3,972 datasets found
Dutch Keywords: sterven Place of Narration: Drachten
Dy't op syn stjerbêd klean oan hat dy't op snein makke binne kin net stjerre.
nl.verhalenbank.36661
As ien net stjerre kin mat men hinnegean en doch in knipke yn it nachthimd, hwant dat is dan op snein makke woarn. Men mat noait op snein neilknippe, oars groeije de neils net wer oan.
nl.verhalenbank.36937
Frymitselders hawwe in forboun mei de duvel. Om de safolle jier mat der ien dea. Dêr wurdt om lotte. Jildgebrek ha se noait, dêr soarget de duvel wol foar.
nl.verhalenbank.36711
Frijmitselders ha altyd wol sinten om hannen. Dy ha in forboun mei de duvel sluten. Om 'e safolle jier mat der ien fordwine. Der wurdt om lotte hwa't dat wêze sil.
nl.verhalenbank.36962
As sigeuners dea geane, smite se allegearre jild op 'e kiste.
nl.verhalenbank.27431
Frijmitselers ha noait forlet fan jild. Se dogge hwat se wolle salang se yn leven binne. Mar der moat elk jier ien fan harren dea. Se stjerre yn de regel in nuvere dea. Op 'e kop yn 'e sleat of sa. Der giet eins noait ien normael dea.
nl.verhalenbank.33226
Yn 'e Pein wie in man, dy moest stjerre en hy koe net stjerre. Doe gongen se der allegear út, op ien fan 'e famyljeleden nei. Dy sei: "Hat er ek klean oan dy't op snein makke binne?" Dat wie 't gefal. Doe ha se him der hwat oars foar oan dien en doe wied er samar wei.
nl.verhalenbank.27509
Myn mem har suster yn Stiensgea - Klaske-muoi - wie tige siik. Hja hie longûntsteking. Mem wie neat net bygelovich. Der komt in ekster oanfleanen by ús mem. Dy komt tsjin 't sydgleske oan. Doe blykte dat har suster overleden wie. De ekster wie de boade fan 'e dea.
nl.verhalenbank.27494
As jo ien hwat bilove, foardat er stjert, moatte jo dy bilofte neikomme, oars krijt de deade gjin rêst.
nl.verhalenbank.33340
Marten Skeet wenne yn Aldegea, yn 't lêste hûs. Syn frou hiet Doekel, dy koe mear as in oar, seinen se. Dy seach allerhande dingen dy't in oar net seach. Hja wie mei de helm geboaren en moest dan de lykstaesjes fan tofoaren sjen. Op in kear wie der in keardel yn Aldegea tige siik. Dat wie Jan Sjirks. Hy hie longontsteking en it like o sa slim. Der stie op...
nl.verhalenbank.33626
Myn wiif har beppe Tryntsje lei op it stjerbêd. Hja hie hwat oan dat hie skoanmem op snein yn elkoar set en doe koe 't âld-minske net ta stjerren komme. Doe ha se har dat útlutsen en doe wie 't goed. Hja die de egen ticht en wie dea.
nl.verhalenbank.33380
Men mat noait hwat oan in stjerrende bilove, hwant it kin us wêze, dat men it net folbringe kin. Dan komt de deade werom en kriget men der lêst fan. De deade hat dan gjin rêst.
nl.verhalenbank.23018
Yn 'e Rottefalle wenne in man, dy seach altyd de lykstaesjes. Dan sei er: Dêr en dêr ha 'k it sjoen, mar dy of dy wie der net by. Dan wie 't altyd dyselde dy't der net by wie, dy't stoarn wie (stjerre soe).
nl.verhalenbank.33158
As der ien dea giet, mat it fûgeltsje yn 'e kouwe forhong wurde, oars giet it dea of it sjongt net wer fan fortriet. As der ien stoarn is matte syn skuon op in oar plak set wurde, oars forbroeije se.
nl.verhalenbank.33777
Myn eigen heit lei op stjerren. Mar hy hie al in pear dagen sa lein sûnder dat er stjerre koe. Doe gongen se nei of er ek hwat oan ha koe dat op snein makke woarn wie. Dat wie it gefal. Sy ha it him útlutsen en hy krige der hwat oars foar yn 't plak oan. Doe wie 't samar klear.
nl.verhalenbank.27528
As eksters ticht by de doar skatterje, giet der ien yn dat hûs dea.
nl.verhalenbank.19374
As der ien is dy't net stjerre kin, dan kin it wêze dat er kleanspul oan hat, dat op snein naeid is. Dan mat men sa'n ien de klean útgoaije en him oare klean oandwaen.
nl.verhalenbank.26127
As in houn spûkgûlt, dan komt der in deaden. Ik ha 't sels fan ûnderfining. Wy hienen in houn dy hiet fan Bruno. Dy siet op in dei hyltyd to spûkgûlen. Hy hâldde mar noait op. "Dy forrekte houn", sei 'k. Even letter stoar mem oan in hartforlamming.
nl.verhalenbank.26119
As it slachtoffer trije folle krânzen yn 't kessen hie, gong se dea. (Antsjemoai hie trije folle krânzen yn 't kessen) De hiele Feansterheide hat der west om dy krânzen to sjen.
nl.verhalenbank.25213
Om 'e sawn jier mat in tsjoenster ien deatsjoene.
nl.verhalenbank.27765