409 datasets found
Place of Narration: Eastermar
Doomny van Velzen fan Droegeham leefde yn 'e tiid fan 'e ôfskieding. Hy wie ien fan 'e earste 'afgescheidenen' en in bulte lju koenen dat net sette. Hy hie gâns fijannen. Op in kear - 't wie al let op 'e joun - doe kaem er to foet fan in forgadering werom. Hy moest oer in brechje en dêr yn 'e bidelte hienen twa mannen har opsteld. Dy wachten him op om him...
Trape men op in pod of slak dan kom der tonger, seinen se.
To Hurdegaryp, by 't hûs fan dokter Bontekoe, wie in hekke, dy't se nachts net ticht hâlde koenen. Dy gong altyd fansels wer iepen.
Wylde lantearnen hienen jy froeger oeral. Se seinen letter, 't wienen de fytsljochten west: foartsjirmerije.
Kommen de bern to ticht by de sleat, dan woarden se warskôge: Tink der om, aenst pakke de kikkerts dy.
Hearke wie yn Den Helder ûnder tsjinst. De tsjinst dêr hie er it mier oan en hy woe graech frij. Dêr lei in anker fan 1500 poun by de kaserne. Doe frege er de overste of er út 'e tsjinst wei mocht as er dat anker om 'e kaserne hinne tilde. Mar 't woarde him net tastien.
Hearke hie in bytsje buorkerije en hy hie ek in âld hynderke. As er dan in wein fol dong laden hie en 't hynder koe de wein net út it skerngat weikrije, dan luts er de wein der sels út.
Sterke Hearke wenne yn de Ham. Op in kear kaem der in jonge man by syn mem. Dy sei, hy woe Hearke wolris sjen. Mar Hearke wie net thús. Hwat er dan woe, frege Hearke syn mem. Hy woe wolris wite hwa't it sterkst wie, Hearke of hy. Doe sei de mem: "Sjoch, dêr achter 'e skuorre leit in grouwe bolstien mei in ring der oan. Dy matte jo mar ris optille." Mar...
Sterke Hearke hat arbeider west by de mounder op Koatstertille. Hwannear't der sekken sied omheech brocht wurde moesten tilde Hearke dy net by de leider op, mar hy smiet se sa fan 'e groun op 'e souder. Sa sterk wied er.
Atse van der Ploeg fan Eastemar siet ris mei myn pake Piter Jelkes yn 'e glêzen wein. Se rieden troch Sumar. Doe sprong der har yn Sumar ynienen oan wearskanten foar op 'e tré in gedaente, dy't dêr stie to klapperjen, krekt as wienen 't ingels mei wjokken. Se ha noait witen hwat dat wie.
Se leinen froeger duveldrek ûnder 'e drompels om gjin tsjoenster yn 'e hûs to krijen.
nl.verhalenbank.37614
To Eastemar wenne in tsjoenster, dy foroare har yn in kat nou en dan. Op in kear ha se de kat mei in stien smiten. Doe wie de tsjoenster de oare deis kreupel. (Wie 't Siis Iebeltsje?)
Sa'n 60 jier lyn gongen ús heit en dy ris nei de boer ta. Doe wie dêr in man op 'e fyts. Dy frege hwer't Jehannes de Boer wenne. Hy hie in jonkje, sei er, en dat wie bitsjoend. (Jehannes de Boer wenne op it Swartfean; 't wie in duvelbanner.)
Sjouke Beima wenne froeger yn 'e Harkema, letter yn Eastemar. Doe't er noch yn 'e Harkema wenne gong er ris op in joun nei hûs ta. Hy moest in stikje lân troch. Doe stie dêr in swart hynder by de hekke. Dat hynder roan him nei mei de kop oer syn skouder hinne. Sa roan it mei him it hiele lân troch. En der hie noch noait in hynder yn dat stik lân roan en...
nl.verhalenbank.37609
Alde Frytsen wenne yn Eastemar yn 'e foarige ieu. Dat minske gong nachts soms út bêd, dan seach se lykstaesjes.
Yn Kûkherne, fortelde heit, wenne in boer, dy koe gjin bûter krije. Dêr wie tsjoenderije yn 't spul. Doe hellen se Piter Poes fan 'e Sumarreheide op. Dy sei, de hiele molkenkelder moest útrikke wurde. Doe koenen se wer tsjernje.
Alde Siis-Iebeltsje wenne to Eastemar op it Waltsje. Hja wie bolrinster, mar 't wie ek in tsjoenster, seinen de lju. Der wie in siik bern by Durk van der Meer, in skipper. Dat hie hja bitsjoend. Doe binne se hinnegong en leinen duveldrek ûnder 'e planke fan 't skip. Doe kom Iebeltsje dêr net wer mei de bolkoer. Hja doarst net oer de planke, sei se.
nl.verhalenbank.36697
Jehannes Tsyske (= Jhs. Meerstra) wenne yn Feanwâldsterwâl. Op in kear wied er oan 't silen, rjochtop yn 'e wyn. Soks is ûnmooglik, dat bistiet net, en dochs, hy die 't. Soms liet er in ryksdaelder sjen, dan die er de hân even ticht en dan lei der in ryksdaelder yn syn hân mei in hiel oare byltnis der op.
Der wie froeger in feint, dat wie in sekere Ruerd, dy farde by Aen fan Huzen (fan Eastemar) op it skip. Se leinen mei 't skip by 't Huzumer fabryk. Doe hearden wy dat der in bern fan Aen van Huzen net goed wie. It tsjirme. Ruerd de feint waerd biskôge as de tsjoenster. Sy tochten dat hy it bern siik makke hie. Der leinen doe mear skippen en 't wienen dêr...
nl.verhalenbank.36695
Wy leinen mei 't skip yn Petersburch by Donkerbroek, om jirpels to laden foar 't jirpelfabryk yn Huzum. Op in moarn sei myn suster: "O, hwat haw ik fannacht in rare droom hawn!" "Hoe dat sa?" seinen wy. Wy seagen wol dat se hwat fan 'e wize wie. "Ik ha droomd," sei se, "dat Jehannes Boom wie dea. Ik seach foar myn egen dat er stoar. It wie allegear sa...
nl.verhalenbank.36694