423 datasets found
Place of Narration: Houtigehage
Taeke Stienstra wenne yn 'e Houtigehage. Der wennen in soan en in dochter by him yn, dat wienen broer en suster fan Auke Stienstra. Hja hienen dêr buorkerije. Dy broer en dy suster ha har dêr beide fan kant makke. De broer hat himsels de hals útsnien en de suster hat har ophong. Sûnt dy tiid spoeket it dêr altyd. De minsken doarsten dêr jierrenlang net...
nl.verhalenbank.37798
As ien net stjerre kin, dan hat er faek hwat oan dat op snein naeid of breide is. Zondagssteek duurt geen week, seinen se altyd.
nl.verhalenbank.37797
In wjerwolf, dat wie ien, dy koe noait sêd, dy friet altyd troch. As der acht jonges yn in húshâlding wienen, dan wie ien dêrfan in wjerwolf.
nl.verhalenbank.37796
Pytsjemuoi, dat wie Auke Stienstra syn mem. Dy hie in wikseldaelder. Dy hie se fan 'e duvel. Hja siet noait sûnder sinten, hwant sa'n wikseldaelder rekket noait op.
nl.verhalenbank.37795
Dêr't in moart gebeurd wie bleauwen de bloedplakken sitten. Dy woenen dêr net wer wei, fral net út 'e flier. It wie dan wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.37794
Men koe net jan en alleman by 't fé litte. Der wienen guon dy hienen de kweade hân, dy makken 't fé siik. Sokken, dêr pasten de minsken foar op.
nl.verhalenbank.37793
De minsken dienen froeger duveldrek ûnder 'e drompel, omdat se bang wienen dat âlde Janne Luts oars by har yn 'e hûs komme soe. Janne Luts wie in tsjoenster. De bern droegen duveldrek op it boarst. Dat wie èk om har.
nl.verhalenbank.37792
Dy't yn 'e swarte spegel seach koe gewaer wurde mei hwa't er trouwe soe.
nl.verhalenbank.37791
Wy mochten froeger net op in pod traepje, oars kaem der swiere tonger.
nl.verhalenbank.37790
Tryn Snipel fan 'e Boelensloane wie kaertlizter. Wy gongen der wolris op in joun hinne. Dan krige Tryn de kaerten, skodde se troch elkoar en dan helle se der trije út. En dan sei se: Dit acht je niet, dat vergeet je niet, maar dat komt je wis. En dan naem se dy lêste kaert en sei, hwat der gebeure soe. Hja hâldde altyd in slach om 'e earmtakke. Hja sei:...
nl.verhalenbank.37789
Der wie froeger gjin tsjerke op Boelensloane. Se ha earst preke yn in âld spul by ús, yn in lange skuorre. Us heit die dêr alle wurksumheden, dy wie sahwat koster. Foardat dy skuorre as tsjerke brûkt woarde ha guon dúdlik heard dat dêr praet en preke woarde. Doe wisten se noch net iens dat dy skuorre dêr ta brûkt wurde soe. 't Is al sa lang lyn, wy wienen...
nl.verhalenbank.37788
Hjir is in dobbe, dêr ha se alris 'help help' yn roppen heard, sûnder dat der in minske yn wie. Nou tinke se dat dêr noch ris ien yn fordrinke mat.
nl.verhalenbank.37787
In nachtmerje wie in man of in frou, dêr't men deis oer prakkesearre en dy't dan nachts by jin kaem. Men moest hinnegean en stopje de kaeisgatten fol guod, hwant de nachtmerjes kamen altyd troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.37786
By de hulzenehage to Boelensloane spoeke in swarte houn.
nl.verhalenbank.37785
Op it tsjerkhôf to Boelensloane hâldden altyd gâns wylde kninen ta. Myn heit gong dêr faek hinne to kninefangen. Dat die er dan mei strikken. Myn broer Miente naem er faek mei. Dat wie doe in lytse jonge. 't Wie op in winterjoun by ljochtmoanne waer. Der lei snie. Heit en Miente wienen op 't tsjerkhôf. Doe kom krekt Germ Tuinstra (Germ Smous waerd er...
nl.verhalenbank.37784
Tsjoensters foroaren har yn katten. Faek hat men bisocht sa'n kat dea to sjitten, mar dy wie noait to reitsjen.
nl.verhalenbank.37707
"Ek in kear," sa fortelde Boardzer Bruining my, "doe wie 'k allinne thús. Ik siet yn 'e hûs. Doe waerd der op 'e doar kloppe." Ik sei: "Kom der mar yn." Doe kom der in man yn, dy gong njonken my sitten. Hy sei tsjin my: "Nou matte jo it tou krije en dan matte jo jo ophingje." "Och, ik ha gjin tou", sei Boardzer. "Ik wol noch sa graech hwat leve." "Wolle...
nl.verhalenbank.37706
Boardzer Bruining hjir seach altyd lykstaesjes. Hy fortelde my ris hwat fan in âld man. Dy âld man gong alle dagen noch nei de boer ta. Op in nacht, sei Boardzer moest ik út bêd wei - ik woardde dreaun - en doe gong ik foar 't rút stean. En doe kom der in bigraffenis oan. 't Wie de bigraffenis fan dy âld man. Mar dy âld man wie doe noch soun. In dei of...
nl.verhalenbank.37705
By joun mat men noait midden op 'e wei rinne, hwant mear as ien kom it oer dat er oan kant set woarde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.37704
In omke fan my kaem op in joun by de faem wei. Doe't er by de Bethlehemsreed kaem woardde er samar optild en yn 'e sleat smiten. Hy wie by ús folk yn 'e kost en kaem dweiltrochwiet oan. De duvel hie 't him flikt, sei er.
nl.verhalenbank.37703