4,181 datasets found
Dutch Keywords: voorteken Place of Narration: Harkema
Op in joun wienen der guon, dy seagen yn Droegeham in boereplaets yn 'e brân. Dy minsken wennen op Reahel. Sy lieten har oersette oer 't Knjillisdjip hinne en roannen de kant út fan de Ham. Hwat fierder se kommen, hwat fûlder it brânde. Se wienen oan de Ham ta, doe wie 't út. Dy plaets stiet der noch. Hy is noait opbrând. Mar 't gebeurt fêst in kear.
nl.verhalenbank.16819
Knjillis Sytske wenne by 't foetbalfjild. Sy hat baekstere by Frearke Tetsje. Lys, sei se tsjin my, as't leauste wolste, ja of né, op in kear kommen der seis eksters moai achterinoar oan by ús pomp lâns it paedtsje del. Krekt in bigraffenis. Gjin tsien wiken letter wie myn fanke dea. Sy wie noch mar seis jier âld.
nl.verhalenbank.16070
Doe't Willems Tryn har famke yn 1945 ûnder 'e moalwein deariden is, kommen der trije eksters by har op 't hiem, om har de tiding to bringen.
nl.verhalenbank.16071
By ús beppe kom us in ekster yn 't finsterbank. Dy bringt my tiding, sei se. Trije wiken letter stoar se.
nl.verhalenbank.16073
Anne fan ús Saek wie hjir. De eksters skatteren wol sa bot yn 'e hege beam, dat ik koe 't net langer forneare. Ik smiet der nei mei stiennen. Sy skatteren mar troch. Ik sei: Nou stiet hjir gau de sikenwein hjir. En 't is ek gebeurd. Under 't selde plak dêr't dy eksters sa skatteren, hat de sikenwein stien, doe't Anne de earm bruts.
nl.verhalenbank.16072
Us heit wie us by nacht om in dikke peal út om dy op to stoken. Us mem gong op bêd. Doe't heit yn 'e hûs kom, sei ús mem: Hast hjir earder yn 'e hûs west? Hast hjir nyskes hwat yn 'e hûs brocht? Né, sei ús heit, hoe soe 'k dat dien ha. Nou, hjir is hwat yn 'e hûs brocht. Dat skaefde tsjin 'e middeldoar oan en de klompen woarden tagelyk oer de flier reard....
nl.verhalenbank.16074
Wy hearden beide yn 't bigjin fan ús trouwen faek timmerjen yn 'e nacht, hjir skeanoer. "Hwa mei dêr nou noch timmerje yn 'e nacht?", seinen wy dan. Ik ha der wolris ôf west, om der nei to sjen, mar der wie neat.
nl.verhalenbank.17377
Yn 'e Hamsterpein is ris in kear in buorkerije opbrând. Ik wie doe noch in jong baeske. Ik seach de brân al fan tofoaren. Der binne trouwens mear dy't dy brân fan tofoaren sjoen ha. 't Duorre in pear maend, doe brânde er op.
nl.verhalenbank.28606
By myn skoanâlden yn 'e Bosk hat in hûs yn 'e brân stien. Myn skoanâlden hienen earder yn dat hûs wenne. Piter Schievink seach it fan to foaren al brânnen.
nl.verhalenbank.17379
Hounen spûkgûle as der guon stjerre sille. Doe't Piter syn mem hast dea wie, stie hjir in dikke, bûnte houn to spûkgûlen. Hoe wy him ek smieten en fuortjeije woenen, hy bleau hjir mar stean en hâldde net op mei spoekgûlen.
nl.verhalenbank.16077
Timmerjen hearden se hiel faek fan to foaren. Dan sei de iene tsjin 'e oare: "Mast ris hearre, sa giet it dêr op in timmerjen." Dat is op forskeidene plakken gebeurd.
nl.verhalenbank.16883
It fjûr as foarboade fan in brân wie hjir yn 'e Harkema algemien. In skoft letter brânde sa'n hûs dan op.
nl.verhalenbank.16859
Wy ha fan tofoaren it timmerjen heard oan 'e Malmoune. (de malmoune wie in fjouwerkant hûs foar fjouwer a-soasiale gesinnen; in pear jier lyn waerd dat hûs ôfbrutsen) Ek hearden wy fantofoaren it saegjen en 't smiten mei balken fan it hûs dêr't Sjoerd Stienstra, hjir oer de wei, yn kom te wenjen.
nl.verhalenbank.16068
Trapen se froeger op in pod, dan bigong it to tongerjen, seinen se.
nl.verhalenbank.25781
Froeger hat der in wettermoune stien by de Wide Petten, op 'e Polderdyk. Op in joun om 8 ûre kom ik thús. Ik seach de moune brânnen. Hy stie yn ljochte lôge. Ik fortelde it oan 'e minsken. Mar de oare moarns stie hy der noch, hy wie net ôfbrând. Mar it oare jiers, op in moarntiid mei in dikke bui en in stoarmwyn doe rekke de moune los, doe koe de mounder...
nl.verhalenbank.16820
Wylde lantearnen wie de foartsjirmerije fan 'e lettere fytslampen. Doe't wy froeger yn 'e Bosk wennen seagen wy se hiel folle.
nl.verhalenbank.28924
Trape men op in pod dan krige men swier waer.
nl.verhalenbank.29345
Iksels fornim ek wolris dingen fan tofoaren. Ik ha fiif jier lang yn Limburch west yn 'e minen. Dêr hearde ik soms de lûden fan timmerjen. Dan woarde dêr op datselde plak letter hwat foroare. Dat kom altyd nei. Soms hearde ik it wol in healjier fan tofoaren.
nl.verhalenbank.28605
Yn myn feintetiid, doe't ik noch yn 'e hûs wie, haw ik hjir yn 'e Homear wol gauris timmerjen heard yn 'e nacht. Myn maten ek wol. As wy jouns bûtendoar kommen wie 't dúdlik to hearren. Letter kommen dêr huzen to stean op de plakken dêr't wy it hearden. 't Wie tjirmerije.
nl.verhalenbank.27283
Op in kear doe wie 'k yn 'e Stûken. Doe hearde 'k dêr by in hûs hiel dúdlik, dat se stiennen tsjin elkoar oan klapten. Letter is 't hûs dêr opbrând. Doe ha se 't opnij wer opboud en kom der in boerewein mei stiennen. Doe hearde ik dêr krekt itselde lûd.
nl.verhalenbank.16881