, dan komt der in sterfgefal.
nl.verhalenbank.29419
Alde Taeke Pyt hie har oan 'e duvel forkocht. Doe't in oar yn 'e earmoed siet, hie hja altyd sinten. Mar sy is in rare dea stoarn.
nl.verhalenbank.28048
Yn 'e Janke-dobbe, yn 'e Houtigehage, is froeger in frommes mei in bern forsûpt. Guon hearre altyd noch it lûd fan Janke jouns yn 'e dobbe, as se dêr lâns komme.
nl.verhalenbank.23587
Boardzer Bruining hie 't altyd oer lykstaesjes, dy't er fantofoaren seach. Hy wist altyd krekt yn hwat hûs as der ien stjerre soe. Mar dêr praet er nou net mear oer.
nl.verhalenbank.25877
As der ien net stjerre kin, mat men freegje: "kin er ek hwat oan ha, dat op snein naeid is?" As dat it gefal is mat men in knip mei de skjirre yn 't guod dwaen. Dat ha se ek dien by it famke fan ús mem har buorlju.
nl.verhalenbank.25862
Duveldrek is fan 'e geastlike kant. Leit der duveldrek ûnder 'e drompel, dan kin der net in tsjoenster oer komme. Docht se 't al, dan is 't har dea.
nl.verhalenbank.23793
Op 'e Sumarreheide is froeger us in berntsje deamakke woarn. En nei dy tiid gong de doar fan dat hûs altyd fansels iepen; dy koenen se noait ticht hâlde.
nl.verhalenbank.23796
Op 'e Skeanpaden yn 'e Houtigehage by 't lêste houtsje is froeger in bern formoarde. Dat bern spoeket dêr altyd noch om, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.23589
Frânse Hinke fan 'e Rottefalle tsjoende krânsen yn 'e kessens. As sa'n krâns foltoaid wie, stoar dyselde dy der op lei to sliepen. Der siet fan alles yn sa'n krâns. Allegear triedsjes fan dingen dêr't oan naeid of stoppe wurdt.
nl.verhalenbank.25611
In tsjoenster mat om 'e sawn jier ien deatsjoene. Oars giet se sels dea.
nl.verhalenbank.25174
As in houn spûkgûlt, kin men der mar fan op oan dat der mei gauwens in deaden komt. Dat giet altyd troch.
nl.verhalenbank.29410
As ien net stjerre koe, dienen se in knip yn 't himd.
nl.verhalenbank.31123
Yn 'e Blaudobbe to Houtigehage ha guon sjoen dat twa fordrinke soenen. Mar it is oan diz tiid ta net gebeurd.
nl.verhalenbank.25169
Alde Jehanne Durkje wenne yn 'e Boelensloane. Der wenne in famke by har, dat wie in beppesizzer. Dat bern hie dêr in min leven. Op in moarn kom âlde Jehanne Durkje mei 't famke by ús. Sy hie de kroade by har om baggelers op to heljen. Durkje wie kreupel. Doe't de baggelers yn 'e kroade sieten moest Durkje skouwe en 't famke moest lûke mei in tou. Mar dat...
nl.verhalenbank.29409
As eksters op 'e tún by hûs skatterje, dan komt der in sterfgefal.
nl.verhalenbank.25423
Minsken kinne net stjerre as se klean oan ha, dy't op snein makke woarn binne. Dan matte se dy klean earst út dwaen, dan is 't samar gebeurd.
nl.verhalenbank.24304