2,925 datasets found
Dutch Keywords: voorloop Place of Narration: Eastermar
Ien kear ha 'k yn 'e nacht in lykstaesje sjoen. Ik wie doe noch in jonge. Ik ha der lange tiid raer fan west. Mar it is by myn witen noait neikom.
nl.verhalenbank.12275
Wylde lantearnen hienen jy froeger oeral. Se seinen letter, 't wienen de fytsljochten west: foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.37622
Alde Frytsen wenne yn Eastemar yn 'e foarige ieu. Dat minske gong nachts soms út bêd, dan seach se lykstaesjes.
nl.verhalenbank.37608
As in houn spûkgûlt, komt der in lykstaesje lâns.
nl.verhalenbank.12266
Tsjerke Lize wie heldersjende. Hja wenne oan 'e Mûzegroppewei en moest der hiel faek ôf nachts om hwat to sjen. Sy seach dan meast lykstaesjes.
nl.verhalenbank.12270
Trapet men op in pod, dan komt der tonger, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.29319
Trape men op in pod, dan kom der tonger.
nl.verhalenbank.28383
As de stienûle rôp, rekke der ien dea.
nl.verhalenbank.12280
Nei Eastemar út seagen se dêr froeger gauris ljochtsjes. Dat wienen wylde lantearnen, sa neamden se dy ljochtsjes. It ha de foarboaden west fan 'e fytslampen.
nl.verhalenbank.33849
Us heit wenne froeger oan 'e Hearrewei ûnder Sumar. Faek hat er forteld dat se soms achter hûs lûden hearden; it wie krekt dat der izer oer izer hinne glied. Al gau dêrnei is de tram dêr kom. Dat ha de lûden doe west fan 'e tram dy't oer de rails glied.
nl.verhalenbank.33848
As der in gewicht fan 'e klok foel bitsjutte dat dat der yn 't koart in deaden komme soe.
nl.verhalenbank.28377
Der wie in persoan, dy seach de kant út nei de Mar. Doe seach er hwat oankommen oer it lân. In feart wie der net. It like wol in skip, mar it hie gjin seilen. Letter die bliken, dat ding dat hie de Eastemarre boat west, dy't dêr letter farde op it plak dêr't se letter it kanael groeven ha.
nl.verhalenbank.21832
As der yn 'e nacht eksters op 'e naed fan 't hûs omskatterje, dan komt der yn dat hûs gauachtich in deaden.
nl.verhalenbank.20494
Trije bruorren to Eastemar hearden trije jounen achter elkoar op 'e dyk fan Sapelân guon oan it houtkappen. Mar alle trije kearen, dat se der hinne gongen, wie der neat to sjen. Mar de fyfte dei woarde op dyselde dyk it hout kapt.
nl.verhalenbank.20083
Heit hat ek faek forteld dat der minsken wennen oan 'e Hearrewei dy hearden dêr op in plak hyltyd timmerjen en klopjen en mei balken smite ensa. Letter is op datselde plak de grifformearde tsjerke kom. 't Wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.33850
Yn myn jonge jierren ha 'k it op 'e helling yn Eastemar faek brouwen heard. Soms hammere it ek hiel lûd, dat wiisde der op, dat it dan de oare deis wer drok op in timmerjen gean soe. Sibrich, it wiif fan 'e hellingbaes, sei, dat hja dêr wol graech oer mochten, dan kom der drokte.
nl.verhalenbank.21827
Dizze herberch stie oan 'e koemerk. In pear jier foardat er opbrânde, seach Atse Veltman de koemerk fol reek. De wyn wie sa dat de reek dy kant oergong, en doch stie der neat yn 'e brân. Letter stie yndied de koemerk fol reek. Doe brânde de herberch op.
nl.verhalenbank.21870
Myn omke wenne op 'e Dunen yn Harkema, yn 'e buert fan Abe Nauta. Doe't se de betonwei troch Harkema leinen sei er: dat dogge se foar de soldaten. Hwant hy hie dúdlik sjoen, dat der Dútske soldaten oer de wei marchearden en dat der ek soldaten oer de Dunen kamen. Dat wie yn 1935. 5 jier letter hie men de sitewaesje sa't hy dy sjoen hie. Hy seach wol faker...
nl.verhalenbank.12267
Ik wie goed twintich jier. It gebeurde op it Swartkrús yn 1883. Ik hie om boadskippen west. Ik stapte oer de hekke en sette earst it doekje mei boadskippen del. Doe seach ik in deakiste mei in wyt ding foar de hekke stean. It wie tusken Swartkrús en Jistrum. Even letter bigong it wite ding to sweven, doe letter de kiste ek. (it wie in wyt ding as in...
nl.verhalenbank.21915
Atse Veltman fan Eastemar kom us op in nacht thús, doe seach er de koemerk fol reek. In skoftsje letter brânde 'Het witte paard' op. De wyn wie doe krekt sa, dat de reek oer de skoarstien gong.
nl.verhalenbank.21874