1,725 datasets found
Narrator Gender: m Place of Narration: Harkema
Hjir dwarsoer hat in hutte stien, dat wie net mear as in foech keet. Dêr wenne in âld minske yn. Dat âld-minske kom to forstjerren. Dêr koe net in wein op 't hiem komme, hwant der roan allinne mar in smel fuotpaedtsje nei de dwarsreed ta. Doe moest de kiste fan 'e hoeke nei dy keet ta droegen wurde. Us buorman passearde de jouns fan tofoaren, doe wie 't...
nl.verhalenbank.34517
In slangekoaning draecht in kroantsje op 'e kop. Jasper Veenstra fan 'e Harkema hat us ien sjoen. Hoepelslangen binne yn Amerika. Dy krije de sturt yn 'e bek en dan rolje se krekt as in hoep, mei barstend geweld. In omkesizzer fan my woarde troch sa'n slang oanfallen, mar in neger hat him deamakke. Dy hat him it leven ret.
nl.verhalenbank.16952
Janne Heabel har mem wie ek in tsjoenster. Op in nacht woarde har man wekker, doe lei der in pânse njonken him op bêd. Hy tocht: Hoe kin dit en hwer mei myn wiif wêze? Hja wie der op út to tsjoenen. Doe ha se har ûntmaskere. Hja hat in bern deatsjoend. Dêr hie hja dy nachts west. De man stuts de pânse mei in mes dwarstroch. 't Wie allegear wetter. Doe't...
nl.verhalenbank.28664
Myn muoike soe us nei Ljouwert ta om ynkeapen to dwaen, lyk as drank ensa. Sy gong dan altyd mei it fearskip fan de Ham. Underweis woarde se kjel, hwant wylst se op wei wie nei it fearskip, sprong dêr ynienen in keardel achter in beam wei. It wie Japik Ingberts. "Hastû dy en dy ek sjoen, Tryntsje?" frege der. En doe neamde er de namme fan in koopman....
nl.verhalenbank.16946
It gebeurde froeger us dat Wytse de Wind bitsjoend rekke. Doe moest er in pod yn 't skelkje ha en dy by him drage, krekt salang oant dy fordroege wie. Alle Tet hie him bitsjoend.
nl.verhalenbank.21132
Trapet men in pod dea dan bigjint it to tongerjen. Dat woe ús mem net heal lije, dat wy dat dienen.
nl.verhalenbank.23916
Us heit kom op in nacht thús, doe hearde er skoan dat se allegear oan it braekjen wienen. Teake syn slach koe hy der skoan út. En dochs leinen wy allegearre op bêd.
nl.verhalenbank.15526
By de Wopkepoel yn 'e Harkema stie in hûs, dêr wenne âlde dôve Tryn yn. Op in joun stienen wy bûten, ik mei noch in pear maten - 't wie noch fóár myn trouwen - doe gong it dêr hiel bot op in timmerjen. Wy hearden it dúdlik. Even letter is dêr in nij hûs kom. Der kôm Fokke fan Mekke Nicolai yn to wenjen.
nl.verhalenbank.33287
By de Mulders, op it Wytfean wie ien út 'e Harkema oan it hôfkesjongen. It wie Albert Schievink. 't Wie midden yn 'e nacht, en hy siet yn 'e apelbeam. Doe hearde er smiten mei amers en bussen op 't potrak. "Heden," tocht er earst, "hoe kin dit. Is 't sa let al, dat se to melken sille?" Mar doe hat er hwat sjoen, dat er letter noait fortelle woe. Hy is...
nl.verhalenbank.17457
Op 'e Tille wenne ien dy koe de kaerten dânsje litte.
nl.verhalenbank.17443
In man fan 'e Koaten moest nei 't Fean ta. Hy wie oproppen om by notaris to forskinen. Doe't er op 'e Hamster Paden wie, en krekt oer in houtsje roan, woarde der roppen: "Bist dêr?" "Ja", antwurde hy. Hy roan oer 't hout, hy seach ûnder 't hout en rounom om him hinne, mar der wie nergens hwat to sjen. En doch hie die stim flak by him west. Hy wie skruten...
nl.verhalenbank.15532
Yn Warffum wenne in arbeider, dy koe mear as in oar. Op in kear krige er myn hân beet en hy seach der yn. Doe't hy him in skoftje bistudeard hie, sei er tsjin my: "Dy hân hâldt forbân mei IJe Wykstra. IJe Wykstra fan Greategast, dat wie de man dy't fjouwer plysjes formoarde hie. Ik tocht nei, en doe wist ik it. De moarns, doe't dy fjouwer plysjes op 't...
nl.verhalenbank.33293
Alde Knjillis Sytske har mem Tryntsje hie nei Jan Goaitsens ta west om molke. Doe't se oan 't âld tsjerkhôf ta wie, woarde se samar ynienen yn 'e sleat set. Alle molke wie fuort. Der mat in lykstaesje west ha, dy't se net sjen koe.
nl.verhalenbank.15903
Der wie in widdou mei bern. Dat minske krige it sa earm, dat sy hie neat mear, dat se de bern jaen koe om to iten. Doe lei it minske in fjûr oan fan stiennen. Doe't de bern fregen, hwat se die, sei se: "Mem makket in fjûr fan stiennen en mem giet nou fuort en as dy stiennen forbrând binne, dan kom ik wer mei iten." Mar hja kom noait wer.
nl.verhalenbank.23533
Aen wie in âld man. Hy wenne yn 'e Harkema. Hy leaude oan God noch syn gebod en wie in greate spotter. It gong him noait to raer. Op in kear lei er op bêd, doe siet der in gedaente op 'e stoel foar syn bêd mei egen as itensboarden. Hy die neat en praette ek net tsjin him. Aen wie stjerrendbinaud. It wie de duvel. Aen is troch dit gefal bikeard en gong nei...
nl.verhalenbank.21324
Ik wie froeger in bulte by Ale Westra (= Aeltsje Schievink-Westra B65-14, 15, 16, 164) Dy har mem, âlde Ot dat wie in tsjoenster (Ale sèls giet der trouwens èk foar en har dochter èk). De minsken koenen har net bigripe hoe't ús mem it fortroude, dat ik kammeraetske wie mei Ale. Mar ús mem sei: "Der kin har noait hwat oerkomme, hwant sy hat in dûbelde...
nl.verhalenbank.21456
By Sterke Hearke soe in baerch slachte wurde fan fjouwerhûndert poun. De baerch rekke fan 'e slachtbank ôf. Doe krige Hearke syn dochter Rixt de baerch by de boarstels en sette him wer op 'e slachtbank.
nl.verhalenbank.21330
Alde Roel fan 'e Harkema sei, hy hie in fordekte wein sjoen sûnder hynders der foar en 't gong hurd, hurd, hurd. Letter kommen de auto's.
nl.verhalenbank.23527
Op 'e Ryksloane (= betonwei) fan 'e Harkema wie ris in keppeltsje jongfolk op in joun. Dy woarden allegear samar oerside set. Doe kom der in lykstaesje lâns. Guon seagen hwa't der by wienen, dy koenen de minsken fan dy lykstaesje. 't Is ek wol gebeurd dat se stroffelen as der in lykstaesje passearde. 't Is hjir yn 'e Harkema ek in kear gebeurd, dat in man...
nl.verhalenbank.28499
Der hat hjir yn 'e Harkema in man west, dat wie in sekere Schievink. Dy roan us mei ien op. Doomny en mefrou roannen der achteroan. Doomny sei tsjin har: "Hwa't dêr njonken dy man rint, wyt ik net." Doe sei Schievink: "O, dat is de duvel, dy't njonken my is." Doe is de duvel yn 'e wâl flein.
nl.verhalenbank.25803