1,314 datasets found
Dutch Keywords: sterk Place of Narration: Eastermar
Sterke Hearke mat yn Droegeham wenne ha. Der kom ris in kear in man by him. Doe wie Hearke krekt op it lân oan 't ploegjen. Dy man frege him: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Doe tilde Hearke de ploech op en krige him by de sturt beet. En doe sei er: "Dêr wennet er." Hy wiisde it sté mei de ploech oan. "En hjir stiet er", sei er.
nl.verhalenbank.36027
De flaeijekloppe dêr sieten gatten yn. Dy sloegen wol us út, dan wienen se neat mear wurdich. Hearke die der in kerfke yn mei 't mes, oan elke kant ien, en dan bruts er se foar de knibbels.
nl.verhalenbank.21883
Sterke Hearke is bikend om it forhaeltsje fan it ploegjen. Hy wiisde mei de ploege oan, dy't er omheechtilde, hwer't er wenne, doe't ien him dêr nei frege.
nl.verhalenbank.31910
Sybren Smid forhuze fan Eastemar nei Garyp mei 't skip. It ambyld moest ek mei fansels, mar hja koenen it mei fjouwer man net risse. Dêr kom Bouwe de Jong oan. Dy tilde 't allinne yn 't skip. "Gean mar even oan kant", sei er. Bouwe de Jong fan Eastemar wie ôfgryslike sterk.
nl.verhalenbank.21838
Hanne Ljibbes (= Jehannes Bosma) wie tige sterk. Doe't er sa'n 45 jier âld wie krige er 't yn 'e holle. Doe ha se him fêstboun oan 'e leider. De leider makken se mei krammen oan 'e flier fêst. Doe ha se Hanne Ljibbes dêr oan fêstboun mei nij, dik tou, dat se krekt kocht hienen. 't Wie in goeije finger dik. Oan twa, trije kear ta hat er him losskuord, sa...
nl.verhalenbank.36598
Der kom ris in fremde man yn Droegeham, dy woe nei Sterke Hearke ta. Hearke stie op 't lân. Hy wie oan 't ploeijen. Dy man frege him hwer't Hearke wenne. Hearke krige de ploech by de sturt beet en sei: "Dêr wennet sterke Hearke en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.34636
Sterke Hearke krige de sekken sied by de tûfen beet, sa smiet er se op 'e wein.
nl.verhalenbank.22086
Doe't Hearke al âld wie. Soed er us in kroadfol sân út 'e foarikker fan 'e bou helje. (De foarikker woarde froeger noait biboud) Dat kroade dêr o sa min. Doe seach Hearke earst om him hinne as der ek guon wienen, dy't him sjen koenen. Doe tilde er de kroade mei sân by it foarsket en by de oare earm op en sa tilde hy him oer de bou hinne.
nl.verhalenbank.19949
Ek in kear doe hie er oan 't kroadzjen west út 'e pream wei. Doe't de pream leech wie, moesten de kroaden yn 't lege skip oerbrocht wurde. Doe stuts Bouwe de Jong dy kroaden mei de stokken rjochtút oan 'e earms yn 't skip. Bouwe wie fearskipper.
nl.verhalenbank.21839
Hy naem acht sekfollen sied op 'e kroade, dêr kroade er mei nei 't fearskip ta dat yn 'e haven lei. Sa kaem er by Jehannes Minsinga, de fearskipper. "Hwer wolst se ha?" frege er Jehannes. Dan roan er oer 'e planke mei ûnder elke earm in sekfol. Hy die alles kalm.
nl.verhalenbank.36599
Hearke hie in hekel oan 'e tsjinst. Hy bleau gelyk stean, as se yn 'e hâlding stean moesten.
nl.verhalenbank.22089
Sterke Hearke wie ris yn Readskuorre oan 't wurk. Hy wie oan 't dongladen. Doe koe it hynder de wein mei dong net út it skerngat krije. Hearke spande it hynder út en krige de folle wein by 't tiksel beet. Sa luts hy allinne de wein út it skerngat wei.
nl.verhalenbank.35927
De sterkste keardel dy't ik kend ha wie Klaes Hearres Zandberg. It wie in sydlingse neikommeling fan Sterke Hearke. Hy wenne op Skûlenburch. By de strietwei lâns stienen grouwe stambeammen. Der woarden guon fan kapt. Klaes en syn broer Sibe leinen dy dikke stambeammen togearre op in boerewein.
nl.verhalenbank.35926
Rixt wie syn dochter. Dy wie ek o sa sterk. Se tsjinne by de boer, njonken de smid. Dy smid hie in feint, dy stuts har de gek oan. "Ik krij dy wol wer", tocht Rixt. Doe't der net ien yn 'e smederij wie, krige se it ambyld en naem it fan 'e klosse ôf en sette it op strjitte. Doe wienen se deaforlegen, hwant net ien koe dat ambyld wer op syn plak krije.
nl.verhalenbank.19950
It is ris gebeurd, dat it Jistrumer folk hwat oerstjûr rekke. Pake wie der ek by. Ien fan 't jongfolk sette 't bot yn 'e kant. Doe woarde Hearke helle. Hearke sei: "Jonge, dû mast sa lulk net wurde." Hy krige de jonge by de hân. Doe kom dy it bloed ta de fingerseinen út.
nl.verhalenbank.22087
't Mat us in kear gebeurd west ha dat se in hynder spanden foar in wein dy't swier laden wie mei jirpels. Mar it hynder koe 't net lûke. Doe ha se Sterke Hearke fan de Ham der by roppen. Dy sette de rêch tsjin 'e wein oan en dêr gong 't hinne. De silen fan 't hynder hongen slop, sa sterk wied er.
nl.verhalenbank.21882
Der siet op it Kleaster by Bindert Japiks in foer hea klem tusken de skuorredoarren. De hynders koenen it hea net yn 'e skuorre krije. Doe woarden dy der foar wei spand en kom Hearke by de fjilden to stean. Hy hat allinnich de wein der troch krigen. Sa sterk wied er!
nl.verhalenbank.19948
Hearke syn heit wie eksteur (in soarte fan pelysje mei in stôk). Op in kear kom der ien by de eksteur, dy wie sterk en woe wolris sjen, of Hearke it tsjin him hâlde koe. De eksteur sei: "It treft net, Hearke is net thús." Der lei in grouwe stien njonken de doar. "Sjoch," sei de eksteur, "dy stien smyt Hearke in roede fier fuort." Mar dy oare koe de stien...
nl.verhalenbank.22088
By Bindert Japiks op it Bouwekleaster hienen se in tige wyld interhynder, dat se noait krije koenen. Doe gong Hearke om 't hoekje fan 'e skuorre stean en doe't it foarby soe, pakte er it gau by de sturt beet en sei: "Ho, net fierder." It hynder tjirge him tige, en prebearre los to kommen, mar hy krige de kâns net. Hwat Hearke ienkear yn 'e hannen hie,...
nl.verhalenbank.20488
Sterke Hearke wie arbeider op it Bomkleaster. Heit wie dêr yndertiid ek arbeider. Se wienen us yn 'e ûngetiid. Doe moest der in foer hea ta de skuorre yn, dat koe net troch de skuorredoarren. 't Wie hwat to grou. Doe sei Hearke: "Ik pak it tiksel beet, as jimme fjouweren de fjilden beet krije en fan achteren skouwe, dan sille wy 't wol oprêdde. Heit wie...
nl.verhalenbank.22265