4,993 datasets found
Dutch Keywords: zien man
Mem fortelde: Sjoerd van der Heide fan Aldegea seach bigraffenissen fan tofoaren, foar dat se der echt wienen. Hy sei dan: "Wy krije earstdeis wer in sterfgefal yn 'e famylje, ik haw de bigraffenis al sjoen."
nl.verhalenbank.33330
Yn 'e Wylp wenne ek in man dy koe lykstaesjes fan tofoaren sjen. Dy leefde yn 'e tiid doe't ik noch jong wie.
nl.verhalenbank.23407
Hjir yn 'e Boelensloane wennet Boardzer Bruining. Dy moest altyd lykstaesjes sjen.
nl.verhalenbank.27601
Lytse Roel van Kammen wennet yn Kollumersweach, yn in hok oan 't spoar. Dy is ek mei de helm geboaren. 't Is in swalker, hy sjocht fan alles fan tofoaren.
nl.verhalenbank.28438
Hjir wienen twa, dy't mei de helm geboaren wienen: Graanstra en âlde Merk. Sy seagen nou en dan lykstaesjes.
nl.verhalenbank.20714
Ik wie hjir ris in kear by de skearbaes yn Drachten. Dêr wie Ruerd ek. Ruerd wennet yn 't earmhus en hy is mei de helm geboaren. De kapper wie mei my oan 't knippen. Ruerd mompele hwat yn himsels. Doe hearde ik dat er sei: "Ja, de oaljemoune is èk ôfbrând. Ik wist wol dat it gebeure soe. 'k Hie 't fan tofoaren al brânnen sjoen." De minsken skodden de...
nl.verhalenbank.33338
Hjir hat in greate rogmoune stien. Dy is letter ôfbarnd. Heit wie noch feint, 't wie op in nacht yn Moarmwâld. Doe't heit by de moune kaem, tocht er: "Hea, dêr stean trije man yn to terskjen. Dat binne trije duten. (Ik kon niet gewaarworden wat 'duten' zijn A.A.J.) Sy tursken alle trije moai op 'e slach. Heit sei: "Ik gong der hinne, en doe wie der niks....
nl.verhalenbank.23706
Tiense Boomsma fan 'e Houtigehage seach nachts altyd lykstaesjes. Sokken wienen der trouwens ek wol yn Boelensloane. Tiense is nou al fiif en fjirtich jier dea. Nachts gong hy út bêd wei. Dan gong er oan 't glês ta en dan die er 't gordyn iepen. Hy fortelde, dan kom der in lykstaesje oan, altyd út it westen wei, hjir oan ta, sei er - hy wenne oan 'e...
nl.verhalenbank.25550
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane koe nachts alle lykstaesjes sjen. As der ien wie moest hy der nachts út. Hy wie mei de helm geboaren. As er mei ien oproan, sei er wol gauris: "Gean even oan kant." Dan seagen dy minsken neat, mar hy wòl.
nl.verhalenbank.26115
Yn Bakkefean wenne in man dat wie Menkema, dy seach froeger altyd lykstaesjes. Hy gong dan oan kant om sa'n lykstaesje passeare to litten.
nl.verhalenbank.21040
Op Kollumersweach wenne in man, dy wie mei de helm geboaren. Dy seach fan tofoaren bigraffenissen.
nl.verhalenbank.23087
Op in kear wie heit mei noch ien yn 'e nacht oan 't murdejeijen tichte by 't tsjerkje fan Lytsewâld. Dy't by heit wie wie in Veenstra. Heit en hy gongen troch 't fjild mei de hountsjes. Doe seagen se dat der in lykstaesje fan 'e Goudberg kom. Dy passearre har en gong nei 't tsjerkje fan Lytsewâld. Se gongen oer de Stuver.
nl.verhalenbank.33525
Ynse Boomsma fan 'e Boelensloane wie mei de helm geboaren. Hy seach lykstaesjes fan tofoaren.
nl.verhalenbank.23481
Yn 'e Kule is him ek al us in lykstaesje tomjitte kom.
nl.verhalenbank.21081
Hindrik Gerks Hoekstra seach us op in nacht in wein riden sûnder hynder der foar. It wie yn 'e foarige ieu, wol tritich jier foardat der auto's kommen.
nl.verhalenbank.24015
Alde Hindrik Ages Kooistra wie frijgesel. Hy wenne yn Garyp. Hy seach fan to foaren lykstaesjes. Hy wie mei de helm geboaren, seinen se.
nl.verhalenbank.23026
Tichte by Fryske Peallen wenne in persoan, as jy dêrmei gongen, dan sei er ûnderweis: "Even oan kant, der komt hwat oan, dat mat rûmte ha." Net ien dy't seach hwat it wie, mar hy sels wol. Dan gong er oan kant oant it passeard wie, dat wie dan in lykstaesje.
nl.verhalenbank.24199
Alde Manus Kûper wenne froeger op 't Fean. Dy biwearde, fan spûkjen en alsahwatmear, dêr moest er neat fan ha. Dêr woed er neat fan wite. Mar doe gebeurde it us in kear dat er de Lege loane lâns kom. Dêr wie hyltyd in bichje west. Dêr wied er mei forlegen west, hy koe 't noait kwyt wurde. Hy sei, Hwat dat to bitsjutten hie, dat mocht de duvel wite.
nl.verhalenbank.23596
Sikke Boukes Zijlstra fortelde, hy roan us op in iensume wei. Achter de beamwâl hearde er in stim. Dy sei: "Soa - ja, soa - ja -, soa - ja." Mar der wie hielendal neat to sjen west.
nl.verhalenbank.24011
Oan 'e Achterwei to Eastemar is in boskje, dat is yndertiid kocht woarn troch Japik Murd (= Hoekstra). Piter Kamminga fan Jistrum kom de Achterwei del. Doe seach er de skime fan in man út dat boskje wei kommen. Hy gong oer de daem. Letter hat Piter dat wol faker sjoen. 't Wie neffens him in spoek.
nl.verhalenbank.34637