3,676 datasets found
Dutch Keywords: heks Place of Narration: De Westereen
Stammerige Harm fan Sweagerbosk wie èk in tsjoenster.
nl.verhalenbank.36826
Doe't de treinen kommen wienen de tsjoensters fuort.
nl.verhalenbank.33756
In tsjoenster kaem troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.38495
As in bern hwat fan in tsjoenster opyt, dan hat dy tsjoenster it bern yn 'e macht.
nl.verhalenbank.38533
Minne Ael wenne by de Swâdde. Dat wie in echte tsjoenster. Dêr wienen se allegear binaud foar. Ien dy't se bitsjoene woe, hat ris tsjin har sein: "Smoarge, âlde duvel, dû kryst my net!"
nl.verhalenbank.33680
Stammerige Harm wie ek in tsjoenster. Se wienen allegear bang foar him. Hy kom ris in kear by ús yn 'e hûs. Us Hindrik lei yn 'e widze. Doe gong Harm by de widze stean en hy seach der boven oer hinne. Doe sei mem: "O, myn jonge!" Doe woe Harm ús Hindrik bitsjoene.
nl.verhalenbank.35949
Yn Twizelerheide wenne Hekse Harm. Dy hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e kweade.
nl.verhalenbank.29796
Hanne Kramer (= Hanne de Vries) wie in tsjoenster. Hy fortelde der wolris hwat oer. Hy sei: "As tsjoensters geane wy meielkoar nei Lieverdeloo, dêr hâlde wy avondmael. Dan binne it Fokke Sjouk en Piters Willemke dy't tafeltsjinje (Fokke Sjouk en Willemke wienen ek tsjoensters fan 'e Westerein). Hanne Kramer koe eintsjes fleane. Dat wisten alle minsken...
nl.verhalenbank.34570
Jehannes (Hindrikje) koe minsken stean litte.
nl.verhalenbank.17505
Om 'e sawn jier mat in tsjoenster in bern deatsjoene.
nl.verhalenbank.36865
Fan in tsjoenster mat men noait hwat opite.
nl.verhalenbank.29751
Om tsjoensters to kearen moat men duveldrek ûnder 'e drompel dwaen of in krús foar de doar sette.
nl.verhalenbank.17482
In tsjoenster mat ienkear op syn minst ien om 'e sawn jier deatsjoene, oars giet hja der sels oan.
nl.verhalenbank.36847
Alde Piters Willemke dy't hjir wenne, wie in tsjoenster. Sy koe fleane. Har man Piter hie gjin skouders.
nl.verhalenbank.26198
Alde Minne Ael wie in tsjoenster. Dy wenne yn 'e Westerein. Sy fleach op 'e biezem fan 'e iene skoarstien nei de oare.
nl.verhalenbank.25136
De tsjoensters lieten de pânse ek faek achter yn 't bêd. Dan wienen se der sels op út to tsjoenen. In skoansuster fan my hat ris njonken sa'n pânse op bêd lein.
nl.verhalenbank.33824
As wy as bern nei Piters Willemke, de tsjoenster ta moesten, seinen wy fantofoaren gau even trije kear achterelkoar: "Né, âlde duvel, krijst my net!"
nl.verhalenbank.36340
Men die algemien duveldrek ûnder 'e drompel om 'e tsjoenster to kearen.
nl.verhalenbank.36581
Willemke bitsjoende ek it fé. Se woarde noait by 't fé litten, dêr wienen de lju fjûrbinaud foar. Yn dat plaetske by 't Heideloantsje, dat ik niis neamde, dêr ha se 't fé ek al ris bitsjoend hawn. Alle beesten rekken dêr siik. Ik wyt net mear hwa't de tsjoenster wie.
nl.verhalenbank.34624
Piter Loos wenne yn 'e Kule. Hy wie troud mei in dochter fan Wybren de Bruin. In frommes hie dêr de rin by harren; ien dy't der oars noait kom. Dat frommes kom mei de trein fan Ljouwert, 't wie in inkoopfrou. Hja striek oer Piter en dy's bern hinne op in kear, doe lei dat bern de oare deis dea. Dat minske hie de kweade hân. It wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.24582