3,602 datasets found
Dutch Keywords: toverij Place of Narration: Drachten
Dy't in toverboek hie, koe dat noait wer kwyt wurde.
nl.verhalenbank.25053
Hepke Nút wenne ûnder Feansterheide. It wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.27491
Imke de Jong krûpte samar troch in balke hinne.
nl.verhalenbank.26124
Imke de Jong krûpte op 'e merken samar troch in peal hinne.
nl.verhalenbank.25586
Foar tsjoenderij lizze se duveldrek op 'e drompel.
nl.verhalenbank.26039
Klaes Kunst droech syn eigen holle samar ûnder 'e earm, ha se my wolris forteld.
nl.verhalenbank.27928
Ingbert Jelsma fan Oerterp fortelde, hy wie ris in kear oan 't fytsen, doe woarde er samar mei fyts en al opnom en even letter op 't selde plak wer delset. En der hie neat to sjen west.
nl.verhalenbank.33703
Guon litte wite mûzen ta de muorre op rinne. En dan der ek wer by del. Sy ekserseare. Kninen en hazzen ekserseare yn 'e nacht. Ik ha 't wol faek sjoen.
nl.verhalenbank.25245
As der in bern bitsjoend wie yn Aldegea gongen se nei Ruerd Wartena to Warten, of nei Wopke to Kûkherne of nei Sierd Feikes. Dy wenne nei Feanwâlden op. Dat wienen de trije meast bikende duvelbanners.
nl.verhalenbank.25046
Der binne guon, as dy by in houn komme, dan is dy houn fornield. Dan is er deadsbinaud. Dan is er net wach mear. As der ien komt, dan rint er fuort. Sokke minsken kinne mear as gewoan.
nl.verhalenbank.24004
Alde Minse Griper wie har man. Dy koe mei bihelp fan skoppenboer in flesse drank komme litte.
nl.verhalenbank.22919
Piters Hindrikje hat de bern fan Wytse Hountsje en Hinke èk bitsjoend.
nl.verhalenbank.33038
Taeke, dy't by de Blaudobbe wenne stjûrde Skoppenboer fuort en krige in flesse drank werom.
nl.verhalenbank.24692
Minse Griper liet soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme.
nl.verhalenbank.24693
Piter Scheper kom moarns ek wolris by ús, (Sytse de Boer), as wy sieten to kofjedrinken. As wy dan de kofje nei de mûle ta bringe soenen, siet it kopke oan 't pantsje fêst. (Dit fortelde deselde faem)
nl.verhalenbank.25404
By in tsjoenster mat men neat opite. Dat foroaret yn in pod.
nl.verhalenbank.23505
Yn myn jonge jierren hearde ik wol gauris dat de tsjerne bitsjoend wie. Dan woe 't net bûterje. Hwat se der oan dienen, wyt ik net.
nl.verhalenbank.33705
Fan in faem hearde ik - deselde faem dy't by Sytse de Boer tsjinne en in pleachbeest njonken har hawn hat - dat Sytse de Boer wenne njonken Piter Scheper. "As ik fuort woe," sei se, "dan wie Piter der soms samar yn kom en dan sei er tsjin my: - Dû kinst wol fuort gean, hwant dû krigest noait fan dyn leven de bûter klear, 't wol net -. As er dat sein hie,...
nl.verhalenbank.25403
Ek in kear, doe siet ús buorwyfke by ús. Doe wie Imke de Jong der ek. Doe sei 't minske: "Kom, ik mat der mar op út to boadskipjen." "As jo boadskipje wolle," sei Imke, "dan matte jo ek sinten ha." "Dy ha 'k wol", sei 't minske. "Binne jo dêr wis fan?" sei Imke. "Jawis", sei se. "Sjoch dan mar ris", sei Imke. Hja sjen en sjen en doe sei se: "Och heden, ik...
nl.verhalenbank.25585
Greate Jel wenne oan 'e Houtigehaechster wyk. It wie in tsjoenster. Hja hobbele yn 'e nacht mei in oanret skelkje foar op 'e planken om. Guon ha har dêr wol sjoen.
nl.verhalenbank.25619