5,352 datasets found
Dutch Keywords: man nacht
Ik ha wol us fan ien heard, dêr seinen se fan dat it in wjerwolf wie. In wjerwolf is in forskuorrend beest, dêr't in man him yn foroarje kin. Hy kin der sels neat oan dwaen, hy mat it dwaen, of er wol of net. 't Is syn twadde natuer. It gebeurd inkel by nacht. Dan mat hy der út en dan mat er hwat forskuorre. As er op in bipaeld ding trapet - hwatte, dat...
nl.verhalenbank.23486
Alde Baeije Ike hie altyd nachts in nachtmerje by him.
nl.verhalenbank.29755
In nachtmerje is in minskelik wêzen. Meastal is 't in frommeske, mar soms is 't ek wolris in man. Der wurdt wol biweard dat as der sawn dochters binne dan is ien dêrfan in nachtmerje. In nachtmerje giet de minsken nachts op it boarst sitten.
nl.verhalenbank.37223
Tiense Boomsma fan 'e Houtigehage seach nachts altyd lykstaesjes. Sokken wienen der trouwens ek wol yn Boelensloane. Tiense is nou al fiif en fjirtich jier dea. Nachts gong hy út bêd wei. Dan gong er oan 't glês ta en dan die er 't gordyn iepen. Hy fortelde, dan kom der in lykstaesje oan, altyd út it westen wei, hjir oan ta, sei er - hy wenne oan 'e...
nl.verhalenbank.25550
Op in kear wie heit mei noch ien yn 'e nacht oan 't murdejeijen tichte by 't tsjerkje fan Lytsewâld. Dy't by heit wie wie in Veenstra. Heit en hy gongen troch 't fjild mei de hountsjes. Doe seagen se dat der in lykstaesje fan 'e Goudberg kom. Dy passearre har en gong nei 't tsjerkje fan Lytsewâld. Se gongen oer de Stuver.
nl.verhalenbank.33525
Hindrik Gerks Hoekstra seach us op in nacht in wein riden sûnder hynder der foar. It wie yn 'e foarige ieu, wol tritich jier foardat der auto's kommen.
nl.verhalenbank.24015
Op in kear seach ik in lykstaesje. 't Wie yn 'e nacht. By 't nije tsjerkhôf bleauwen de minsken stean.
nl.verhalenbank.33014
To Hurdegaryp op Bennema-State giet om tolve ûre yn 'e nacht de hekke iepen. En sy hâlde him dan mei gjin mooglikheit ticht.
nl.verhalenbank.24043
Ik reizge yn myn jonge jierren op 'e fyts nei de faem ta dy't yn De Pein wenne. Iksels wenne yn Bakkefean. It wie ier yn 'e moarn. Ik wie op 'e weromreis en 't wie tsjuster om my hinne. Tusken Foarwurk en Bakkefean, sahwat op it plak dêr't it Ald Djip ûnder 'e feart troch giet, krige ik in skaed yn 'e lantearne, mar ik ha noait hwat sjoen. It wie gjin...
nl.verhalenbank.26084
Taeke hut (= T. Alma) fan 'e Harkema kom by nacht us in lyts hountsje tsjin. "Astû godfordomme fan 'e duvel biste, dan wol ik mei dy slaen", sei er tsjin 't hountsje. Doe pakte dat hountsje him; dat wie ynienen in keardel woarn. En dy hat Taeke bûnt en blau houd. Taeke hie der swart útsjoen. Dy keardel, dat wie de duvel.
nl.verhalenbank.26113
Anne Feddema (^) fortelde: Ik wie us yn 'e nacht bûten ('t Wie yn Broek). Doe kaem der in juffer oan. Ik bleau stean om to sjen. Doe wie se samar ynienen wei.
nl.verhalenbank.18188
Lútsen Rinkelsma wie oan 't baggeljen. It wie net in bêsten ien. Hy sliepte yn 'e keet. Nachts woardde hy út bêd wei helle troch in man. Dat wie de kweade. Hy woardde troch de baggelgatten jage en smiten en hy koe him de kiezzen wol yn 'e bek telle. En hy hie sels oan elke hier in switdrip. It is my 52 jier lyn forteld. Ik wie doe 13 jier.
nl.verhalenbank.32401
Flippus Hamstra wenne yn 'e Harkema yn 'e Smoarhoeke by de Liuwe-poel. Op in moarn soed er nei de boer ta. 't Wie sahwat trije ûre. Dy boer wenne yn Stiensgea. Underweis stie der ynienen in hiele grouwe houn foar him. Dy koed er net foarby komme, dy houn dy kearde him, dy roan hyltyd mar hinne en wer. Hy is doe werom gong. Dy houn wie in pleachbeest.
nl.verhalenbank.29357
Fan Grinzer Pein farde der in boat nei Grins ta. Dêr gongen de kooplju tiisdeis altyd mei. Mar de boat wie Albert Gjaltema to djûr. Hy wie ek koopman. Hy koe guodkeaper mei de snikke, dy lei by de Keale wei. Dat wie twintich sinten guodkeaper. Sa hied er in kear mei de snikke nei Grins ta west. Doe't er oan wâl stapte wie 't tsjuster. Hy moest de...
nl.verhalenbank.25551
Wytse Hountsje (= W. van der Wal) fan Sumarreheide wie froeger fédriuwer. Op in nacht fan tongersdei op freed, doe't er mei fé nei Ljouwerter merk ta soe, hat er in grouwe swarte houn sjoen, mei greate eagen. In great ketting sleepte achter him oan. Hy hat it my sels forteld. It doogde net mei dy houn.
nl.verhalenbank.33332
In nachtmerje is net altyd in frommeske. Ik en myn broer Ielke wienen yn Dútslân oan 't wurk. Der wie yn datselde hûs, dêr't wy yn 'e kost wienen, nòch in kostgonger. Dat wie neffens myn broer in nachtmerje. Ik en Ielke slepten byelkoar yn 't selde bêd. As wy in skoftsje lein hienen, sei Ielke: "Dy forrekte keardel!" "Hwat nou, jonge?" sei 'k. "Ik kin...
nl.verhalenbank.24458
Pake fortelde, 't wie faek gebeurd, dat se yn 'e nacht terskjen hearden op it lân. Dan woarde der in dei of hwat letter ek werklik tursken.
nl.verhalenbank.22175
Hjir hat froeger in âld man wenne, dy hong nachts faek oer de ûnderdoar hinne, dan moest er hwat sjen. Heit hat him sa in pear kearen sjoen, as er yn 'e nacht fan 't terskjen werom kom.
nl.verhalenbank.16777
Bontsje Keeke hie it net maklik. Soms hied er noch mar in healûre op bêd lein, dan moest hy der út om hwat to sjen.
nl.verhalenbank.23900
In nachtmerje wie in frou, dy't de lju nachts op bêd opsocht en har pleagde.
nl.verhalenbank.33256