3,297 datasets found
Dutch Keywords: voorloop Place of Narration: Boelenslaan
In jonge fan ús is yn 'e Dútse bisettingstiid oppakt en nei Dútslân transporteard. Krekt foardat er thúskaem, alhiel ûnforwacht, sei heit: de jonge komt werom, ik ha him al sjoen.
nl.verhalenbank.17335
Myn wiif stie us op in joun foar 't glês to sjen. Doe seach se ynienen in lykstaesje oankommen. De lykwein foarop, mei in man mei in hege hoed der op, allegear minsken yn 't swart der achteroan. Hja hie de jirpels oer en tochte: ik gean even nei achteren om sâlt yn 'e jirpels to dwaen; as ik dan werom kom, binne se hjir sahwat oan ta, dan sjoch ik it...
nl.verhalenbank.17336
Froeger seagen se hjir de ljochtsjes fan 'e tram dy't fan Grins nei Drachten rydt al lang foardat der noch sprake wie fan in tram.
nl.verhalenbank.37844
Wy seagen hjir froeger faek wylde lantearnen. Dat bitsjutte hwat, mar hwat it krekt bitsjutte wisten wy net.
nl.verhalenbank.37776
IJe Wykstra fan Lúxwâld de biruchte moardner, hearde wit hoe faek dingen fan tofoaren, dy't letter gebeurden. Dat wie tsjirmerije.
nl.verhalenbank.37775
Us mem kaem to forstjerren. Wy hienen hjir njonken in keammerke, dêr't de kiste kaem to stean. Heit hearde fan tofoaren dúdlik hoe't der mei de hammer slein waerd yn it keammerke. Letter doe't de kiste der út moast moest der in sketsje út slein wurde. It wienen deselde slaggen, dy't er earder heard hie, sei er.
nl.verhalenbank.17334
Op in joun kaem ik mei ús heit by ús beppe wei. Doe sei heit: "Toe jonge, gean dêr út dy spoaren wei. ('t Wienen doe noch sânpaden) Wy bliuwe even stean." Hy sei net: "Ik sjoch in lykstaesje," mar dy hat er dêrom wol sjoen.
nl.verhalenbank.17340
It gebeurde by de boeren wol gauris dat yn 'e nacht samar fansels de tsjerne bigong to draeijen en ek de winen draeiden soms samar yn 'e nacht. (de winen dêr moest it sied troch skifte wurde) Dit wie foartsjirmerij. De oare deis soe 't dan wer op in tsjernjen en wynjen gean.
nl.verhalenbank.27270
De wylde lantearnen dy't se hjir froeger seagen wienen de foartekens fan 'e lampen. De minsken krigen letter folle mear ljocht.
nl.verhalenbank.17588
Anne Bekkema dy moast der nachts altyd ôf as der in lykstaesje lâns kom. Hy sei: "Ik ha der in hekel oan, mar ik kin der neat oan dwaen. Ik mòat it sjen."
nl.verhalenbank.17339
De wylde lantearnen fan froeger, dat wienen letter de fytsen. Wy seagen froeger de wylde lantearnen de sânpaden delstouwen kommen.
nl.verhalenbank.15909
Hjir oan 'e Bethlehemsreed hearden guon ris yn 'e nacht dat it op in timmerjen gong. Letter kom der op dat plak in hûs to stean. 't Wie foartjirmerije.
nl.verhalenbank.28328
Dêr't letter de tram ried, dêr seagen wy in twa en fyftich jier lyn al ljochten. "Sjoch, dêr is dat ljocht wer", seinen wy dan. 't Wienen wylde lantearnen.
nl.verhalenbank.32416
Yn syn eigen hûs gong it ek op in timmerjen yn 'e nacht, sûnder dat der hwat to sjen wie. Hy koe 't him net bigripe hwat dat wie. Letter woarde it hûs fortimmere.
nl.verhalenbank.17721
Wylde lantearnen wienen hjir froeger in soad. It wienen de foarboaden fan fytsen en bussen.
nl.verhalenbank.17737
Trapet men op in pod of kikkert, dan bigjint it to tongerjen. Plukt men tongerblomkes, dan begjint it ek to tongerjen.
nl.verhalenbank.28289
Us mem hat wolris forteld, dat, as se toudounsje soe mei oare famkes, doe't hja noch in bern wie, dat hja dat dan de jouns fan tofoaren al hearde en fornaem.
nl.verhalenbank.32772
Wy ha in bernsberntsje forlern. Op it plak dêr't syn bernewein gewoanlik stie, hat in houn fan to foaren stien to spûkgûlen. 't Wie ien fan in soan fan my.
nl.verhalenbank.17726
Boardzer Bruining seach op in kear in lykstaesje midden yn 'e nacht fan 'e kapper (oan 'e Spekloane) ôf oan Hindrik de Haan ta (oan 'e Houtigehaechsterwei). In wike letter wie dêr in èchte bigraffenis.
nl.verhalenbank.28313
It is yn 'e Boelensloane gebeurd, dat guon dêr it fanfare spyljen heard ha, wylst it der net wie. Ik ha 't sels ek heard. Ik wie doe noch in jonkje. Der wie doe noch net in korps yn 'e Boelensloane. Ik stie op in joun bûten mei moai waer. Us Jehan wie der ek by. Ik sei: "Heit, dêr spylje èk guon." Doe ha wy it fanfarekorps al spyljen heard dat letter yn...
nl.verhalenbank.26100