2,569 datasets found
Dutch Keywords: voorloop
Ik liep eens op een avond van Oomsberg naar Mussel door het veld. Voor me aan ging in snelle vaart een licht. In Mussel bleef het ergens staan. Daar staat nu een school en langs datzelfde pad lopen nu schoolkinderen.
nl.verhalenbank.43320
Wy hearden beide yn 't bigjin fan ús trouwen faek timmerjen yn 'e nacht, hjir skeanoer. "Hwa mei dêr nou noch timmerje yn 'e nacht?", seinen wy dan. Ik ha der wolris ôf west, om der nei to sjen, mar der wie neat.
nl.verhalenbank.17377
Yn Garyp yn 'e Westerein gong it yn 'e nacht faek op in timmerjen. Dan woarde ik wekker en hearde der nei. Dat wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.17110
Heit syn heit hat hiel froeger al sjoen dat der fleanmesines troch de loft fleagen.
nl.verhalenbank.17104
Hjir is ris in kear in hûs opbrând, dat se fan tofoaren al yn 'e brân sjoen ha.
nl.verhalenbank.38057
Kiek, aal dai dingen heb ik dus heurd of zölf beleefd. Er was vrouger wal biegeleuf, dat is zo, man verhoaln over veuroet zain is gain oale-wieve proot; dat besteet.
nl.verhalenbank.45055
Ien kear ha 'k yn 'e nacht in lykstaesje sjoen. Ik wie doe noch in jonge. Ik ha der lange tiid raer fan west. Mar it is by myn witen noait neikom.
nl.verhalenbank.12275
Heit roan ris in kear fan 'e Harkema nei Drachtster Kompenije. 't Wie op in joun. Hy kom de Folgerster loane del. Doe kommen dêr allegear ljochtsjes oan. Heit woarde kjel. Hy tocht: hwat wy nou bileve sille, wyt ik net. Mar even letter wienen dy ljochtsjes ek wer fuort. Heit fortelde 't oan oaren hwat er sjoen hie. In skoftsje letter kom dêr de tram lâns.
nl.verhalenbank.28738
Veurloop “Loop nooit deur karresporen”, zeden de mensen. Dan overkomp die een ongeluk.
nl.verhalenbank.43359
Wie sa'n foech kwajonge en wy wennen by de Skieding. De minsken seagen doe de jouns en de nachts allegear ljochtsjes. "Hjir komt straks in trein lâns", seinen se. (In tram wie ûnbikend) Mar it woarde in tram. Sy seagen it jierren fan tofoaren.
nl.verhalenbank.38667
Wylde lantearnen hienen jy froeger oeral. Se seinen letter, 't wienen de fytsljochten west: foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.37622
Myn wiif stie us op in joun foar 't glês to sjen. Doe seach se ynienen in lykstaesje oankommen. De lykwein foarop, mei in man mei in hege hoed der op, allegear minsken yn 't swart der achteroan. Hja hie de jirpels oer en tochte: ik gean even nei achteren om sâlt yn 'e jirpels to dwaen; as ik dan werom kom, binne se hjir sahwat oan ta, dan sjoch ik it...
nl.verhalenbank.17336
Faker as ienkear is 't gebeurd, dat der ien by ús op 't glês tikke. As wy seagen, wie der neat. In skoftsje letter hearden wy presys itselde tikjen en dan wie der ien.
nl.verhalenbank.26855
Klaes Kooistra yn 'e Harkema stapte mei in ploechje oar jongfolk út 'e Harkema de wei del. Doe sei er ynienen: "Even oan kant, der komt hwat oan." Doe kom der in lykstaesje foarby. Klaes wie de iennige dy't it seach.
nl.verhalenbank.26857
Sudema's jonges har heit, âlde Knjillis Sudema hat sjoen dat it hûs fan Douwe Veenstra yn'e brân stie. Hy sei altyd: "Dat brânt nochris in kear op." Mar it is noch net gebeurd.
nl.verhalenbank.17122
Alde Frytsen wenne yn Eastemar yn 'e foarige ieu. Dat minske gong nachts soms út bêd, dan seach se lykstaesjes.
nl.verhalenbank.37608
Diezelfde Terborg heeft ook meer dan eens gezegd: " 'k Zai aol man woagens zunder peerd op de weg tussen Mussel en Onstwedde." Dat waren later de auto's.
nl.verhalenbank.43214
Doe't wy noch op 'e Gariperheide wennen seagen wy dêr soms ljochtsjes op it plak dêr't nou de nije rykswei is. Guon wolle ha dat dat de ljochtsjes west ha fan 'e auto's dy't dêr nou lâns ride.
nl.verhalenbank.35910
Yn 'e Hamsterpein is ris in kear in buorkerije opbrând. Ik wie doe noch in jong baeske. Ik seach de brân al fan tofoaren. Der binne trouwens mear dy't dy brân fan tofoaren sjoen ha. 't Duorre in pear maend, doe brânde er op.
nl.verhalenbank.28606
By myn skoanâlden yn 'e Bosk hat in hûs yn 'e brân stien. Myn skoanâlden hienen earder yn dat hûs wenne. Piter Schievink seach it fan to foaren al brânnen.
nl.verhalenbank.17379