Blauwbaard wenne op 'e oare ein yn Haulerwyk, flak tsjin Feanhuzen oan.
Miene vader hauw ’t dèkser euver emes oet Hulsberreg. Hèè wis ’t wir van de grwoatouwers van zien ouwersj. Dè mān ging te voot mèt ‘ne kruuker nao Kèrrekrao veur koole te hoole. Hèè mòòs waal hiël vreug weg sjmörges.
nl.verhalenbank.49043
By de Skilige Piip op 'e Godloas Singel spûke de âlde hear.
Sterke Hearke wie de sterke keardel dy't altyd neamd waerd. Mar ik ken der net in forhaeltsje fan.
Sterke Hearke wie sa sterk, dat er samar in ploege foar him út stiek.
By 't Godloas Tolhek dêr spokke in hynder om.
By de Godleas Singel spokket in âlde hear.
Op Teadehoekje, oan 'e wei nei Boarnburgum spoeke in sekere Teade, dy't dêr formoarde woarn is.
Mem fortelde: Sjoerd van der Heide fan Aldegea seach bigraffenissen fan tofoaren, foar dat se der echt wienen. Hy sei dan: "Wy krije earstdeis wer in sterfgefal yn 'e famylje, ik haw de bigraffenis al sjoen."
nl.verhalenbank.33330
Hjir hat in man bitsjoend west, dat wie in soan fan Sytse Hanne. Mar hoe't dat gien is wit ik net.
Heit hat Hearke wol kend. Hy wie nochal lui, sei heit; hy makke noait haest.
Sterke Hearke mat ek sterk west ha en Sterke Ynse ek, mar ik ken se allinne fan namme.
Jan Hepkes wie ris by in boer oan 't meanen. Doe hearde hy ynienen: klink. Doe hied er de kop fan 't harspit ôfmeand.
Sterke Hearke mat ek o sa sterk west ha, mar dêr wyt ik gjin forhael fan.
Hjir yn 'e Boelensloane wennet Boardzer Bruining. Dy moest altyd lykstaesjes sjen.
Myn man hat it us meimakke, doe hie er nei Koartwâld nei de faem ta west. Doe hied er in dik swart ding foar him. Hy woe der op út dat it in pleachbeest wie.
nl.verhalenbank.27569
By in frommeske komt altyd in manlike nachtmerje, by in man in froulike nachtmerje.
nl.verhalenbank.26188
Wy hienen in man tsjin ús oer wenjen. Dat wie in de Meer.
Dy hie jirpels forboud, dy stienen och sa min.
Ik sei tsjin him: "Hwat stean jimme jirpels min."
"Ja," sei er, "dy binne bitsjoend."
Dat miende dy man echt.
Piter Scheper (1871-1951 A.A.J.) wenne op Luchtenveld (Houtigehage). Hy wie in duvelbander.
nl.verhalenbank.25596