1,497 datasets found
Place of Narration: Garyp Drachten
Greate Hearke wenne yn Aldegea. Hy wie ôfgryslike sterk. Syn eigenlike namme wie Hearke Douma. Hy wie us in kear oan 't ploeijen. Hy roan achter de ploeg. Doe kom der in man oan, dy frege hwer't greate Hearke wenne. "Hjir stiet er", sei Hearke en sloech mei de fûst op 't boarst. "En dêr wennet er", sei er, en doe krige er de ploege mei de oare hân beet en...
nl.verhalenbank.23043
Der woarde froeger altyd sein, yn it east fan Garyp roan in fôlle om mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.23094
Op 'e Burgumermerke stie froeger wol gauris in tinte mei in swarte spegel. It jongfolk makke der in bulte gebrûk fan. Sy koenen dêr de frou sjen, dêr't se letter mei trouwe soenen. Mar sy seagen ek wol us in deakiste. Dêrtroch wienen der èk in bulte dy't der nèt yn kommen.
nl.verhalenbank.22771
Doe't ik tsien jier âld wie, doe is my sjen litten hwer't ik letter komme soe to wenjen. Ik seach tige dúdlik twa nije húskes. De doar, de finsters, it dak, it hiele model seach ik sa klear, dat ik it noait wer forgetten ha. It ienen húske is letter ôfbrutsen. Doe't ik troude bin 'k yn 't hûs kom to wenjen. Ik herkende it. Dat wie sahwat yn 1910.
nl.verhalenbank.22981
Yn Warten koe Sjoerd Ages soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy liet er marsjeare. Hy brûkte in toverboek mei toverspreuken.
nl.verhalenbank.22995
Sterke Feije wenne yn Burgum. Hy wie ôfgryslike sterk. Hy en syn hynderke dienen it wurk togearre. As de wein út it skerngat moest en it hynderke koe 't net dwaen, dan gong Feije der foar stean. Sa dienen se 't wurk beurt om beurt of togearre.
nl.verhalenbank.27812
Myn broer Wytse - dy't forstoarn is - en ik reizgen togearre nei Drylst nei in pear susters, skippersdochters, dêr't wy doe forkearing mei hienen. De moarns werom reizgen wy oer Dearsum. 't Wie dêr tusken twaën en trijen yn 'e nacht. Ik sei tsjin Wytse: "Ik sjoch twa froulju op 'e dyk." "Ik èk, krektlyk", sei er. Ik sei: "Ien mei in reade en ien mei in...
nl.verhalenbank.31527
As in minske liuwefet by him hat, dan krijt net in houn him, as is 't ek noch sa'n kweaden-ien.
nl.verhalenbank.31533
Froeger wenne der yn 'e Westerein yn Garyp, yn it hûs dêr't Taeke Wagenaar wenne hat, in man, dy wie mei de helm geboaren. Der woarde soms by him op it rút kloppe. Dan gong dy man der út en hy frege ek net hwat it wie. Even letter kom er wer yn 'e hûs. Dan sei er: "Wy krije binnenkoart ek wer in deaden yn Garyp." "O ja?" sei syn wiif. "Ja," sei er, "ik...
nl.verhalenbank.21091
Myn beppe dy wenne op 'e Tike. Dy sei: "It is noait liker as slagge se altyd mar op izer om, krekt as rollet it iene izer oer 't oare hinne." Hja hearde it nachts op bêd. "Toe Teade," sei se dan tsjin pake, "hear dû ek us." Mar pake dy hearde it net. Letter is de tram dêr lâns kom. Dy hie krekt itselde lûd as dat hja heard hie.
nl.verhalenbank.21090
De boeren hienen tou om in stik duveldrek hinne en dat hongen se yn 'e sûpfetten fan 'e keallen. It hiet dan dat dy dan gjin keallesykte krigen, mar se ha my ek wolris forteld dat se dan net bitsjoend waerden.
nl.verhalenbank.31532
As heit nei in forgadering wie, gebeurde it soms dat mem nei in skoft sei: ik hear heit al praten, hy is op komst. Mar dan wie hy der net. Efkes letter kaem er.
nl.verhalenbank.31526
By Garyp hat in loantsje west, dat kom út to Feanhuzen. Dêr spoeke altyd in houn. As jy dêr op sloegen, dan sloech men der dwars trochhinne.
nl.verhalenbank.27813
Frijmitselders matte de dodenrit meitsje, en dat is net bêst. As men yn sa'n klub sit mat men wol wite dat der om 'e sawn jier ien dea mat. Dêr wurdt om lotte.
nl.verhalenbank.22994
Ik wie sa'n oardeljier lyn by de Kilometerwei ûnder Aldegea. Dêr stie 'k to sjen nei it terrein fan it ierdgas. Wylst ik dêr stie hie 'k hiel sterk it gefoel dat dêr ien fordronk. Ik sei: "Ik mat hjir wei, ik kin hjir net bliuwe." Ik wist net hwa en hwat dêr fordrinke soe. Nou in healjier lyn is Riemmer Benedictus dêr op 't selde plak fordronken. Dat hat...
nl.verhalenbank.22980
Us mem fortelde dat, doe't se noch faem wie, doe kom der us in feint by har yn Aldegea. Dy sei: "Sil ik us soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte?" Doe hied er dat dien en dy soldaetsjes bigounen moai to marsjearen.
nl.verhalenbank.22770
Yn 't east fan Garyp spoeke by nacht ek altyd in dikke houn om. Dêr wienen de lju bang foar.
nl.verhalenbank.23095
Us Auke moest moarns altyd nei de boer ta. Dy wenne yn 'e Westerein fan Garyp. As er dan de tsjerke foarby moest, seach er dêr altyd twa minsken sitten op 'e tsjerketrappen. Dy bleauwen dêr sitten, hwant as er omseach sieten se dêr nòch. Dat wienen spoeken.
nl.verhalenbank.23042
Op 'e Houtsjepaden yn 'e Sumarreheide wienen froeger us in pear murdejagers. 't Wie yn 'e nacht. Doe't se by in wâl wienen, tochten se: "Hea, dêr is noch in ljocht." Sy woenen der hinne, mar sy koenen noait by dat ljocht komme. Sy prebearren 't fan alle kanten, mar sy bleauwen wol fjouwer kampen fan dat ljocht ôf. Ien fan dy murdejagers, dat wie Binne...
nl.verhalenbank.23040
Op in snein-to-joun siet ik mei myn âlden en ús heit syn broer by de tafel to iten. 't Wie sahwat sawn ûre. Doe wie 't ynienen allegear lawaei. Der woarde timmere en mei planken en stiennen smiten. Wy hearden 't allegear hiel dúdlik en woarden der kjel fan. Doe't wy nei 't bûthús gongen om to sjen, stienen de kij allegearre oerein, dy hienen 't èk heard,...
nl.verhalenbank.23097