3,733 datasets found
Dutch Keywords: vrouw Place of Narration: De Westereen
In nachtmerje is in frommeske. 't Is ien fan sawn dochters.
nl.verhalenbank.36672
In wjerwolf is in soart fan nachtmerje, mar dan in manspersoan. By de Swadde wenne Jelle Bontsje Tyt. Dat wie in wjerwolf.
nl.verhalenbank.20906
Minne Ael wenne by de Swâdde. Dat wie in echte tsjoenster. Dêr wienen se allegear binaud foar. Ien dy't se bitsjoene woe, hat ris tsjin har sein: "Smoarge, âlde duvel, dû kryst my net!"
nl.verhalenbank.33680
Myn buorfrou hat in kear in nachtmerje hawn. Doe sei se gau it 'Onze Vader' op. Doe wie de nachtmerje meiiens fuort gong, doe't se sei: "En verlos ons van de boze." En de nachtmerje hat der noait wer west.
nl.verhalenbank.33865
Hjir yn 'e Westerein roannen froeger pleachbeesten. Alde Jelle Janke hie us nei de winkel ta west to boadskipjen. Doe hat se in great blau dier sjoen. Dat roan mei har op en 't bleau by har oan hûs ta. Dat wie in pleachbeest.
nl.verhalenbank.20573
Yn 'e Verlengde Stationsstrjitte hjir yn 'e Westerein is 't us gebeurd, dat der in hynder en in wein oankom. De wein woe ynienen net fierder. Neffens in âld frou, dy't dêr by wenne, wie 't gjin goed spul. It wie tsjoenderij, sei se.
nl.verhalenbank.21532
It wie sahwat yn 1910. Myn suster roan mei in tas mei negoasje by de huzen lâns. Doe't se de jouns thúskaem, sei se: "Hjoed ha 'k hwat wûnders bileefd. In plaetske yn Sânbulten oer 't spoar hinne stie yn ljochte lôge, doe't ik der lâns kom. Ik roan der hurd op yn, hwant sa'n greate brân hie 'k noch noait sjoen. Mar doe't ik der oan ta wie, wie der neat...
nl.verhalenbank.17484
In frommeske út 'e Westerein hat alris in pleachbeest by har hawn. Hy seach der út as in greate swarte houn. Hy kom by nacht by har, doe wie se ûnderweis. Hy roan mei har op.
nl.verhalenbank.33757
Alde Piters Willemke dy't hjir wenne, wie in tsjoenster. Sy koe fleane. Har man Piter hie gjin skouders.
nl.verhalenbank.26198
Greate Wopke fan Kûkherne koe de froulju samar de klean ôffalle litte, wylst se midden op 'e wei stienen.
nl.verhalenbank.38416
Alde Antsje wenne tichte by ús. Dy fortelde ús al us, hja hie us sjoen - doe lei se op bêd - hja hie opsjoen en doe stie de duvel gleon by har oer 'e flier.
nl.verhalenbank.20539
"In nachtmerje," sei myn skoansuster, "dat is de duvel, dy't by jin komt." Dêrtroch wurde wy sa binaud as wy miene dat wy de nachtmerje ha. Meastal komt der in nachtmerjeman by in frommeske, en in nachtmerjefrommeske by in man.
nl.verhalenbank.20721
Us mem wie ris mei har kammeraetskes nei Feanwâldster merke. Op 'e weromreis wie 't tsjuster. Ûnderweis roan der mem in ding foarby, dat hie in bern op 'e earm. It hie net op in minske like, sei mem. It hie twa donkere strepen oer de lea hawn, fan boppe nei ûnderen ta. It hie ek hwat roppen en it sweefde min of mear.
nl.verhalenbank.34550
Myn man Ringer kom wol mei syn handel yn klaeijng ensa by in âld minske, dat yn 'e Harkema wenne. Dat minske wie mei de helm geboaren. Soms stie se by de doar en dan seach se lykstaesjes. Ringer krige sa'n ôfskrik fan har forhalen, dat hy woarde suver bang foar har en hy kom der dêrom op 't lêst mar net mear.
nl.verhalenbank.20915
Ik ha faek in nachtmerje by my hawn. Myn broer ek. Sa'n nachtmerje hat de gedaente fan in frommes. Ik ha se wol yn 'e hân omknypt. Se ha grouwe poddige hannen. Se gongen altyd boppe op my sitten en knypten my de hals ticht. Se sizze dat út ien húshâlding fan sawn froulju ien in nachtmerje is.
nl.verhalenbank.17481
Tsjoensters foroaren har yn katten. Krige sa'n kat in opdonder, dan krige de tsjoenster in seare earm of skonk.
nl.verhalenbank.36667
Wy ha ris mei in ploechje jongfolk nei âlde Clara ta west. Dy soe ús de kaert lizze. Mar der wie ien jonge by, dy lake hyltyd. Hy hie mei alles de gek. Doe koe Clara it net dwaen, omdat dy jonge sa lake.
nl.verhalenbank.33861
Op in kear wie der in famke yn Ljouwert wei. Hja sochten om it famke. 't Wie joun. Op 't lêst kom se thús. Deselde dy't har thús brocht hie wie in frou, dy't al lang stoarn wie. Op in kear doe't se âlde portretten biseagen út 'e famylje, sei it famke ynienen: "Dat is de frou dy't my thús brocht hat!" Doe wiisde se nei ien fan 'e portretten.
nl.verhalenbank.35988
By ús woarde it hûs fortimmere. Wy hienen in greate húshâlding, der wienen 9 bern en mem forwachte it tsiende. Doe kom der in frou by ús op bisite. 't Wie âlde Auke Tryn. Dy biseach alles fan de fortimmerderije. Doe't se thúskom, sei se tsjin har man: "Och och, 't wie dêr allegear folk yn 'e hûs/yn 't achterhûs en om 'e doar. Sil ik dy ris hwat sizze? Het...
nl.verhalenbank.34562
Dy't mei in helm geboaren wie moest alles sjen. Alde Tsjits, de widdou Rekker seach altyd lykstaesjes. Op in kear stie se yn 'e nacht op in hoeke bûtendoar. Doe seach se allegear regenkleden, dy't wapperen en hja woarde oan kant skoud. Hja hie de lykstaesje yn 'e wei stien. Hja fortelde 't hjir de oare moarns. De oare wyks wie der in sterfgefal op 't...
nl.verhalenbank.33752