1,190 datasets found
Place of Narration: Drachten
Fan in wjerwolf sizze se: Dy fret as in wjerwolf.
nl.verhalenbank.38666
Fan Sterke Hearke wurdt forteld dat er de ploech ris mei ien hân opnom hat en him rjocht foar him tstutsen hat.
nl.verhalenbank.38665
As it jouns letter woarde seinen se tsjin 'e bern: "Bern, jim matte ek op bêd, hear, hwant aenst komt de nachtmerje.
nl.verhalenbank.38663
Jan de Wylde wenne yn 'e Rottefalle. Dy wie mei de helm geboaren. Dy seach lykstaesjes fan tofoaren. Se seinen altyd: noait midden op 'e wei rinne by joun. Jy kinne oars ris troch in lykstaesje oan kant reage wurde.
nl.verhalenbank.38662
As de hounen bigounen to spûkgûlen, dan soe 't net lang mear duorje as der kom in deaden yn 'e buert.
nl.verhalenbank.38661
Myn âldelju wienen us to jounpraten. Sy soenen wer fuort om goed tolve ûre. Mar doe seinen dy lju: "Jimme komme tusken tolven en ienen net fuort, dat is gefaerlik: dan is alles warber." Doe binne se dêr bleaun oan ien ûre ta.
nl.verhalenbank.38660
Bloedplakken, troch in moard ûntstien kinne net wer útwiske wurde.
nl.verhalenbank.37939
Frijmetselders ha har oan 'e duvel forkocht. Hja ha noait forlet fan jild. Hja kinne 't altyd skoan rêdde.
nl.verhalenbank.37938
Dy't net stjerre koe hie op it stjerbêd it iene of oare oan, dat op snein naeid wie. Men moest der dan in knip yn dwaen dan koe sa'n persoan rêstich stjerre.
nl.verhalenbank.37937
Op 'e merk yn in tintsje koenen jo yn 'e swarte spegel sjen. Dan wisten jy mei hwa't jy trouwe soenen. Mar ik ha noait yn sa'n tintsje west.
nl.verhalenbank.37936
Guon koenen mei in spylkaert in flesse drank komme litte. Bipaelde minsken kinne dat. Nêst in 60 jier woarde dat noch wol dien.
nl.verhalenbank.37935
Se dienen foar in 40 à 50 jier noch duveldrek ûnder 'e drompel om gjin lêst fan in tsjoenster to hawwen en de bern droegen it yn in pûdtsje op it boarst.
nl.verhalenbank.37934
De tsjerne moest foar de nacht út it wurk set wurde, oars gong 't yn 'e nacht op in tsjernjen. De brake krektsa, oars waerd der brake yn 'e nacht. En ek it spinwiele, oars spounen se yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.37933
Wy mochten neat fan Rikele Myt oannimme. As de minsken in fremde kat seagen, seinen se: "Tink derom, dat is Myt." As hja skeind wie seinen se: "Sjoch, sy hat fannacht wer in klap hawn."
nl.verhalenbank.37932
Der binne minsken dy matte jy noait by 't fé litte, hwant dat is net fortroud. Dêr kin hwat út fuortkomme. Se meitsje 't fé siik.
nl.verhalenbank.37931
As bern bitsjoend rekken gongen se nei in duvelbander ta. Men foun by sa'n bern krânsen yn 'e kessens. Dy woarden opbrând en bigroeven. Der mocht neat fan boven de groun bliuwe.
nl.verhalenbank.37930
As Myt skrammen op 't gesicht hie, seinen se: "Hja hat fannacht wer der op út west en guon ha har rekke."
nl.verhalenbank.37929
Heit hie in stik heide kocht, dat wie by de Skieding. Dat hie er mei twa oaren kocht. Der sieten seadden op en mei har trijen wienen se dêr oan 't baggerjen. Us mem en de beide froulju fan 'e oare manlju gongen dêr dan mei har trijen hinne, elk achter in kroade, om turf op to heljen. Dat wie in hiel ein fan hûs en sy namen de bern mei. Dan moesten se by...
nl.verhalenbank.37928
Greate Tiense fan 'e Boelensloane wie mei de helm geboaren. Dy seach lykstaesjes fan to foaren. Dan koed er sizze: dy en dy rekket ek wei, ik ha de bigraffenis sjoen. Sa fortelde er ek fan ien dy't mei forlof thús wie fan 'e tsjinst: ik haw syn bigraffenis sjoen fannacht. It wie in kammeraet fan Tiense. De soldaet wie siik thúskom. In pear dagen letter is...
nl.verhalenbank.37927
Berntsjes dy't gjin deaklean meikrigen ha, spûkje ek. Dy kinne de rêst net krije. Yn 'e Boelensloane wienen sokke berntsjes. Dy wienen neaken. Guon ha har sjoen.
nl.verhalenbank.37926