2,931 datasets found
Dutch Keywords: voorloop Place of Narration: Houtigehage
Sels ha wy it faek hawn, dan gong de doar. Dan gong ik der hinne, mar dan wie der net ien by de doar. Mar dan koe men der mar fêst fan op oan dat der even letter ien kom. Dat wie dan in foarboade.
nl.verhalenbank.37687
Alde Pyt, dy't de ljochten fan 'e tram seach, wie ek in tsjoenster. Dy hie in pod yn 'e rok binaeid. Dy droech se altyd by har.
nl.verhalenbank.37689
Froeger wienen der wol faek wylde lantearnen, fral oan 'e wei fan Olterterp nei de Himrik. Sy seinen doe, dêr soe noch wolris in trein lâns komme.
nl.verhalenbank.23737
Jierren lyn, doe't der noch gjin tramlijn wie op 'e Folgerster loane sei âlde Pyt, dat hja seach hyltyd in wylde lantearne oer de loane fleanen, de hiele loane lâns. Letter wie dêr de tram; dat hat dy lantearne west.
nl.verhalenbank.37683
Doe't der noch gjin tram ried oer de Folgerster loane ha forskeidene lju hjir fan tofoaren dêr allegearre ljochtsjes sjoen. Dat wienen de ljochtsjes fan 'e tram by joun, doe't dy der letter wie.
nl.verhalenbank.28036
Yn 'e oarlochstiid is der in jonge forstoarn fan Atse fan der Heide fan Houtigehage. Skoanmem hie klear de lykwein fan tofoaren oankommen sjoen mei de hynders der foar. Hja wennen doe oan 't Spûkeloantsje ûnder Drachtster Kompenije.
nl.verhalenbank.29414
Hjir yn 'e Houtigehage ha forskeidene west, dy't froeger de tram fan 'e Folgersterloane heard ha, fier foardat dy der noch wie. Dat wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.31106
Hjir is in dobbe, dêr ha se alris 'help help' yn roppen heard, sûnder dat der in minske yn wie. Nou tinke se dat dêr noch ris ien yn fordrinke mat.
nl.verhalenbank.37787
As jo drome oer fisk of oer hynders, dan komt der in sterfgefal.
nl.verhalenbank.29419
Myn skoanmem seach faek wylde lantearnen. Dat wienen de lettere fytsljochten.
nl.verhalenbank.29418
De âld skoalle fan 'e Loane stie flak by de wei lâns. Meint Pama moest dêr us lâns. Hy hie nei 't Fean ta west. 't Wie doe noch sânwei. Doe stie dêr foar it skoallehûs in bult turf yn 'e brân. Dy bult stie dêr yn 'e rounte en Meint koe der net lâns. De flammen sloegen wit hoe heech. "Bist der net hinne gong?" ha se him letter frege. Mar hy sei: "Ik koe...
nl.verhalenbank.21684
Dyselde man syn frou hearde op in joun dat der in lading hout delplofte flak by har hûs. Krekt as waerd it fan in wein smiten. Binnen it jier woardde der op dat plak in nij hûs delset, dêr't hja ynkommen to wenjen. Mar dêr wisten se doe noch neat fan. Doe kaem der ek in wein mei hout oan dat dêr delsmiten woardde. Dat wie deselde plof.
nl.verhalenbank.37685
Sy seinen froeger wolris, dat hûs brânt ôf. Guon ha 't brânnen sjoen. Dan brânde it letter èk ôf.
nl.verhalenbank.24566
Boardzer Bruining hie 't altyd oer lykstaesjes, dy't er fantofoaren seach. Hy wist altyd krekt yn hwat hûs as der ien stjerre soe. Mar dêr praet er nou net mear oer.
nl.verhalenbank.25877
Ik haw us praet mei in man út Wynskoat, dat wie in scheepklinker, dy fortelde my, hy wie op in skip en dêr woarde nachts klonken. It wie sa dúdlik to hearren. Mar doe't se seagen wie der neat to dwaen. De oare deis waerd der echt klonken. 't Wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.23827
De wylde lantearnen dy't wy froeger boppe Boelensloane seagen wienen de foarboaden fan 'e lettere fleanmasines, sa fortelden se hjir.
nl.verhalenbank.37701
Ik ha wol minsken kind, dy't seinen: "Dat hûs ha 'k yn 'e brân sjoen." Dan brânde it letter ôf.
nl.verhalenbank.24650
As in houn spûkgûlt, kin men der mar fan op oan dat der mei gauwens in deaden komt. Dat giet altyd troch.
nl.verhalenbank.29410
Sa gebeurde 't ek dat guon seinen: dêr en dêr sille huzen komme. Wy ha it timmerjen al heard.
nl.verhalenbank.31107
Dêr't âlde Jille Pultrum wenne, wenne earder syn heit Durk. Dy lei op in nacht op bêd, doe hearde er planken ratteljen. In healjier letter troude Bareld Pultrum, in broer fan Durk. Doe moesten se hout leegje yn 'e nacht. Doe hearde Durk krekt itselde lûd wer, mar nou wie 't werklikheit. Doe kom Bareld Pultrum dêr to wenjen. Dêr bouden se in hûs foar.
nl.verhalenbank.23724