4,388 datasets found
Dutch Keywords: man Place of Narration: De Westereen
Op 'e Spûkloane spûke in âlde hear.
nl.verhalenbank.38515
In wjerwolf is in soart fan nachtmerje, mar dan in manspersoan. By de Swadde wenne Jelle Bontsje Tyt. Dat wie in wjerwolf.
nl.verhalenbank.20906
Der wie in man, dy hie krekt út 'e broek west. Hy seach om nei hwat der lei. Dat wurdt folle dien. Doe frege in man him: "Hwerom sjogge jo dêrnei?" Hy sei: "Ik woe ris sjen as der foar dy wol genôch wie. Oars soe 'k der noch in stik by skite."
nl.verhalenbank.37156
Alde Baeije Ike hie altyd nachts in nachtmerje by him.
nl.verhalenbank.29755
Sterke Hearke koe omraek wrakselje. Hy woun it fan elkenien. Op in kear wied er oan 't ploeijen. Doe kom der in man by him op it lân. Dy koe him net. Hy wie kom om mei Sterke Hearke to wrakseljen. Dêrom frege er Hearke: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Hearke hie de ploech beet krigen en him rjochtút stutsen. "Dêr wennet er, en hjir stiet er", hied er sein....
nl.verhalenbank.35989
Myn buorman wenne yn 'e Kerkstraat. Syn frou fortelde ris by ús, doe't hja togearre by ús to praten wienen, hja wienen alris togearre op in joun op bisite west, doe waerd har man samar ûnforwachts optild en in ein fuort smiten.
nl.verhalenbank.31997
Hjir wennen twa mannen, dy koenen allebeide omraek fortelle. De iene sei der altyd achteroan: Dy't it it lêst forteld hat leeft noch. En de oare sei der achteroan: En ze hebben bij de glazen opgescheten en 't was dag.
nl.verhalenbank.33873
Yn 'e Kule is him ek al us in lykstaesje tomjitte kom.
nl.verhalenbank.21081
Alde Piters Willemke dy't hjir wenne, wie in tsjoenster. Sy koe fleane. Har man Piter hie gjin skouders.
nl.verhalenbank.26198
Sizwurd: Hy is sa sterk as Sterke Hearke.
nl.verhalenbank.33745
Der hat ris in jonge by ús mem west, dy woarde fan 't paedtsje ôfsmiten yn 'e sleat. Hy rekke ûnder wetter. En der is noait ien west dy't dêr ien sjoen hat dy't it die.
nl.verhalenbank.36829
Fokke Veenstra wenne hjir yn 'e Westerein. Dy wie like sterk as Sterke Hearke. Hy luts faek in wein foarút, as de hynders it net dwaen koenen.
nl.verhalenbank.26193
"In nachtmerje," sei myn skoansuster, "dat is de duvel, dy't by jin komt." Dêrtroch wurde wy sa binaud as wy miene dat wy de nachtmerje ha. Meastal komt der in nachtmerjeman by in frommeske, en in nachtmerjefrommeske by in man.
nl.verhalenbank.20721
As heit hwat oan mem fortelde, dan paste mem der op of it ek neikomme soe. Hwant hja twifele soms oan syn wurden. Mar it kom altyd út. Hwat hy fan tofoaren sjoen hie, dat gebeurde letter.
nl.verhalenbank.34547
Hjir hat in hiele hiele sterke man wenne. Dat wie Fokke Veenstra. Op in kear wie er oan 't ploegjen op in eker. Doe kom der in man by him op it lân. Dy frege him: "Hwer wennet Fokke Veenstra?" (It wie Jaep Eiberts syn heit). Doe krige Fokke de ploege fan 'e groun en hâldde him foar him út. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.34593
Op 'e heide sweefde froeger in gleone man.
nl.verhalenbank.26197
Us heit is us in kear út 'e herberch kom. Doe waerd er samar opnom en yn 'e Spoarsleat smiten.
nl.verhalenbank.20727
Hjir wie in man, dy neamden se Sipke Moaiwaer. 't Wie yn myn jonge jierren al in âld man. Hy hie in stok yn 'e hân, dêr sieten allegear kleurde linten oan. Hy seach altyd yn 'e loft. As de bern him fregen nei 't waer en 't soe moai wurde, dan nom er it blauwe lint yn 'e hân. Mar hy hat ek foarspeld dat der oarloch komme soe. Dat wie fóár 1914 doe't er dat...
nl.verhalenbank.33859
Der wie froeger in man, fortelde ús mem, ik leau dat dy Klaes Kunst hiet. Dy hie op in kear de mage oer de line. Dy hie er útspield. Doe kom der krekt in houn oan en dy naeide mei syn mage út. Mar hy hat him wer to pakken krige. En hy krige him der èk wer yn.
nl.verhalenbank.33871
Op in kear wie Sterke Hearke oan 't ploegjen op 't lân. Der kaem in man by him, dy sei: "Ik mat Sterke Hearke ha." Hearke tilde de ploech op en stuts dy rjochtút. "Hjir stiet er," sei er, "en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.36855