1,725 datasets found
Place of Narration: Harkema
Hanne Foekes wie in ielfisker. Hy wenne to Eastemar yn in arke. Op 'e Leijen is er formoarde woarn. Op 'e Snakkerbuorren hied er syn wenskipke meastal to lizzen. As er ite woe, makke der twa pannen ré op 'e tafel. De iene panne mei iten wie foar Janmaet, sei er. De duvel hat him op 'e Leijen de holle omdraeid.
nl.verhalenbank.21926
Sterke Hearke ploege op 'e Dunen yn 'e Harkema. Der kom ien oer 't paed by him lâns. "Hwer sille jo hinne?" frege Hearke. "Ik sil nei sterke Hearke", sei er. Hearke sei: "Doch even geduld." Doe helle er de hyns út, hy krige de ploege fan achteren beet en tilde him op mei ien hân. Mei dy ploege wiisde er nei syn hûs. Hy sei: "Sjoch, dêr wennet er." En doe...
nl.verhalenbank.20596
Yn 'e Like stiet in slot, dat ha de Moaren dêr boud. Letter is dat yn hannen kom fan rikelju. Dêr wienen ek ûnderierdske gongen by. En sy hienen ek in skatkeamer. De faem moest wolris nei dy skatkeamer ta om 't spul dêr skjin to meitsjen. Dan biseach se 't spul altyd. Der wienen allerhande kostbere sieraden yn en sa. It famke fan dy rike minsken gong...
nl.verhalenbank.25788
Hoe't de nammen Eastemar, Sumar en Akkrum ûntstien binne: Der wienen in pear manlju út 'e Rottefalle, dy soenen in feart grave. Doe kommen se op in plak, dêr woenen se úteinsette. "Earst hjir mar bigjinne", sei der ien. Der wienen guon dy hearden dat en doe joegen se dat plak de namme Eastemar. Doe't se in ein fierder wienen kommen se op in plak, dêr sei...
nl.verhalenbank.32957
By de Sawn hûskes ûnder Eastemar stie in hûs dêr koenen se de doarren net ticht fan hâlde. (dit woarde har meidield troch har omke Piter Ophuis, dy't to Eastemar wenne en arbeider wie op in pleats tichte by de Sawn hûskes).
nl.verhalenbank.12355