117 datasets found
Place of Narration: Akkerwoude
Heit gong der jouns wol gauris út, dan seach er nei de stjerren. It gebeurde dan wol us, dat er allegear ljochten oan 'e loft gewaer woarde. Dat binne letter de ljochten (strjitlampen) oan 'e wei woarn.
nl.verhalenbank.23057
Jan Tuinstra, hjir to Ikkerwâld, hearde op in nacht iderkear timmerjen. In wike letter woarde der by him achterhûs in great hok delset.
nl.verhalenbank.23068
Myn frou har heit wenne op 'e Broek. Hy wie widner en wenne allinne. Alle nachten wie 't krekt as sloech der in kouwesturt tsjin 'e keamersdoar oan. Faker as ien kear gong hy der dan ôf om to sjen hwat dat wie. Hy socht dan alles ôf en nei, ek de souder, mar der wie noait hwat. Mar as er wer op bêd lei, dan bigong it wer. En altyd wie de doar op, as hy...
nl.verhalenbank.23069
De reuzen ha yn Fryslân de kanalen groeven; mei in pipegael-kroade rieden se de modder der út.
nl.verhalenbank.24138
Hjir yn Ikkerwâld hat in sterke keardel wenne. Syn namme wol my sa net yn 't sin komme. Sy makken by 't spoar fan Ljouwert nei Grins greate spoargatten. Dêr wurke dy Ikkerwâldster ek oan mei. De polderjonges woenen him der tusken ha en stutsen him hyltyd de gek oan. Sy pestten him. Doe't er yn sa'n spoargat siet en de pipegael fol modder hie, krige er ien...
nl.verhalenbank.24139
Hindrik Gerks Hoekstra seach us op in nacht in wein riden sûnder hynder der foar. It wie yn 'e foarige ieu, wol tritich jier foardat der auto's kommen.
nl.verhalenbank.24015
Hjir yn Ikkerwâld hat ek in man wenne, dat wie in sekere Klaes Veenstra, dy koe in fjirtsjin foets roede rjocht útstekke.
nl.verhalenbank.23550
Der wienen in pear reuzen, dy wienen drok oan 't wurk west yn 'e buert dêr't nou Wargea leit. De jouns gongen se tsjin 'e toer oan stean om even út to pûsten. "Hè," sei de iene tsjin de oare, "hwat haw ik in warge lea." Dat hearden guon, en doe neamden se it plak, dêr't dat sein woarde: Wargea.
nl.verhalenbank.23544
Dy't op it stjerbêd hwat oan hat, dat se op snein naeid ha, kin net stjerre. Ek as ien in moart dien hat kin er net earder stjerre of hy moat it earst bikenne.
nl.verhalenbank.24161
't Wienen hjir froeger allegear tsjoensters. Om út to meitsjen hwa't ien bitsjoend hie, makken se hjir wol gebrûk fan in Krúskekaei en in bibel. Se leinen de kaei op in bipaelde tekst yn 'e bibel. As se de wiere namme fan 'e tsjoenster neamden, dan bigong de kaei to draeijen. Dat is hjir al us in kear gebeurd by minsken oan 'e Lytse Loane. "Tsjallings...
nl.verhalenbank.24149
As bern gongen wy wol nei 't lân ta to wjûden. Dan kom der wol us in âld-minske op 'e bou. As hja hwat frege en wy seinen trije kear achter elkoar 'ja' dan hie se ús bitsjoend, sa woarde ús forteld.
nl.verhalenbank.24148
Op 'e merken seagen de lju wol us yn in swarte spegel. Dêr seagen se har takomstige frou yn.
nl.verhalenbank.24160
Myn broer Freark kom us in kear yn 'e Falom by Aldert en Tsjerkje to thédrinken. 't Wie oerdei op 'e middei. "Wy matte ek us even yn 'e skuorre sjen", sei Aldert. Doe hie dêr in wicht lein fan fyftich poun. "Dy kin myn soan net risse op in lep, en ik ek net", sei Aldert. Myn broer sei: "Lit it my us prebearje." Hy hie de lep krigen, dêr de stien op lein...
nl.verhalenbank.23545
Greate Pier wie us oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him, dy frege: Hwer wennet dy en dy. Doe hie Pier de ploege mei ien hân optild en dêr wiisde hy it hûs mei oan, dêr't dyselde wenne.
nl.verhalenbank.23551
Op 'e souder stie in âld kast en noch hwat oare âlde meubels. Dêr woarde op in nacht ynomrammele. Yn dat hûs wennen in man en in frou togearre. "Hearst it wol?" sei de frou. Hja wie syn muoike. "Jawol", sei er. 't Rammeljen hâldde tiden oan, der kom gjin ein oan. Op 't lêst sei er: "Matte wy der net ôf?" Hja gongen der ôf. Beide gongen se by de leider op...
nl.verhalenbank.24014
Guon hearden us in kear yn 'e nacht in stomp yn 'e gong by in hoeke. Even letter stoar de man. Doe't se de kiste der ta útdrage soenen, stompte de kiste yn 'e gong tsjin in skerpe hoeke oan. 't Wie deselde stomp, dy't se earder heard hienen.
nl.verhalenbank.24016
Us heit en mem wienen noch feint en faem. Mem dy tsjinne yn 'e Westerein. Heit wie in lyts keardeltsje. Hy kaem by har to frijen. Mem wie in skippersdochter, sterk en gewant. Doe seinen de Westereinders tsjin heit en mem: Wâldpiken. Heit wie in lyts mantsje en bleau sitten. Mar mem stapte oerein en gong nei de fint ta dy't it sein hie. Sy pakte him by 't...
nl.verhalenbank.23547
Alde Tseard Annema fan Ikkerwâld luts samar pûr allinne in foer stront. Hy tilde 't ek samar omheech, dan sette hy syn rêch der ûnder.
nl.verhalenbank.23553
By dokter Bontekoe yn Hurdegaryp wie in hekke, dy't se noait ticht hâlde koenen.
nl.verhalenbank.24162
Myn broer Freark en syn frou kommen us op in kear by myn mem en heit wei (Oege Reitsma en 'e frou) sahwat om alve ûre yn 'e joun. Sy roannen de loane del nei hûs ta. Doe kom der in pleachbist oan. As hjà in stap forsetten, dan forsette dat pleachbist ek in stap. Hy folge har yn har fuotleasten. Doe't se de loane del wienen en yn Broek kommen, woarde 't...
nl.verhalenbank.21768