1,115 datasets found
Place of Narration: De Westereen
In man as Wopke hat in protte minsken ta in segen west. As dy der net west hie, hie de duvel hjir noch folle mear slachtoffers makke.
nl.verhalenbank.29963
Dy't in apel fan in tsjoenster oannimt kriget in pod yn 'e mage.
nl.verhalenbank.21481
Omke hearde ek psalmsjongen yn 'e loft. Dat wie de foarboade fan 'e radio en de t.v.
nl.verhalenbank.36857
Yn Feanwâlden is us in hûs opbrând. Guon ha dat hûs fan tofoaren yn 'e brân sjoen.
nl.verhalenbank.24472
By 't Foarwurk yn 'e Westerein stie froeger in herberch. Dat wie de Hossebos. Dêr gong 't altyd op in kaertspyljen. Sy stjûrden dêr skoppenboer fuort om in flesse jenever. Dy flesse jenever kom èk. It wie de duvel, dy't him brochte.
nl.verhalenbank.21536
Hjir wennen twa mannen, dy koenen allebeide omraek fortelle. De iene sei der altyd achteroan: Dy't it it lêst forteld hat leeft noch. En de oare sei der achteroan: En ze hebben bij de glazen opgescheten en 't was dag.
nl.verhalenbank.33873
Froeger wienen der gjin wekkers en ek gjin horloazjes. Dan tikke it achter it bêdsket en ek wol ûnder 'e weech. Dat wienen de wylde horloazjes! "Dat binne de wekkers woarn," sei ús mem, "dy't nou op it bêdsbuordtsje stean." (foartsjirmerij)
nl.verhalenbank.33867
Oan 'e Boppe-wei, op it plak, dêr't letter altyd de woanweinen stienen, sit in kiste mei jild yn 'e groun. Men hat prebearre dy kiste op to dollen, mar hwat djipper men mei de lodde kaem, hwat djipper dy kiste sakke.
nl.verhalenbank.29803
Op 'e âlde hoek, seinen se froeger, wie in pleachbeest. Dat kom by de bakker fan 't hiem ôf en roan sa nei de buorfrou ta.
nl.verhalenbank.36274
Op in nacht, noch net sa lang lyn waerd ik ynienen wekker troch in lûde plof; krekt as foel der in muorre del. De oare moarns roun ik om 't hûs hinne om to sjen hwat der gebeurd wie, mar der mankearde neat oan. Binnen 't jier waerd it âlde húske fan myn buorman ôfbrutsen. Doe hearde ik krekt wer itselde lûd, doe't der in stiennen muorre delkaem.
nl.verhalenbank.36512
Der wie in man, dy hie krekt út 'e broek west. Hy seach om nei hwat der lei. Dat wurdt folle dien. Doe frege in man him: "Hwerom sjogge jo dêrnei?" Hy sei: "Ik woe ris sjen as der foar dy wol genôch wie. Oars soe 'k der noch in stik by skite."
nl.verhalenbank.37156
De dokters wolle graech sa'n helm ha. Se wurde dêrom faek achterútmoffele, hwant se binne in protte jild wurdich. Sa'n helm wurdt djûr forkocht. Dy't sa'n helm yn bisit hat, is kûgelfrij.
nl.verhalenbank.38503
Ik wie noch feint en hie forkearing mei it wiif, dêr't ik nou mei troud bin. Dy wenne oan dizze kant it spoar, yn 'e buert fan 'e Ria's. 't Wie op 'e joun en tsjuster. Ik roun by de fyts lâns. Doe kom der in swarte houn by my, dy't ik noch noait sjoen hie. En ik hie ek noch noait sa'n greaten ien sjoen. Hy wie net lytser as in keal. Hy roan oan 'e oare...
nl.verhalenbank.38517
Alde Karste Lamke hie lapene popkes. Dêr stuts se mei spjelden yn. 't Wie in greate tsjoenster.
nl.verhalenbank.21085
Anke Anne roan op 'e Lange Loane. Doe hat er dêr allegear minsken sjoen dy't al lang forstoarn wienen. Anne hat it dêr bot mei to krijen hawn. Hy is der hielendal fan foroare, sa'n yndruk hat dat op him makke.
nl.verhalenbank.21084
Op it spoar yn 'e Westerein spoeke altyd in famke om.
nl.verhalenbank.19533
Hjir yn 'e Westerein stie in spûkhûske, dêr doogde it net yn. Dêr doarst net in minske jouns by lâns, sa bot gong it dêr op 'e joun en yn 'e nacht altyd oan wei. Yn dat hûske ha Sake en Elske wenne. Der flak by dat hûske wie ik ris mei myn maet by de wâllen lâns gien om pealtsjes byinoar to fandeljen foar brandstof. It wie in earme tiid en wy hienen gjin...
nl.verhalenbank.38516
Alde Griete Geart moest der nachts ek altyd út as der in bigraffenis yn oantocht wie. Dy waerd dan kloppe. Bleau er lizzen, dan moest er sa hurd rinne dat er alhiel achter de siken rekke. Griete Geart wie mei de helm geboaren. Dy helm hienen se him forkeard ôfnaem, dêrom moest er letter alles sjen.
nl.verhalenbank.38502
Yn Twizelerheide wenne in frou, dat wie in tsjoenster. Dêr doarst net ien hwat op to iten, sa bang wienen se dat se dan bitsjoend wurde soenen.
nl.verhalenbank.36275
Us mem hie in baekster, dy wie mei de helm geboaren. Mem frege har in kear: "Ha jo wolris hwat sjoen?" "Och minske," sei se, "ik ha der wit hoe faek op út west yn 'e nacht. Dan kòe 'k net thúsbliuwe. Doe't myn dochter fordronken is haw ik dat ek allegear foarútsjoen."
nl.verhalenbank.36513