884 datasets found
Dutch Keywords: zwart
Piter Schulp, postkantoarhâlder yn Surhústerfean hat itselde dêr bileefd. Ek Miente van der Sluis, dy't letter plysje yn Grins wie. Ek Meint Pamma, dy't op 'e Skieding wennet, by de Parkster Skoalle.
nl.verhalenbank.17331
Heit hie nei de faem ta west yn Surhústerfean. Doe't er by 't Blauhûs wie, sahwat by de plaets fan Poppinga, oan 'e wei nei Boelensloane, kaem der him in swart ding tomjitte, dat him foarbysweefde. It bleau by him yn 'e buert. It wie in great swart ding. Hwàt it wie koed er net sjen. Heit hat it faek forteld.
nl.verhalenbank.17330
Myn man hat it us meimakke, doe hie er nei Koartwâld nei de faem ta west. Doe hied er in dik swart ding foar him. Hy woe der op út dat it in pleachbeest wie.
nl.verhalenbank.27569
Dat is gebeurd in Hagestein, ik wil maar zegge, d'r liep iemand op de dijk en die had z'n eige zo bang gemaakt, want d'r liep een zwart katjie met 'm mee.
nl.verhalenbank.126001
Der wenne in faem yn 'e Sweagerbosk, dy wie hwat wyld. Jouns wie se altyd bûten warber. Der roan altyd in greate, grouwe swarte houn by har lâns, dat wie in pleachbist. As se sei: "pleachbist", dan krong er tsjin har oan. As se sei "bêst bist", dan rekke er fan har ôf en rekke se him wer kwyt.
nl.verhalenbank.17097
RK: Bijgelovige dingen. Komen die nog wel voor onder de Russen in Nederland? Dus bijgeloof? V: Misschien jij? Weet jij Olga? V: Ja, ik denk dat eh, als een zwarte kat...maar dat is over, ook in Nederland, het is niet typische Russisch., ja. RK: Bestaat dat in Rusland ook, of is dat overgenomen van de Nederlanders? V: Nee, het bestaat in Rusland ook,...
nl.verhalenbank.43538
Op in joun wie 'k mei twa fan myn maten op 'e Gossereed. Doe kom der in hiel great swart frommes oan. Wy woarden alle trije kjel fan dat minske. Sy gong deun by ús lâns en sy seach ús hiel raer oan. Goeije navend, seinen we. Mar sy sei neat werom. En sy wie ynienen samar fuort.
nl.verhalenbank.16053
Doe't âlde Hiske v.d. Meer noch net troud wie, gong se us mei in pear fan har kammeraetskes nei Grinzer merke ta. Doe stie dêr in tinte mei in swarte spegel der yn. "Sille wy ris sjen hwat der foar ús weilein is? sei Hiske. Doe gongen se yn 'e tinte. Mar doe't Hiske yn 'e spegel seach, krige se in deakiste to sjen. Sy wennen yn Grinzer Pein. Har mem is...
nl.verhalenbank.16134
In tsjoenster foroare har soms yn in swarte kat.
nl.verhalenbank.38046
Op it plak, dêr't ús mem it swarte pleachbeest sjoen hat, seach omke Wibe in kear in swarte fôlle.
nl.verhalenbank.25951
In pleachbeest wie in soarte fan grouwe swarte houn. Guon biweare dat se wol us in pleachbeest troffen ha. Ik noch noait.
nl.verhalenbank.27983
Zwarte katten geven altijd ongeluk.
nl.verhalenbank.43220
In tsjoenster koe har yn in swarte kat foroarje, wie 't sizzen altyd.
nl.verhalenbank.33697
Yn Sweagerbosk by 't Wyldpaed by de Swadde lâns, dêr giet de kweade yn 'e nacht lâns. Hy foroaret him dan yn in grouwe, swarte houn. Oan diz' kant it brechje yn 'e Westerein is er faek sjoen woarn. Hy gong dan de Swadde lâns op Kûkherne yn. Dêr wie froeger in paed. Nachts kom de houn by Karste Lamke en Sjoerde Ael op 't hiem. Dat wienen tsjoensters. De...
nl.verhalenbank.16767
As it glês fan 'e petroaljelampe swart brând wie, dan seinen se: der sit in brief op 'e lampe. Dan gebeurde der hwat.
nl.verhalenbank.17320
In swarte kat koe ek in tsjoenster wêze.
nl.verhalenbank.33569
M'n vrouw liep met haar moeder langs de weg aan de Dedemsvaart voorbij de hooibergen. Daar werden de kinderen altijd benauwd gemaakt. Daar langs het weggetje liep een zwart wiefie. Iedereen wist het.
nl.verhalenbank.43258
Heit har ris mei ien fan myn bruorren op 'e kroade nei Surhústerfean ta west. Myn broer wie doe noch in jonge. Doe't se by 't Blauhûs wienen, sei heit: "Sjoch, dêr komt it oan." 't Wie swart, hwat greater as in houn en hwat lytser as in keal. 't Wie in pleachbeest, dat har foarby gong. It die har neat.
nl.verhalenbank.36163
Myn broer Sjoerd is nou sahwat 65 jier dea. Op in joun sei mem tsjin him: Nou ha 'k leafst, Sjoerd, datst joun net wer fuort giest. Mar Sjoerd sei: Ik gean fuort, as stiet de duvel ek foar my. Mar hy wie noch mar krekt ta de doar út of hy kom al werom. Mem: Hwat nou? Ja, sei er, ik gean net fuort. Letter, op it Wyldpaed, fortelde er my, hwat er moete hie:...
nl.verhalenbank.16066
Op it eintsje fan Boelensloane nei it Blauhûs, dêr spoeke it. Dêr roan altyd in dikke swarte houn. Us heit wie skuonmakker, dy hat him dêr wol sjoen. Dy houn roan hinne en wer.
nl.verhalenbank.28039