1,725 datasets found

Place of Narration: Harkema

Filter Results
  • nl.verhalenbank.34590

    Der wurdt wol sein dat der by 't Bomkleaster in ûnderierdske gong is.
  • nl.verhalenbank.34589

    't Wie yn 'e winter en wol hast 100 jier lyn tink. It frear bot en it jongfolk wie der allegear op redens op út. Oan 'e Mûzegroppewei by Rottefalle wenne in widner: Sytse...
  • nl.verhalenbank.34588

    Wy hawwe 't meimakke hjir dat der ien op stjerren lei. Mar dyselde koe net stjerre, it hong der hyltyd mar tsjin oan.Doe frege der ien: "Hat er ek hwat oan, dat op snein naeid...
  • nl.verhalenbank.34587

    Heit fortelde ek, dat Ymke de Jong, dy wie in kear op Hamster merke west. Tseard van Dekken dy wie dêr stille plysje. Dat wie ien fan 't allergemeenste alloai. Tseard en Ymke...
  • nl.verhalenbank.34586

    Sa fortelde heit ek dat hy hie ris mei Ymke en in stik of hwat oare soldaten yn 'e kroech sitten, doe hie Ymke frege: "Is der ek ien dy't in goune foar my to lien hat? Dy krijt...
  • nl.verhalenbank.34585

    Ymke koe alle kunsten. Op in kear doe siet er yn 'e kroech. Hy hie allegear soldaten om him hinne. Hy sei: "Is der ien dy't my even in bûsdoek liene kin?""Jawol", sei ien fan 'e...
  • nl.verhalenbank.34584

    Op in kear doe krige er in swierdere straf. Doe woarde er 'krom gesloten'. Dat wie mei de fuotten krúst yn 't ket, de fuotten geboeid en de hannen geboeid op 'e rêch. Sa waerd...
  • nl.verhalenbank.34583

    Heit hat faek oer Ymke de Jong forteld. Hy hat mei Ymke ûnder tsjinst west yn Ljouwert.Ymke woe noait tsjinst dwaen, hy forpofte 't gewoan en brocht altyd alles yn disoarder....
  • nl.verhalenbank.34582

    Yn Hurdegaryp is in slot, dat wyt ik wol to stean.Der is in hekke by dat slot, dy kinne se noait ticht hâlde. Se ha dy hekke wol sa goed forsegele mei dikke slotten en kettings,...
  • nl.verhalenbank.34581

    Froeger woarde der altyd sein: Traepje noait op in pod, hwant dan komt der swier waer mei tonger.
  • nl.verhalenbank.34580

    As der ien yn 'e Harkema bitsjoend wie froeger, gongen se wol gauris nei Hinse Jehannes de Boer fan it Swartfean. Dat wie in duvelbander en in raren ien.Op in kear, doe wienen...
  • nl.verhalenbank.34525

    Hearke wie arbeider by Bindert Japiks op 't Bomkleaster.Dêr wienen se oan 't dongladen. Hearke en nòch ien. Doe hienen se in hiel dik foer op 'e wein. De twa hynders, dy't foar...
  • nl.verhalenbank.34524

    Hearke hat ek stille plysje west: onbezoldigd veldwachter.Op in kear moest er jild ôfleverje yn Ljouwert. It jild hie er yn in pûde oer 't skouder hinne. Der siet nochal hwat...
  • nl.verhalenbank.34523

    Sterke Hearke wie op it lân oan 't ploeijen. Doe kom der in man by him. Dy woe wite hwer't Hearke wenne. Doe loek Hearke de ploech ta de groun út, hy krige de beide sturten beet...
  • nl.verhalenbank.34522

    Faek ha se my forteld dat in kanarjefûgel net mear sjonge wol as der ien yn 'e hûs stjert. Mar dan mat de kouwe hingje yn 'e keamer dêr't ien dea giet.
  • nl.verhalenbank.34521

    As in houn spûkgûlt, dan komt der in sterfgefal, dêr kin men wis fan op oan. Wy ha 't sels meimakke, noch net iens sa mâlle lang lyn, mei ús eigen houn. Us mem leefde doe noch....
  • nl.verhalenbank.34520

    Hjir op 'e buert hat in man wenne, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest altyd bigraffenissen fan tofoaren sjen. Dat gebeurde faek by nacht. Hy hat it wol forteld. Dan lei er op...
  • nl.verhalenbank.34519

    Us mem warskôge ús altyd: "Tink der om, rin nachts noait midden op 'e reed lâns! Gean oan 'e kant."
  • nl.verhalenbank.34518

    In selde gefal gebeurde hjir ek oan 'e Wopke-loane, hjir fuort by, oan 'e oare kant Fokke Pander. Der seach in man in lykstaesje. 't Wie by nacht. De bigraffenis moest noch...
  • nl.verhalenbank.34517

    Hjir dwarsoer hat in hutte stien, dat wie net mear as in foech keet. Dêr wenne in âld minske yn. Dat âld-minske kom to forstjerren. Dêr koe net in wein op 't hiem komme, hwant...