3,720 datasets found
Dutch Keywords: zien Place of Narration: Harkema
Neffens de forteller (Wierd Kooistra) sit it him yn 'e egen dat der minsken binne dy't foarútsjen kinne.
nl.verhalenbank.27413
Dy grouwe houn ha wol mear minsken dêr sjoen. It wie in pleachbeest woarde der biweard.
nl.verhalenbank.21454
Ik ha ús mem nei har dea sjoen mei de deadsklean oan.
nl.verhalenbank.12359
Tiense Boomsma fan 'e Houtigehage seach nachts altyd lykstaesjes. Sokken wienen der trouwens ek wol yn Boelensloane. Tiense is nou al fiif en fjirtich jier dea. Nachts gong hy út bêd wei. Dan gong er oan 't glês ta en dan die er 't gordyn iepen. Hy fortelde, dan kom der in lykstaesje oan, altyd út it westen wei, hjir oan ta, sei er - hy wenne oan 'e...
nl.verhalenbank.25550
Hjir yn 'e Harkema wennen froeger guon dy koenen altyd krekt fantofoaren fortelle as der wer ien stjerre soe. Dy seagen de bigraffenis al fan tofoaren. Sokken wienen mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.29342
Alde Rapke Wijma fan Surhuzum wie mei de helm geboaren. Dy moest alles sjen, oan 'e lêste ûre fan syn libben ta. De lêste nacht noch, - doe koed er op syn fuotten net mear stean - is er út bêd weiklaud om hwat to sjen. Yn 'e gong is er yn elkoar sakke. Hy makke soms hiele reizen yn 'e nacht, wolris oan Eastemar ta. Rounom gong er hinne. En 't kom altyd...
nl.verhalenbank.23521
Piter Alma mei nòch ien fan 'e Harkema wienen togearre to murdzjen. Doe kommen se by 't kleaster. Dêr gongen se achterút. Se gongen skean de paden oer en stapten oer in bartsje, dat oer de sleat lei. De houn soe der ek oer, mar dy bleau der foar stean en bigong to janken. Hy pipe 't út. "Hark ris," sei Piter, "dit doocht net." "Hwat soe der wêze?" sei de...
nl.verhalenbank.22261
Der sit in munster yn 'e Liuwepoel. Dat munster is grien oer de hûd. Guon ha 't sjoen. 't Komt wol us boven wetter.
nl.verhalenbank.19543
Yn 'e Petten wenne Jille Antsje (J. Hamstra syn wiif). Dat minske wie mei de helm geboaren, seinen se. Dy wist alles foarút. Hja wenne dêr hiel iensum, mar hja wist krekt hwa't der by har lâns komme soenen. Ik en myn wiif binne der is op in nacht om twa ûre lâns kom. Doe stie hja op 'e daem; krekt as wachte se ús op.
nl.verhalenbank.25907
Op 'e Tille wenne in man: Reid Keuning, dy koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Heit en dy sieten dêr faek, en dy ha't wol us sjoen.
nl.verhalenbank.19353
Op in kear seach ik in lykstaesje. 't Wie yn 'e nacht. By 't nije tsjerkhôf bleauwen de minsken stean.
nl.verhalenbank.33014
Jehannes van Minnen wenne yn Droegeham. Hy hie lân yn 't Leech by 't Bouwekleaster. Doe't er al in moai skoft dea wie ha guon him dêr forskillende kearen yn 't Leech sjoen.
nl.verhalenbank.21648
Alde Roel fan 'e Harkema sei, hy hie in fordekte wein sjoen sûnder hynders der foar en 't gong hurd, hurd, hurd. Letter kommen de auto's.
nl.verhalenbank.23527
Op in nacht hearde heit timmerjen en klopjen. Hy gong der ôf en nei de jonges ta. Hy sei: "Hwat wie dat? Hwat dogge jimme?" Mar de jonges leinen to sliepen, der wie alhielendal neat. Doe't heit op bêd gong bigong it timmerjen en sa wer opnij. Letter is 't hûs fan binnen fortimmere woarn. 't Gebeurde yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema.
nl.verhalenbank.23518
Klaes Kooistra hie trije jier yn 'e gefangenis sitten. Mei syn swager Tseard kom er thús. Doe't se oan 't plak ta wienen, dêr't nou it nije tsjerkhôf is yn 'e Harkema, sei er tsjin Tseard: "Kear dy om. Der komt in lykstaesje oan." Mar Tseard seach it net. In pear dagen letter kom de echte lykstaesje. Doe koe Tseard it èk sjen.
nl.verhalenbank.27408
De frou fan myn broer Albert seach froeger by joun allegear ljochten oan 'e Nije Wei, omheech yn 'e loft. 't Liken krekt allegearre lampkes. Letter kamen dêr de lantearnen to stean.
nl.verhalenbank.19531
It gebeurde oan 'e Nije Wei dat op in nacht de feint by de faem weikom. Mar even letter wie hy der al wer. En hy wie sa bleek as in deaden. "Hwat skeelt dy nou?" sei de faem. Hy sei: "Der is hwat. Ik kom in lange lykstaesje tsjin. Alles wie yn 't swart en der woarde net in stom wurd sein."
nl.verhalenbank.27409
Aen Klokje (= A. Alma) roan ris op in jountiid allinne by de grouwe beam lâns doe seach er dêr de skime fan in keardel. Dy hie ek samar wer fuort west. It spoeke dêr altyd by de grouwe beam.
nl.verhalenbank.25746
Yn 'e Bosk - hjir yn 'e Harkema - roannen nachts twa neakene berntsjes om. Dy spoeken dêr. Foppe de Haan hat se dêr alris troffen. Hy doarst der letter noait wer by nacht lâns.
nl.verhalenbank.25742
Yn 'e tsjerke to Visvliet siet in doar, dy gong altyd wer iepen. Samar fansels. De koster hat it faek fornom.
nl.verhalenbank.17527