3,286 datasets found
Dutch Keywords: sterven Place of Narration: Buitenpost
Guon minsken koenen net leve en net stjerre. Sokke minsken wienen bitsjoend.
nl.verhalenbank.22861
Der hat in man yn 'e Westerein west, dy woe neat fan 'e trein wite. Hy sei: "Ik sil him keare." Doe gong hy der mei in kroade foar stean. Sa is er dea rekke.
nl.verhalenbank.36309
Dy't net stjerre kin hat hwat oan dat op snein makke is. Wy mochten thús op snein net heal naeije. As wy de nuddel yn 't guod stutsen, dan stutsen wy mei elk stekje de Heare Jezus mei de nuddel yn 't gesicht.
nl.verhalenbank.36318
Koe ien dy't op syn stjerbêd lei net ta stjerren komme, dan waerd der sein: "Der sit hwat oan, dat op snein naeid is."
nl.verhalenbank.38452
Knjillis Veenstra (Minke Knjillis) fan Sweagerbosk wie mei de helm geboaren. Dy moest alle begraffenissen foarút sjen. Dêr siet in drang achter. Hy hat de bigraffenis fan syn eigen dochter ek sjoen.
nl.verhalenbank.36302
It gebeurde wol, fortelde beppe, dat lju dy't stoarn wienen, weromkommen, as de minsken har net hâldden oan 'e bilofte dy't se sokken by har leven dien hienen. Dan moest der in dûmny by komme om sa'n forstoarne to freegjen hwat er winske.
nl.verhalenbank.19482
Alde Frearke Fogel fan 'e Harkema wie in tsjoenster. Doe't se har biklaeije soenen, founen se allinne mar in pânse. Doe ha se dy mar yn 'e kiste dien.
nl.verhalenbank.19456
As de houn spûkgûlt komt der in sterfgefal.
nl.verhalenbank.22851
As in houn oan't spûkgûlen wie, dan bitsjutte dat dat der ien op stjerren lei.
nl.verhalenbank.32194
Wie der yn 'e Harkema ien stoarn, dan woarden de nuddels dêr't it hinnekleed mei naeid wie, mei yn 'e kiste dien. As de naeister de tried ôfbiten hie, dêr't se 't hinnekleed mei naeide, dan foelen har alle tosken út.
nl.verhalenbank.19484
As in deade in hinnekleed oan krige (in wyt kleed, faek in lekken, dat by de hals byinoar reaun wie), en dat wie to lang, dan kom sa'nien letter wer. Dan moest dûmny der by komme. Sa wie der us ien yn 'e Harkema, dy wie stoarn, mar dy koe net rêste. Hy stroffele oer 't hinnekleed, omdat dat to lang wie, en as er kom, sei er oars net as: "To lang, to...
nl.verhalenbank.19483
Frearke Fogel yn 'e Harkema wie in tsjoenster. Us mem hat har mei ôflein. Doe lei der allinne mar in pânse op bêd, alles wie fuort. Mem sei: "Sa haw ik it noch noait earder mei bilibbe!" Fogel hie ûnderweis west. Hja wie der op út to tsjoenen. Underweis wie se formoarde woarn. De pânse bleau op bêd lizzen. Dat wie it lyk.
nl.verhalenbank.19468
As it sweltsje tsjin 'e glêzen tikket, komt der mei trije dagen in deaden. Op it Wyldpaed gebeurde it, dat in lyts popke wosken en klaeid woarde. De mem lei noch yn 't kreambêd. It iene buorwyfke sei: "Der tikket trije kear in sweltsje op 'e glêzen. Dat bitsjut dat der yn 't koart in sterfgefal wêze sil." Trije dagen letter wie 't berntsje wei.
nl.verhalenbank.20000
Ruerd Passchier van Dijk wie de lêste dy't yn Ljouwert ophong woarde. "Soenen jo wolle, dat der noch in dûmny by jo komt?" fregen se him, even foar syn torjochtstelling. "Net noadich," sei Ruerd, "ik praet aenst mei de baes sels." Der is in lied oer Ruerd.
nl.verhalenbank.21281
Wy hienen froeger by ús yn 'e hûs twa hounen. Mar dat wie ien tofolle. Wy hienen 't och sa earmoedich, heit wie gebrekkich en wy koenen 't net bitelje om twa hounen fretten to jaen. Spits hiet de iene houn. Heit sei: "Ik sil Spits forsûpe." Mem sei: "Wybren, ik warskôgje dy, datstû dy houn forsûpste. Dû kinst him wol yn 't wetter dwaen, mar hy giet net...
nl.verhalenbank.36298
As der in deatikkerke achter 't bihang is, seit men wol: der is in fremde wekker yn 'e hûs. Ek wol: in wyld horloazje. Dan komt der in deaden.
nl.verhalenbank.20001
As de klok sadanich let krekt as op in bigraffenis, dan stjert der ek ien.
nl.verhalenbank.20002
Jan Koenes to Bûtenpost koe omraek lige. Hy ried froeger mei de postkoets, dy't ried fan Harns nei Grins. Dêr kommen trije hynders foar, dy't ûnderweis hyltyd forwiksele woarden. Op alle stasions gongen se oan. Doe gebeurde it dat it middelste hynder by it tolhûs to Twizel dearekke. Mar it beest roan noch oan it posthûs to Bûtenpost ta, sa wied er it...
nl.verhalenbank.22112
Us pake (heit syn heit) seach wol us lykstaesjes fan tofoaren. Hy wist altyd as der yn 'e omgeving in sterfgefal komme soe. In skoftsje letter kom dat ek altyd út. Hy wenne yn Bûtenpost en wie ôfkomstich fan Stiens.
nl.verhalenbank.22847
Wy ha in broerke forlern. Der wenne in âlde frou tichte by ús yn 't earmhûs. Dy sei fan tofoaren al: "Hjir komt gau in deaden, hwant ús houn spûkgûlt iderkear."
nl.verhalenbank.22852