2,898 datasets found
Dutch Keywords: toverij Place of Narration: Eastermar
Docht men duveldrek ûnder 'e drompel, dan kin de tsjoenster der net yn komme.
nl.verhalenbank.29320
Se leinen froeger faek duveldrek ûnder 'e drompel om tsjoensters to kearen. Piter Rauwerda syn heit gong ris nei Jonge Jan fan 't Wytfean ta om duveldrek. Doe sei Jonge Jan: "Dû trefst it, hy hat krekt skiten."
nl.verhalenbank.36173
Guon koenen soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte.
nl.verhalenbank.34639
Yn Droegeham wie in húshâlding, tichte by de Lytse wei, dêr hienen se gauris lêst fan kweade machten. Dan gongen se hinne en leinen hjir en dêr in bledtsje fan 'e bibel del.
nl.verhalenbank.36172
Op Bennema-state to Hurdegaryp is in hekke dy't altyd fansels iepen giet.
nl.verhalenbank.36170
Alde frou Reitsma (Wybenga) fan 'e Koaten is de skoanmem fan myn suster Roas. Roas hat it wol gauris oer har. Sy kin kaertlizze en sy kin yn 't kofjedik sjen. Dêr kin se de takomst út gewaer wurde. En 't komt altyd út. Ik bin eins mar in bytsje bang foar har. Op in kear sei se: "Ik krij hjoed in roun ding mei in stâlle." Dyselde jouns brocht har dochter...
nl.verhalenbank.28367
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Sy seinen altyd, dat yn 'e Harkema, dêr wenne Alle Tet, dat wie de helte fan 'e tiden in kat.
nl.verhalenbank.29314
Alde Knjillis Tjeerdsma fan Skûlenburch koe in ryksdaelder troch de tafel slaen.
nl.verhalenbank.32810
Op 'e Sumarreheide wenne sa'n fyftich jier lyn in boer, dy syn fé hat bitsjoend west. De molke doogde net. Dêr ha se doe de duvelbander èk by helle en doe woarde it wer goed.
nl.verhalenbank.34644
Der hat froeger ien yn 't earmhûs to Eastemar wenne, dy koe tsjoene, seinen se. Dy mat Lutske Veerman al us bitsjoend ha.
nl.verhalenbank.21881
As in bern bitsjoend wie moest men nuddels en spjelden yn wetter siede en dat wetter moest men it bern opdrinke litte. Ritske Aeltsje fan Houtigehage die dat altyd. Sy hie faek mei tsjoenderij to kampen.
nl.verhalenbank.12276
De flaeikloppe mocht froeger net op 'e tersk lizzen bliuwe, foar de nacht. Dy woarde altyd ophong. Oars gong it yn 'e nacht op in terskjen.
nl.verhalenbank.20602
In âld frou yn 'e Harkema koe de duvel ta de hurddobbe út komme litte, seinen se.
nl.verhalenbank.36176
Guon kinne mei in spylkaert - skoppenboer - in flesse drank komme litte.
nl.verhalenbank.29321
Der wie in boer yn Hurdegaryp, dy syn kij gongen om tolve ûre yn 'e nacht altyd oerein yn it lân. Trije brûsden der altyd út. Op 'e stâl gong it krekt en gelyk. Ek al woarden se fêstboun, se rekken altyd wer los.
nl.verhalenbank.21812
To Hurdegaryp wie alear in hekke mei in grouwe stiennen peal oan wearskanten. Die hekke gong altyd fansels iepen. Dat wie de duvel syn wurk. 't Wie tsjoenderij. Guon ha der yn 'e nacht wol by wekke.
nl.verhalenbank.29325
In tsjoenster makke krânsen yn 'e kessens fan it slachtoffer. Frânse Hinke joech de rie dy krânsen to forbrânnen.
nl.verhalenbank.33614
Imke de Jong hat mei in woanskip to Drachten op 'e Dwarsfeart lein. Mar meastal reizge er mei de woanwein. Yn 'e kazerne to Ljouwert koenen se him net hâlde. Siet er yn 'e cachot, hy wie der samar wer út. Gjin slot wie tsjin him bistand. Ek de boeijens hied er yn in omsjoch los. It is gebeurd, dat er op twa plakken yn 'e stêd tagelyk sjoen woarde. Hy gong...
nl.verhalenbank.22085
Fan Hinse de Boer wurdt forteld, dat er by it kijforweidzjen noait in hekke hoefde to sluten. Hy spruts de kij even ta en sy bleauwen yn it stik lân, dêr't se yn wienen.
nl.verhalenbank.20080
In tsjoenster koe har yn allerhande dieren foroarje, ek wol yn in hazze, mar meastal yn in kat. Jaring Hollander hat sa'n kat ris in lawibes jown, doe hie de tsjoenster de oare deis in seare poat. Dat gebeurde oan 'e Lange Wyk.
nl.verhalenbank.33613