3,678 datasets found
Dutch Keywords: man Place of Narration: Augustinusga
In kammeraet fan my hat us in pleachbeest njonken him hawn. Hy roan op in joun allinne. Der kom in grouwe houn by him, dy roan deun tsjin him oan. Doe't er yn it doarp wie yn 'e buorren, gong de houn wer fuort.
nl.verhalenbank.23865
Op it Langpaed tusken Harkema en Surhuzum rolle altyd in lekken om. Dat spûke dêr. Dat wie ornearre foar in man dy't net in deadslekken mei krigen hie yn 't graef.
nl.verhalenbank.37097
Jan Hepkes wie koopman yn fellen. Dy helle er altyd op op 'e fyts. Dan wie sa'n fyts fan foaren swier biladen mei fellen. Wyn of gjin wyn, jy seagen Jan Hepkes altyd fytsen. Hy plichte to sizzen: "'k Fyts altyd mar leafst yn 'e wyn op. Dat rydt moai stevich."
nl.verhalenbank.34540
De Veenstra's fan Drachtster Kompenije wienen ôfgryslike sterk. Ik ha sjoen dat ien in murde grint samar op 'e nekke nom en der mei fuort roan.
nl.verhalenbank.27215
Us heite heit fortelde: Yn 'e Harkema wennen se froeger yn spitketen. Dat wienen húskes, meast fan seadden, mei lege weechjes. De muorre fan 'e lege weech wie fan seadden en it tek fan strie. Op in kear doe slepten der froulju ûnder 'e lege weech yn ien fan dy keten op 'e heide. In keppeltsje feinten woe nei dy froulju ta. Hearke kom se oer 't mad. Hy wie...
nl.verhalenbank.21858
Master Veenstra fan Stiensgea fortelde us: Ik wie noch in jonge man. Us mem wie widdou. Doe roan ik us by de Feanster feart lâns. Dêr lei in wenskipke, dêr't in âld man yn wenne. Der kommen rare gelûden út dat wenskipke wei. Letter is dêr in âld man oerfallen, doe woarden dyselde rare lûden heard. 't Wie sahwat yn 1910.
nl.verhalenbank.23647
Us pake - Fokke Ulkes Boijus - wenne hjir achter de Bosk. Hy seach ljochten fleanen en wist doe net hwat dat wie. Letter woarde it him dúdlik. It hienen de foarboaden west fan 'e lettere autoljochten.
nl.verhalenbank.27668
Alde Boele de Vries, dat wie Anne de Vries syn pake. Dat wie in hiele raren. Dy hat it wol sà raer fortoand yn syn leven. Op in kear kom er mei 't wiif fan Surhuzum. Hy moest nei 't Wêst fan Stiensgea. Doe't se oan 't pypke ta wienen, dêr't nou de grifformearde tsjerke stiet, doe foelen de beammen samar foar har del op 'e wei. Doe hat er rare binaud west.
nl.verhalenbank.23754
Der wenne in man yn Lytsepost, dy hearde al fan to foaren, foardat de spoarlyn oanlein wie, de trein fan Bûtenpost.
nl.verhalenbank.23758
By de grifformearde tsjerke yn Surhuzum wie ris in man forsûpt. Nei dy tiid spoeke hy dêr altyd noch, seinen se.
nl.verhalenbank.27661
Ik haw wol ien kend yn Surhuzum, dy seach wolris fan tofoaren dat der in lykstaesje foarby gong. In skoftsje letter wie der dan in echte bigraffenis.
nl.verhalenbank.27671
Myn swager sei, wylst er yn 'e nacht op bêd lei: "Ik seach in dikke murd oankommen, dy kom stadichoan neijer by my. Op 't lêst siet er my op 't boarst. Doe krige ik it ôfgryslike binaud. 't Wie krekt as woarde my de hals tichtknypt. It wie in nachtmerje.
nl.verhalenbank.27667
Der wie us in man, dy kom by in boer, dy't krekt oan 't melken wie. Hy hie och sa'n toarst. Hy frege de boer: "Soe 'k wol hwat molke ha meije?" "Né", sei de boer. Mar de man koe bûksprekke. Doe wie 't krekt as sei de koe: "Jow dy man hwat molke." De boer woarde ôfgryslike kjel en joech de man in dingfol molke.
nl.verhalenbank.22864
De trein fan Ljouwert nei Grins wie der noch net, doe sei in man: "Ik ha dêr hwat fleanen sjoen troch 't Noarden. Tolve, trettsjen weinen achter elkoar oan, sûnder hynder en dat gong pof - pof - pof - pof." Letter kom de trein dêr lâns.
nl.verhalenbank.23855
Sytse Jager fan 'e Harkema ha 'k faek mei hawn to murdejeijen. Hy wie de raerste fan 'e Harkema. 't Koe him allegearre neat skele hwat er sei of hwat er die. Doe woarde er op in kear opnom en oer de dyk hinne smiten. En doe hat de duvel him in ôfgrysliken wân jown. Sûnt wie Sytse fjûrbinaud. Hy doarst der jouns net mear allinne op út. As wy to murdejeijen...
nl.verhalenbank.34531
Der wie us in man, dy soe nei sterke Hearke ta. Doe seach er ien dy wie op 't lân oan 't ploegjen. Hy der hinne. Sy hienen froeger fan dy ploechjes mei ien sturt der oan. De man sei tsjin deselde dy't oan 't ploegjen wie: "Soenen jo my ek sizze kinne, hwer't Sterke Hearke wennet?" Dy't oan 't ploegjen wie, dat wie sterke Hearke sels. "Jawol", sei Hearke....
nl.verhalenbank.23862
Hearke wie wol tige sterk, mar hy wie der net linich neffens. Us pake en dy wienen us oan 't ûngetiidzjen op in hoekje greid mei har trijen. Dêr njonken wienen fiif man oan 't wurk, dêr wie Sterke Hearke ek by. Dat wie folle lytser stikje lân. Mar pake en dy hiene gâns earder klear west.
nl.verhalenbank.23863
Ek in kear doe wie de wein fol dong en dy stie yn 't skerngat. De beide hynders koenen de wein der net wei krije. Doe smiet Hearke de silen los, hy krige sels it tiksel yn 'e hân en luts it der sels út. Rienk van der Meer fortelde 't my, dy arbeide mei him. Se neamden Hearke altyd 'pake'.
nl.verhalenbank.27634
Hjir yn Stiensgea hat in famyljelid fan him wenne. Dy wie by de boer yn 't wurk. Hy hiet ek fan Hearke. Dy wie ek wol sà sterk. Se laedden in kear hea op 'e wein. Doe sei de boer tsjin him: "Jo stekke àl hwat dikke stikken op. Tink om 'e sydljedder. Dy mat it hâlde, ik wol 't spul net stikken ha." "Ik sil der om tinke", sei Hearke. Mar doe wie 't al to...
nl.verhalenbank.27636
Yn Surhuzum wennen froeger in stik of hwat manlju die sieten wol gauris yn 'e kroech. It wienen guon, dy joegen nergens om. Op in joun sieten se wer by IJe Hulshof yn 'e kroech. Doe seinen se: "Sille wy hjir meiïnoar it Heilig Avondmael ris hâlde?" Ien lêsde it avondmaelsformulier foar en dielde bôlle en wyn út. Mar sy binne raer thúskom. Ien fan dy...
nl.verhalenbank.23860