1,115 datasets found
Place of Narration: De Westereen
Der wienen wol mear lju dy't hwat seagen by nacht, sûnder dat dat bikend woarde. Ik ha faek fortellen heard, as sa'n ien ûnderweis wie mei in oaren, dat er dan soms sei: "Even oan kant gean." Dan seach er, dat der in lykstaesje passeare moest.
nl.verhalenbank.29802
Yn Hurdegaryp, by it slot fan dokter Bontekoe, is in hekke. Dogge se dy ticht, dan giet er fansels wer iepen. It doocht dêr net by dy hekke.
nl.verhalenbank.33682
De frijmetselers dy ha har oan 'e duvel forkocht. Dêr krije se jild foar yn 't plak. As it op is hingje se de lege jildponge oan 'e doar. De oare deis is er wer fol.
nl.verhalenbank.33866
Hjir hat in sekere doomny Knoop stien yn 'e grifformearde tsjerke. Dy man koe net stil stean bliuwe yn 'e preekstoel. It wie krekt in duveltsje yn in doaske. Dan seach men him hast net en dan stuts er wer in ein ta de preekstoel út. Doe sei er in kear yn 'e preek: "Zo zie je me en zo zie je me niet." Dat ha de minsken goed ûnthâlden. Dat wurdt noch altyd...
nl.verhalenbank.33872
Myn skoanmem hat wol faek forteld, hja stie ris by de brêge hjir yn 'e Westerein, doe hearde se trije kear hiel dúdlik 'help!' roppen. Mar hoe't hja ek seach, der wie neat to sjen. Dy winters binne dêr op dat plak trije bern forsûpt. Us skoanmem sei altyd: "Dat haw ík fan tofoaren heard."
nl.verhalenbank.33669
Ik hie op in saterdei-to-joune nei de faem ta west. Dy wenne yn 'e Broek. Let yn 'e nacht kom ik werom. Ik kom oer de brêge dy't oer de Swemmer leit. Doe tocht ik: Heare, hjir ropt ien fan help. Mar ik seach neat en it lûd wie ek samar ynienen fuort. Mar doe't ik in wike letter krekt om deselde tiid dêr wer lâns kom, doe hearde ik in ploemp yn 't wetter....
nl.verhalenbank.24473
Froeger waerden hjir ljochtsjes yn 'e loft sjoen. Dat wienen de lettere fliegmesines. Omke hat se faek sjoen.
nl.verhalenbank.36856
Hjir yn 'e Westerein wie in bern, dat rekke bitsjoend. Doe gongen se nei Wopke fan Kûkherne ta. Dat wie de duvelbanner. It bern hie krânsen yn 't kessen en dêr sieten allegear triedden en lapkes yn dy krânsen bifrissele, dy wienen út 'e klean dy't dêr yn dat hûs troch de húsgenoaten fan dat bern droegen woarden. Wopke joech in drankje en sei: "Tink der...
nl.verhalenbank.29962
Myn frou wenne by de boer yn Feankleaster. Hja wie noch jong. Doe kaem der op in nacht in nachtmerje by har. Dy sprong har op 'e fuotten. Doe riisde hja oerein, en meiiens wie de nachtmerje wer fuort. De nachtmerje kaem troch de doar. Hja hearde earst de ring.
nl.verhalenbank.36842
Der wurdt wol sein, dat de hear mei de ezel forûngelokke is en dêrtroch altyd mei in ezel spûket.
nl.verhalenbank.21480
Hy koe alle doarren iepen krije. Net in slot, dat tsjin him bistand wie.
nl.verhalenbank.29792
Hjir yn 'e Westerein kaem ris op in joun in fremde kat by guon yn 'e hûs. Dat wie har buorfrou, dat wie in tsjoenster. Dy koe har yn in kat foroarje. Doe hat de man mei in klomp op dy kat smiten. De oare deis hie de buorfrou in grouwe bult oan 'e holle.
nl.verhalenbank.29786
Dy't mei in helm geboaren is is kûgelfrij. Ek deselde dy't in helm yn syn bisit hat is kûgelfrij. De froedfroulju wienen froeger gleon op 'e helmen. Dy knoffelen se achterút en se waerden djûr forkocht. Ek de dokters forkochten se wol.
nl.verhalenbank.36881
Tsjoensters kinne sawol âlde as jonge minsken wêze. Wy hienen in lyts jonkje, dat wie sa'n trije jier âld. Wy wennen doe yn Ikkerwâld. Dat bern bigoun persé jouns om njoggen ûre to gûlen. Dat gebeurde alle jounen. Men koe de klok der op lyk sette. En dat duorre oant alve ûre ta. Wy wennen doe noch by myn man syn âlden yn. "It bern raest him dea", seinen...
nl.verhalenbank.29779
Ien dy't op stjerren leit mat noait hwat oan ha, dat op snein naeid is. Dan kin er net stjerre. Dan matte se de klean earst dwarstroch snije.
nl.verhalenbank.25143
Fan in tsjoenster mat men noait hwat opite.
nl.verhalenbank.29751
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Der kaem ien by him, dy sei: Kinne jo my fortelle hwer't Sterke Hearke wennet? Doe hie Hearke mei ien hân de ploech optild en dêrmei nei de plaets wiisd. "Dêr wennet er", hied er sein.
nl.verhalenbank.36671
Betsje wenne froeger yn Kûkherne. Hja hienen keallen, dy hienen se achter 't sket. Betsje har man dy wie der altyd op út to werken, dan bleau er soms wiken oanien wei, dan wie Betsje allinne thús. Dy forsoarge de keallen dan. Op in kear sei Betsje tsjin har suster: "Ik doar hjir net mear allinne to bliuwen, hwant alle nachten om tolve ûre binne de keallen...
nl.verhalenbank.29745
Hjir njonken my wennet in widdou, dat is in skippersdochter. Op in kear wie se allinne op 't skip. Har âlders wienen even fuort. It skip lei yn Holwert. Doe kom der in pleachbeest by har op 't skip. Dat kom lyk op har ta. 't Seach der út as in greate, grouwe, swarte houn. Hja gong fuort yn 't skip en wie deabinaud. Letter hat se 't beest net wer sjoen.
nl.verhalenbank.36665
Jehannes Koster wenne yn Kollum. Hy hie in kear nei syn famylje ta west yn Twizelerheide. Doe't er op 'e weromreis wie, doe wie 't al let op 'e joun. Doe woarde er samar ynienen oan kant reage. Doe stie dêr in lykstaesje. Hy woarde sa binaud, dat hy is weromgong nei de famylje yn Twizelerheide en dêr is er dy nachts bleaun. Hy doarst net nei hûs ta.
nl.verhalenbank.19453