2,002 datasets found
Place of Narration: Drogeham Harkema
Yn in boerespultsje ûnder de Ham rekke in bern siik. It bern tsjirme, dat wie skoan oan 't bern to sjen. Hoe't de dokter der ek mei omplastere, it joech allegear neat. It bern bleau in harterke, ja it kopke biklonk hoe langer hoe mear. Doe sei de buorman tsjin 'e heit fan dat bern: "Dû mast opjaen fan dokterjen. Der skeelt dat bern oars hwat. Dêr hat in...
nl.verhalenbank.15782
Guon út 'e Harkema hawwe ris in postloper formoardzje wold. Dat wie yn 'e buert fan 't Feanster tsjerkhôf. Sy stutsen him, mar it mes skampere foar in diel op 'e learen brievetas ôf. Dat sy rekken him mar in bytsje. Mar dêr foel àl bloed fan him op 'e wei. Dat bloed woe letter noait wer út 'e stiennen wei. Omdat it moardnersbloed wie. Dyselde deis ha se...
nl.verhalenbank.28880
As wy froeger by 't wetter kommen waerden wy warskôge foar de wetterwyfkes. Dat wienen tsjoensters, dy't op 'e biezemstok yn 't wetter delkom wienen om 'e bern to pakken.
nl.verhalenbank.28894
Der spoeke op 'e Ikkers ek in mantsje mei in kroade. Dat wie in hiel lyts mantsje. Guon biwearden dat er swart wie. Guon ha him wol sjoen. Dat mantsje flokte hiel bot. It sil deselde west ha dy't dêr nachts yn dat húske kaem. De measten doarsten net yn dat húske to wenjen.
nl.verhalenbank.37234
Doe't ik noch net troud wie, kom ik us in kear oer 't Wytfean. Ik wie oan 't murdejeien. 't Wie by nacht. Doe seach ik op 'e Bopperein in hûs yn 'e brân stean. Mar it brânde net. Letter is 't opbrând.
nl.verhalenbank.19917
Bauke Haarsma hie in wikseldaelder, seinen se altyd. Mar it nuvere is dat de man letter felyt rekke is.
nl.verhalenbank.20370
As der yn de Ham ien goed siik wie, dan moest er nei 't sikenhûs yn Ljouwert brocht wurde. Tseard de Vries fan Droegeham hie in omnibus, dy brocht sa'n siken dan nei 't sikenhûs ta. Mar in pear dagen letter dan kom sa'n siken-ien meastal to forstjerren. Dan moest it lyk der wer wei helle wurde. Dat wie Tseard syn wurk ek, mar dan moest er in help út 'e...
nl.verhalenbank.20364
Yn Den Helder hat Hearke ûnder tsjinst west. Mar hy woe och sa graech wer nei de Ham ta. Dêrom frege er de kaptein as er frij dan 'e tsjinst mocht, hwannear't er in anker fan 600 kilo om 'e kaserne hinne droech. Mar it woarde him net tastien.
nl.verhalenbank.20358
It teltsje fan 'e ploege.
nl.verhalenbank.20359
Alde Antsje Spoek siet yn 'e rogge of de hjouwer. Dêr woarden de bern bang foar makke, hwant dy mochten der net ynkomme.
nl.verhalenbank.20365
Oan 'e Lytse wei woarde froeger âlde Sytske formoarde. De bluodderige steden fan 'e fingers ha dêr jierren-lang by dat húske op 'e stamme fan in beamke stien. Dat bloed woe der net wer ôf. Letter ha se in krús set op it ikenhouten stambeamke. Yn 'e daem by dat beamke wie se formoarde.
nl.verhalenbank.20371
Myn skoanheit wie mei syn broer oan 't murdejeien. 't Wie nacht en sy wienen elk oan 'e kant fan in wyk. Doe wie der ynienen in hiele grouwe, swarte houn. It beest hie egen as koallen fjûr. Hy wie nou us by skoanheit, dan wer by dy syn broer. It wie gjin goed spul, skoanheit fortroude it net. Hy tochte dat it de duvel wie. Hy sei: "Ik raem him of ik sjit...
nl.verhalenbank.19916
In man fan Droegeham (it wie Hindrik Hoeksma sels) seach op in joun op 'e Ikkers in frommes yn 't wyt oankommen. Hy miende dat er har wol koe en soe har groetsje. Mar doe't er flakby wie, wie se samar ynienen fuort troch in daem. Der wie neat mear fan har to sjen.
nl.verhalenbank.37235
As skippers de sémearmin seagen en dy sylden om 't skip hinne dan wie der in orkaen op til. Sémearminnen, heal minske, heal fisk, kinne moai sjonge.
nl.verhalenbank.28895
Hjir oan 'e Lytse wei op 'e dyk stiet in ikebeam. Hindrik Borger wennet nou yn it hûs dat dêr by stiet. Dêr is al ris in âld-minske formoarde woarn. Dêr stiet noch in krús fan yn 'e ikebeam. Dat krús giet der noait út. Kappe se de beam om, dan komt it wer yn 'e nije stamme.
nl.verhalenbank.28881
Yn 'e Hamsterfeart leit in flauwe bocht: de Brabantse bocht. Dy namme is sà ûntstien: Doe't dy feart opnij opgroeven woarde, moest dy troch groun fan 'e tsjerke hinne. Der stie yndertiid in doomny yn 'e Ham, dy hearde dat. Dy sei: dy feart komt net troch tsjerkegroun. Doe moesten se by dy groun lâns en sadwaende kom der in flauwe bocht yn 'e feart. Omdat...
nl.verhalenbank.28897
Heit hat Hearke wol kend. Hy wie nochal lui, sei heit; hy makke noait haest.
nl.verhalenbank.28883
Us mem en dy wienen ris to jounpraten nei it fierste húske fan 'e Ikkers. Dat is der nou net mear, in jier of hwat lyn brânde it ôf. Dêr yn dat húske wenne âlde Jantsje doe. Wy sieten dêr, sei mem, doe woarde it sok swier waer. It gong dêr sa need, krekt as wie dêr in keppel skiep om 't hûs hinne dat lawaei makke. Wy seinen: "Doarre jimme hjir wol wêze?"...
nl.verhalenbank.37237
Om 'e sawn jier matte de tsjoensters ien deatsjoene, oars geane se der sels oan.
nl.verhalenbank.19928
Reid Keuning fan 'e Tille koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy liet er dan op 'e tafel marsjeare. Hy koe ek in flesse drank komme litte mei in kaert. 't Wie spiritisme, duvelskunsten.
nl.verhalenbank.20367