942 datasets found
Dutch Keywords: sterk
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Dat wie krekt sa'n ien as sterke Ynse fan Bakkefean.
nl.verhalenbank.21048
Fan Sterke Hearke fortelde Reitsma 't forhael fan 'e ploege.
nl.verhalenbank.18185
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Der kaem ien by him, dy sei: Kinne jo my fortelle hwer't Sterke Hearke wennet? Doe hie Hearke mei ien hân de ploech optild en dêrmei nei de plaets wiisd. "Dêr wennet er", hied er sein.
nl.verhalenbank.36671
Sterke Hearke a It forhael fan 'e ploege.
nl.verhalenbank.19478
Yn Burgum wenne sterke Fije, dy mat hiel hwat yn 'e bouten hawn ha.
nl.verhalenbank.16969
Sterke Hearke ken ik allinne by namme, ik wyt neat fan him.
nl.verhalenbank.24926
Sterke Hearke: it forhael fan 'e ploege. It wie in âlderwetske sturtploech. Hy krige de ploege by de sturt beet en sa tilde er him op.
nl.verhalenbank.19683
Het sterkste verhaal op dat punt is...dat ik ooit gehoord heb...eh, moet je me even meehelpen..een hectoliter haver, even kijken, dat zal, ik denk 70 pond zijn, kan ook 80 zijn..zak dan he, een zak vol haver. Daar leg je er nog eentje bovenop. Dan heb je vier zakken. Hm. En er was één kerel hier in Bellingwolde, dat was een boer, diezelfde kerel woont ook...
nl.verhalenbank.43844
It bikende forhael fan de ploege.
nl.verhalenbank.19564
Alde Melle potskipper fan Sumar farde op 't fearskip. Dy wie èk tige sterk. Op in kear hied er in fracht fan 'e smid yn de Pein. Wylst de smid yn 'e hûs siet to kofjedrinken krige Melle 't ambyld fan 't blok en sette 't bûtendoar del. Mei man en macht koenen se it net wer toplak krije. Doe moest Melle komme. Dy sette 't wer op 't blok del.
nl.verhalenbank.36224
Sterke Hearke mat yn Droegeham wenne ha. Der kom ris in kear in man by him. Doe wie Hearke krekt op it lân oan 't ploegjen. Dy man frege him: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Doe tilde Hearke de ploech op en krige him by de sturt beet. En doe sei er: "Dêr wennet er." Hy wiisde it sté mei de ploech oan. "En hjir stiet er", sei er.
nl.verhalenbank.36027
Hearke hat in dochter hawn, dat wie Rixt. Dy mat like sterk west ha as Hearke sels. Hja hat yn Burgumerheide wenne.
nl.verhalenbank.38368
Yn Broeksterwâlde hat in hiel sterke keardel wenne, dy neamden se de dommekracht fan Broeksterwâld.
nl.verhalenbank.36434
(Hja docht it forhael fan Sterke Hearke en de ploege. Mar hja neamt him sterke Sake. Lykwols mat der neffens har ek in Sterke Hearke west ha)
nl.verhalenbank.18093
Sterke Hearke wie de sterke keardel dy't altyd neamd waerd. Mar ik ken der net in forhaeltsje fan.
nl.verhalenbank.38292
Dyselde Ultsje Klazes goaide ek ris op in kear in soldaet oer de hage hinne. Dat wie in Frânsman.
nl.verhalenbank.37162
As ien tige sterk is, wurdt der hjir sein: Dat is famylje fan Sterke Hearke. Ek wol: Dat is ien fan Sterke Hearke.
nl.verhalenbank.18208
(ek it forhael mei de ploege woarde forteld)
nl.verhalenbank.19499
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe bleau der in man by him stean, dy sei, hy moest dêr en dêr wêze. As Hearke him ek oanwize koe hwer't dat wie. Doe sei Hearke: "Sjoch, dêrre. Dêr wennet dy man dy't jo ha matte." Hy krige de ploech yn 'e iene hân en wiisde dêr it plak mei oan.
nl.verhalenbank.38680
Greate Pier wie och sa sterk. Doe't ien him ris frege hwer't er wenne stuts er de ploege rjocht foar him út. Sa wiisde hy it plak oan.
nl.verhalenbank.36109