4,461 datasets found
Dutch Keywords: sterven Place of Narration: Harkema
As ien net stjerre kin komt dat der meast fan dat er hwat oan hat dat op snein naeid is. Sokke klean matte dan losmakke wurde.
nl.verhalenbank.17444
Ik ha ús mem nei har dea sjoen mei de deadsklean oan.
nl.verhalenbank.12359
Trapet men in pod dea dan bigjint it to tongerjen. Dat woe ús mem net heal lije, dat wy dat dienen.
nl.verhalenbank.23916
Koe der ien net stjerre dan siet it him der faek yn, dat er hwat oan hie, dat op snein naeid wie.
nl.verhalenbank.25786
Hjir yn 'e Harkema wennen froeger guon dy koenen altyd krekt fantofoaren fortelle as der wer ien stjerre soe. Dy seagen de bigraffenis al fan tofoaren. Sokken wienen mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.29342
Wy hawwe 't meimakke hjir dat der ien op stjerren lei. Mar dyselde koe net stjerre, it hong der hyltyd mar tsjin oan. Doe frege der ien: "Hat er ek hwat oan, dat op snein naeid is?" Doe die bliken, hy hie in oerbaitsje oan, dêr wienen de knopen fan op snein oanset. "Snij dy der mar ôf", sei dyselde. Sy hienen 't net dien of de man wie rêst.
nl.verhalenbank.34588
In tsjoenster mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se sels dea.
nl.verhalenbank.22295
As ien op syn deadsbêd net ta stjerren komme koe, woarde der frege: "Soed er ek klean oan ha, dy't op snein makke woarn binne?" Dan moesten dy útdien wurde.
nl.verhalenbank.16093
Guon út 'e Harkema gongen nei de swarte spegel. Sy koenen der yn sjen, mei hwa't se trouwe soenen. As der net in man of in frou yn to sjen wie, dan wie 't in deakiste. Dat bitsjutte dan dat dyselde net trouwe soe.
nl.verhalenbank.16889
By de Pauloane, yn 'e Smoarhoeke ha se neakene berntsjes omrinnen sjoen, dy't net rêste koenen. Dy wienen al forstoarn. Dat wie ek sa yn Boelensloane en yn 'e Westerein.
nl.verhalenbank.28609
It gebeurde wol dat minsken, dy't stoarn wienen, letter werom kommen to spoekjen. Dan hienen se in bigearte. As dat om jild gong moest de dûmny der by komme om har oan to sprekken.
nl.verhalenbank.12352
Faek ha se my forteld dat in kanarjefûgel net mear sjonge wol as der ien yn 'e hûs stjert. Mar dan mat de kouwe hingje yn 'e keamer dêr't ien dea giet.
nl.verhalenbank.34522
Sije van der Veen ^ fan 'e Harkema hie in wikseldaelder. Hy hie noait forlet fan jild. Hy is letter oan in drankbiroerte stoarn.
nl.verhalenbank.28719
Ik ha wol heard dat in minske op syn stjerbêd noait hwat oan ha mat dat op snein yn elkoar set is, hwant dan kin er net stjerre.
nl.verhalenbank.23922
Jehannes van Minnen wenne yn Droegeham. Hy hie lân yn 't Leech by 't Bouwekleaster. Doe't er al in moai skoft dea wie ha guon him dêr forskillende kearen yn 't Leech sjoen.
nl.verhalenbank.21648
Berntsjes, dy't har léguod net krigen hienen, kommen letter wer. Men moest dan de tange krije en dêr it léguod mei tarikke. It brânde dan by de tange omt ôf.
nl.verhalenbank.12322
By Foanejacht, tusken Warten en Garyp wie in brêge. By dy brêge stie in hûs. Dêr wie ek yn dy buert in oerset. Dêr lei in skipke. Dêr wenne in heit yn mei syn dochter. Op in joun woardde der roppen. Der woe noch ien oerhelle wurde. De faem gong yn 't boatsje. Sy farde nei de oare kant ta. Sy hearde wol dat er hwat yn 'e boat stapte, mar hja seach neat....
nl.verhalenbank.16814
It gebeurde ris op in kear yn 'e nacht, doe kom in sekere Praamsma by de faem wei. Hy kom troch de Bosk yn 'e Harkema. Doe krige er dêr in lykstaesje to sjen. Hy wie sa binaud woarn, dat, doe't er letter thús kom, wied er by syn mem op bêd sprong. Even letter kom âlde Melle Dieuwke yn 'e Bosk to forstjerren. Dêr hie hy de lykstaesje fan sjoen.
nl.verhalenbank.28497
Dy't op snein de neils ôfknipt, sei heit, mat se letter, as er dea is, allegear wer opsykje.
nl.verhalenbank.28859
Dy't net stjerre kin hat in raer útein. Sy ha dan meastentiids hwat op har geweten dat se uterje matte. Sokken ha 't swier.
nl.verhalenbank.28858