2,667 datasets found
Dutch Keywords: voorteken
Der wie ek in hûs yn Feanwâldsterwâl, dêr wisten se fantofoaren al fan dat it opbrânne soe. Dat fortelde heit.
nl.verhalenbank.38438
Komeet: voorteken van oorlog.
nl.verhalenbank.126666
As men in sweltsjenêst yn 't hûs of oan 't hûs hat, dan kin men gelokkich wurde. As men it útroeget, dan kin dêr sykte út fuort komme. Men mat in sweltsje noait yn 'e hân nimme, hwant dêr wurdt men foar straft.
nl.verhalenbank.17372
k Heb ook wel es n hond jankn heurd midden in de nacht. Nait laank doornoa sturf dr weer aine, en t jankn was toun doan. Doorom zol je toch zegn dat dei daier n soort veurgevuil hebben.
nl.verhalenbank.43485
Alde Tamme Hooijenga dat wie de heit fan Jelle Hooijenga. Dy wenne op Sumarreheide. Dy fortelde dat hy wie ris tichte by de âld tramwei west - mar der wie doe noch gjin tram - doe hearde hy klear in fluitsje. Dat wie it fluitsjen fan 'e lettere stoomtram.
nl.verhalenbank.36026
Yn Drachtster Kompenije is ris in hûs ôfbrând, dat ha se al folle earder yn 'e brân stean sjoen. 't Wie foartjirmerije.
nl.verhalenbank.36967
Ik stie op in joun to Jistrum achter hûs. Doe hearde ik dat it skean achter my drok op in timmerjen gong. Mar dêr wie neat to sjen. Ik tochte by my sels: Kin dit ek foartjirmerij wêze? En dat hat it west. Letter ha wy op datselde plak in hûs krige. Ik wist der doe noch neat fan dat wy dêr in hûs sette litte soenen. Wy binne letter yn dat hûs kom to wenjen.
nl.verhalenbank.36025
Wy hearden beide yn 't bigjin fan ús trouwen faek timmerjen yn 'e nacht, hjir skeanoer. "Hwa mei dêr nou noch timmerje yn 'e nacht?", seinen wy dan. Ik ha der wolris ôf west, om der nei to sjen, mar der wie neat.
nl.verhalenbank.17377
Yn Twizelerheide ha se op in stik lân in ljocht baernen sjoen. Letter bouden se op datselde plak in hûs.
nl.verhalenbank.16967
As in houn spûkgûlt komt der in deaden.
nl.verhalenbank.37407
Anno 1618. hebben wij in dese Landen ghesien de verschricklicke Comeet-Sterre, welckers bittere effecten of beduydinghen/ bykans gantsch Europa gevoelt heeft.
nl.verhalenbank.44946
Yn Garyp yn 'e Westerein gong it yn 'e nacht faek op in timmerjen. Dan woarde ik wekker en hearde der nei. Dat wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.17110
Trapet men op in pod dan bigjint it to tongerjen.
nl.verhalenbank.22783
Yn 'e sechstiger jierren fan 'e foarige ieu, fortelde beppe ha de minsken yn Sweagerbosk de trein al puffen heard. Doe wie der noch fan gjin trein sprake.
nl.verhalenbank.37365
It gebeurde wolris dat de tsjerne midden yn 'e nacht gong, sûnder dat der ien by wie. Dat wie foartsjirmerije. It bitsjutte dat er de oare deis wer draeije soe.
nl.verhalenbank.36639
[Met de helm geboren:] Die mensen zijn kogelvrij.
nl.verhalenbank.127923
Ien kear ha 'k yn 'e nacht in lykstaesje sjoen. Ik wie doe noch in jonge. Ik ha der lange tiid raer fan west. Mar it is by myn witen noait neikom.
nl.verhalenbank.12275
Heit roan ris in kear fan 'e Harkema nei Drachtster Kompenije. 't Wie op in joun. Hy kom de Folgerster loane del. Doe kommen dêr allegear ljochtsjes oan. Heit woarde kjel. Hy tocht: hwat wy nou bileve sille, wyt ik net. Mar even letter wienen dy ljochtsjes ek wer fuort. Heit fortelde 't oan oaren hwat er sjoen hie. In skoftsje letter kom dêr de tram lâns.
nl.verhalenbank.28738
Ik haw us in kear in fjûrbol sjoen op 'e wei nei Garyp. Hy kaem út 'e loft wei en gong earst oer 't lân en rekke doe yn 't wetter, dêr't er weiwoarde. Mar hwer't soks op tsjut, dat wyt ik net.
nl.verhalenbank.17055
Trapet men op in tongerslak, dan bigjint it to tongerjen.
nl.verhalenbank.24893